Jûnsliet
1Foar de dirigint. Mei snaarynstruminten. In Davidspsalm.
2As ik rop, antwurdzje my, o God dy’t my rjocht docht
en dy’t my yn ’e benearing ferromming jûn hat.
Wês my genedich en harkje nei myn gebed.
3Jimme, hege hearen, hoelang
sille jimme myn eare te nei komme,
sille jim it hâlde mei dingen-fan-neat,
begien wêze op wat jim ferrifelt?sela
4Tink derom, dat de Heare
my wûndere genedich west hat.
De Heare harket, as ik oan Him rop.
5Wyn jim op, mar bekweadigje jim net,
oertink it op jim rêststee, mar hâld jim stil.sela
6Bring de offers dy’t foarskreaun binne
en betrou op de Heare.
7Gâns minsken tinke: Wa lit ús it goede sjen?
Lit, Heare, it ljocht fan jo antlit oer ús daagje!
8Jo hawwe my mear wille yn it herte jûn
as dy oaren hawwe by de romte fan weet en wyn.
9Yn frede sil ik my deljaan en sliepe,
want Jo allinnich, Heare, jouwe my in feilich honk.