Lof oan de ferlosser
1Halleluja.
Ik tankje de Heare mei it hiele hert
yn ’e rûnte fan ’e frommen en yn ’e gearkomste.
2Grut binne de dieden fan ’e Heare;
dy’t dêr bliid mei binne, hawwe der ûnderfining fan.
3Ferheven en hearlik is syn dwaan
en syn gerjochtichheid bestiet foar ivich.
4Mei syn wûnders hat Er namme makke;
goedgeunstich en barmhertich is de Heare.
5Dy’t ûntsach foar Him hienen, hat Er iten jûn
en altyd tinkt Er oan syn ferbûn.
6Hy hat it folk syn machtsdieden fiele litten,
doe’t Er har it erfskip fan ’e heidenen joech.
7Wier en rjocht binne de wurken fan syn hannen,
betroud binne al syn oarderingen,
8foar ivich en altyd steane se fêst,
yn trou en oprjochtens moatte se dien wurde.
9Syn folk hat Er ferlossing beskikt,
syn ferbûn har foar ivich oplein;
syn namme is hillich en ûntsachlik.
10Untsach foar de Heare is it begjin fan ’e wysheid
en al wa’t dat hat, sjocht it goed.
Syn lof sil ivich bestean.