De wiere rjochtfeardigens
1By einsluten, myn bruorren, wês bliid yn ’e mienskip mei de Hear. It is foar my gjin beswier om jimme nochris itselde te skriuwen en it jout jimme wissichheid. 2Tink om ’e hûnen, tink om ’e arbeiders dy’t ferkeard wurk meitsje, tink om ’e tesnienen! 3Want wy binne de wiere besnienen, wy dy’t troch Gods Geast oanbidde en dy’t grut geane op Kristus Jezus en net betrouwe op uterlike dingen. 4Ik soe my oars ek skoan op dy uterlike dingen beroppe kinne. As in oar mient dat er him dêrop beroppe kin, dan ik noch helte mear. 5Ik bin, doe’t ik in wike âld wie, besnien. Ik bin in Israelyt fan komôf út ’e stam fan Benjamin, in Hebreeër op-en-út, yn it neifolgjen fan ’e wet in Fariseeër. 6Ja, ik wie sa fûl, dat ik ferfolge de tsjerke. Yn it wettysk neikommen fan ’e geboaden wie ik sûnder lek of brek.
7Mar wat winst foar my wie, sjoch ik no om Kristus’ wil as ferlies. 8Ja, noch sterker, ik sjoch alles as ferlies, want it kennen fan Kristus Jezus, myn Hear, giet alles te boppe. Om Him rekkenje ik alles as ferlies en it is by my ûnrant as ik Kristus mar winne mei 9en yn Him burgen wêze mei. Dan haw ik net langer myn eigen gerjochtichheid mei’t ik my oan ’e wet hâld, mar de gerjochtichheid troch it leauwen yn Kristus, de gerjochtichheid dy’t fan God komt en grûndearre is op it leauwen. 10It giet my derom dat ik Him ken en de krêft fan syn ferrizenis ûnderfyn en diel haw oan syn lijen, troch oan Him gelyk te wurden yn syn dea. 11Ik doch tige myn bêst om sa te kommen ta de ferrizenis út ’e dea.
Op it doel ta rinne
12Net dat ik it al grepen haw of al folslein bin, mar ik sit der achteroan om it te gripen, want dêrfoar hat Kristus my grepen. 13Bruorren, ik nim wier net fan mysels oan, dat ik der al beslach op lein haw, mar ien ding haw ik foar eagen: ferjitte wat achter my is, en rikke nei wat foar my leit. 14Ik rin sa hurd as ik kin, op it doel ta om de priis te winnen: dat God my nei syn himel ropt troch Kristus Jezus. 15Sa moatte wy allegearre dy’t geastlik folwoeksen binne, deroer tinke. As jimme yn it ien of oar it net iens binne, sil God jimme ek dêr wol klearrichheid oer jaan. 16Yn alle gefal, safier binne wy kommen; lit ús no oer deselde boech fierder gean.
17Doch altiten lykas ik, bruorren, en sjoch nei harren dy’t sa libje, neffens it foarbyld dat ik jimme jûn haw. 18Want gâns minsken libje as fijannen fan it krús fan Kristus. – Ik haw jimme dat al sa faak sein en sis it nochris mei triennen yn ’e eagen. – 19Dat giet ta op har ûndergong, it liif is har ôfgod, se binne grutsk op har skande, se tinke allinnich mar oan ierdske dingen. 20Wy ommers binne boargers fan ’e himel; dêr ferwachtsje wy de Hear Jezus Kristus ek as ferlosser wei. 21Hy sil ús jammerdearlik lichem feroarje en it deselde foarm jaan as syn hearlik lichem troch syn macht, dêr’t Er ek alle dingen mei ûnder Him bringe kin.