Doel en grûn fan ’e wysheid
1De spreuken fan Salomo, de soan fan David, de kening oer Israel.
2Se leare jo wysheid en tucht te begripen
en ferstannige wurden nei te kommen,
3se bringe jo heilsume tucht,
gerjochtichheid en oprjochtens;
4ûnbedreaunen bringe se ûnderfining by
en jonge minsken djip ynsjoch.
5As de wize dernei harket, wurdt er noch wizer
en de ferstannige man noch tûker
6om spreuk en byldspraak te ferstean,
de wurden fan wizen en har riedselspreuken.
7Untsach foar de Heare is it begjin fan alle wittenskip,
allinnich dwazen ferachtsje wysheid en tucht.
8Harkje, myn soan, nei de tucht fan jim heit
en fersmyt net, wat jim mem dy leard hat.
9Dat siert ommers dyn holle as in krânse
en dyn hals as in sierkeatting.
Oppasse foar ferkearde minsken
10Myn soan, as sûnders dy meilokje wolle,
gean der dan net op yn.
11As hja sizze: ‘Kom, lit ús loere op bloed,
lit ús ûnskuldigen op it libben gean;
12wy slokke se libbensliif troch mei ham en gram,
sa’t it deaderyk docht mei minsken dy’t yn it grêf sinke;
13wy fine fan alles dat kostber is
en tôgje ús hûs fol roofguod;
14en do silst mei ús parte,
mei-inoar sille wy ien ponge hawwe.’
15Myn soan, gean mei har net op ’en paad,
hâld dyn foet fier fan har wegen ôf,
16want har fuotten stowe op it kweade ta
en se binne der fluch by om bloed te ferjitten.
17Om ’e nocht soe ommers it net útspand wurde
foar fûgels dy’t de eagen iepen hawwe.
18Mar sok folk loert op har eigen bloed
en giet harsels op it libben.
19Sa giet it mei elk dy’t longeret op kwea gewin;
it kostet har besitters it libben.
De wysheid komt mei har warskôging
20De wysheid ropt lûd op ’e strjitte,
op ’e pleinen set se har stim út;
21wêr’t it it drokst is, ropt se,
by de yngong fan ’e stêdspoarten hâldt se har taspraak:
22Hoelang, ûnferstannigen, sille jim it hâlde mei it ûnferstân,
sille de spotters nocht oan ûnnocht hawwe
en de dwazen kennis haatsje?
23Kear jimme nei myn fermoanning,
dan stoart ik myn geast oer jimme út
en doch jim myn wurden te witten.
24Om’t jim net harkje woenen, doe’t ik rôp,
nimmen acht joech, doe’t ik de hân útstiek,
25om’t jim myn rie alhiel gjin acht sloegen
en fan myn fermoanning net witte woenen,
26dêrom sil ik laitsje om jimme ûndergong,
ik sil spotte, as jim ferskrikking komt,
27as jim ferskrikking opbroeit as swier waar,
jim ûndergong losboarst as in stoarm,
as eangst en benaudens op jim ta komme.
28Dan sille se my roppe, mar ik jou gjin antwurd,
dan sille se my sykje, mar my net fine.
29Omdat se de kennis hate hawwe
en it ûntsach foar de Heare net foar kar nommen ha,
30omdat se myn rie net oannommen hawwe
en fan myn fermoanningen neat witte woenen,
31dêrom krije se har fertsjinne lean
en har eigen plannen sille har raar opbrekke.
32Want har ôffal docht ûnferstannigen de dea
en har soargeleazens bringt dwazen nei de ûndergong.
33Mar dy’t nei my harket, kin rêstich libje
en hoecht foar gjin ûnheil bang te wêzen.