1Dy’t fan tucht hâldt, hat de kennis leaf,
mar dy’t gjin sizzen hawwe wol, is in bist sûnder ferstân.
2De goede minske stiet by de Heare yn ’e geunst,
mar Hy feroardielet de slûchslimme.
3Gjin minske kin it ferkearde folhâlde,
mar de woartel fan ’e rjochtfeardige is net te ferwrigjen.
4In warbere frou is de kroan fan har man,
mar ien dy’t him te skande makket is as frettend sear yn syn bonken.
5De gedachten fan ’e rjochtfeardige binne rjocht,
mar de foarnimmens fan ’e sûnders binne bedroch.
6It praat fan ’e sûnders betsjut: loere op bloed,
mar de oprjochten wurde troch har eigen mûle rêden.
7De sûnders falle om en wurde wei,
mar it hûs fan ’e rjochtfeardigen bliuwt stean.
8Immen wurdt prize nei ’t er wiis is,
mar ien mei in ferdoarn hert rekket yn ferachting.
9Better lytsachte te wurden en eigen baas te wêzen
as in grutte steat te fieren mei krapte fan brea.
10De rjochtfeardige wit wat syn beesten takomt,
mar it aard fan ’e sûnders is wreed.
11Dy’t syn bou bewurket, hat mear as syn brea;
mar dy’t syn tiid ferdocht, hat gjin ferstân.
12Dêr’t de sûnder op út is, dat wurdt syn eigen ûnheil,
mar de rjochtfeardige slacht de woartels fêst yn ’e grûn.
13De goddeleaze rekket fertize yn ’e sûnden fan syn lippen,
mar de rjochtfeardige ûntkomt oan ’e benaudheid.
14De fruchten fan syn lippen dêr kin in minske him sêd oan ite
en it wurk fan syn hannen komt him grif wer temjitte.
15De wei fan in dwaas is rjocht yn syn eigen eagen,
mar dy’t nei rie harket, is wiis.
16In dwaas lit fuort syn argewaasje blike,
mar dy’t de skande bedekt, is ferstannich.
17Dy’t rûnút de wierheid seit, bringt it rjocht oan it ljocht;
mar in falske getuge bedraacht de boel.
18De wurden fan in rabber binne stekkende dolken,
mar de tonge fan in wiis minske is medisyn.
19Earlik praat sil foar altyd bestean,
mar de falske tonge mar in koart skoft.
20Bedroch is yn it hert fan har, dy’t kwea yn ’t sin hawwe,
mar freugde by har, dy’t op frede oanstjoere.
21Gjin inkeld leed sil de rjochtfeardige oerkomme,
mar de sûnders hawwe mei gâns rampen te krijen.
22Falske lippen hat de Heare in ôfgriis fan,
mar dy’t trou hannelje diele yn syn geunst.
23In ferstannich minske hâldt syn kennis foar him,
mar it hert fan ’e dwazen ropt jin de dwaasheid temjitte.
24De hân fan ’e warberen sil hearskje,
mar sleauwens bringt ta tsjinstberens.
25Soargen bûge it minskehert del,
mar in goed wurd fleuret it op.
26De rjochtfeardige wit it kwea te mijen,
mar de wei fan ’e sûnders bringt har op ’e doele.
27De sleauwe docht noait in goede haal,
mar in warber minske wint in kostber besit.
28Op it paad fan ’e gerjochtichheid is it libben,
mar de wei fan ’e sûnde rint nei de dea.