Striid tsjin myn bestriders, Heare
1Fan David.
Heare, striid tsjin myn bestriders,
fjochtsje Jo tsjin myn befjochters.
2Gryp it lytse en it grutte skyld
en kom oerein om my te helpen.
3Slingerje spear en bile
myn ferfolgers yn ’e mjitte.
Sis tsjin my:
Ik bin dyn útrêding.
4Lit beskamme wurde en foar skande stean,
dy’t it op myn libben fersjoen hawwe;
lit tebekskrilje en bekaaid weikomme,
dy’t kwea tsjin my yn ’t sin hawwe.
5Tsjêf op ’e wyn moatte se wurde,
in ingel fan de Heare moat har delstjitte.
6Lit har wei tsjuster en glysterich wêze,
lit de ingel fan de Heare har neisitte.
7Sûnder reden hawwe se my temûk in net spand
en in falkûle foar my groeven.
8Unferhoeds mei it ferdjer oer har komme,
it temûk spande net mei harsels fange;
it ferdjer, se meie der sels ynfalle.
9Ik sil lykwols jubelje om de Heare,
my ferbliidzje om syn útrêding.
10Al wat yn my is, sil sizze:
Heare, wa is lykas Jo?
Dy’t de ellindige befrijt fan dy’t him oermânsk is
en de earme fan dy’t him beroovje wol.
11Falske oankleiers geane oerein;
se ûnderfreegje my oer dingen dêr’t ik neat fan wit.
12Se ferjilde my goed mei kwea
en ik stean alhiel allinne.
13Dochs hie ik – doe’t sy siik wienen – it roukleed oan,
ik pleage mysels mei fêstjen,
mei myn gebed stie ik tsjin mysels.
14As gong it om in freon, ja om in broer,
ik rûn der hinne, as roude ik om ús mem,
ûnder de jiske en alhiel ferbûke.
15Mar sy binne bliid by myn fal en tropje gear,
se tropje tsjin my gear,
klear om te slaan en ik wit fan neat;
se skuorre sûnder ophâlden oan my om.
16Se gnyskje skealik, as ik ferhurde wurd,
se litte my de tosken sjen.
17Hear, hoe lang sille Jo dat oansjen?
Untskuor myn libben oan har tjirgjen,
myn neaken bestean oan dy liuwen.
18Dan sil ik Jo loovje yn ’e grutte gearkomste,
Jo priizje by in mannichte folk.
19Lit de fijannen-sûnder-reden net bliid wêze om my,
lit de haters-sûnder-oarsaak net om my knypeagje.
20Want it is gjin frede, dêr’t se fan prate;
en tsjin de stillen yn it lân
betinke se wurden fol bedroch.
21Tsjin my skuorre se de mûle iepen
en roppe: Moai sa, dat ha wy sels sjoen!
22Heare, ek Jo hawwe dat sjoen, bliuw net dôf,
Hear, bliuw net fier fan my ôf.
23Wurd wekker en bliuw wekker foar myn rjochtsaak,
foar myn pleitsaak, myn God en myn Hear.
24Doch my rjocht, rjochtfeardich dat Jo binne, Heare, myn God,
en lit har gjin wille hawwe om my.
25Lit har net tinke: Ha, wy hawwe ús sin,
en net sizze: Wy hawwe him trochslokt.
26Lit har mei-inoar beskamme wurde en bekaaid weikomme,
dy’t wille hawwe om myn ûnheil;
lit har alhiel beskamme stean, foar skande stean,
dy’t sa út ’e hichte tsjin my dogge.
27Mar lit jubelje en bliid wêze,
dy’t myn rjocht winskje.
Lit har jimmeroan sizze: Grut is de Heare,
dy’t it wolwêzen fan syn feint bedoelt.
28Myn tonge sil jo gerjochtichheid ferkundigje,
al den dei jo lof.