Hoe’t de Israeliten har legerje moatte
De Heare sei tsjin Mozes en Aäron: De Israeliten moatte har legerje, elk by syn eigen findel, by de fjildtekens fan har stamhuzen. Se moatte har om de tinte fan ’e moeting hinne legerje, mar op in distânsje.
Op ’e eastkant, dêr’t de sinne opgiet, legerje har de ôfdielings dy’t by it findel fan kamp Juda hearre. De lieder fan ’e Judeeërs wie Nachson, de soan fan Amminadab. Syn leger, teld en al, bestie út 74.600 man. Njonken harren moat de stam Issaskar him legerje. De lieder fan ’e Issaskariten wie Netanel, de soan fan Sûar. Syn leger telde mei-inoar 54.400 man. Dan komt de stam Sebûlon. De lieder fan ’e Sebûloniten wie Eliab, de soan fan Chelon. Syn leger telde mei-inoar 57.400 man. Alle telden fan ’e ôfdielings dy’t by kamp Juda hearden wienen mei-inoar 186.400. Dy moatte earst opbrekke.
Oan ’e súdkant moat it findel fan kamp Rûben mei syn ôfdielings stean. Lieder fan ’e Rûbeniten wie Elisûr, de soan fan Sjedeûr. Syn leger telde mei-inoar 46.500 man. Njonken him moat de stam Simeön him legerje. Lieder fan ’e Simeöniten wie Sjelûmiël, de soan fan Sûrisjaddai. Syn leger telde mei-inoar 59.300 man. Dan komt de stam Gad. Lieder fan ’e Gaditen wie Eljasaf, de soan fan Reûël. Syn leger telde mei-inoar 45.650 man. Alle telden fan ’e ôfdielings dy’t by kamp Rûben hearden, wienen mei-inoar 151.450 man. Dy moatte twad opbrekke.
Dan brekt de tinte fan ’e moeting op: it kamp fan ’e Leviten, dat midden tusken de oare kampen yn leit. De folchoarder dêr’t se yn legere binne, elk by syn eigen findel, bliuwt by it opbrekken deselde.
Oan ’e westkant moat it findel fan kamp Efraïm mei syn ôfdielings stean. Lieder fan ’e Efraïmiten wie Elisjama, de soan fan Ammihûd. Syn leger telde mei-inoar 40.500 man. Njonken him moat de stam Manasse him legerje. Lieder fan ’e Manassiten wie Gamliël, de soan fan Pedasûr. Syn leger telde mei-inoar 32.200 man. Dan komt de stam Benjamin. Lieder fan ’e Benjaminiten wie Abidan, de soan fan Gidony. Syn leger telde mei-inoar 35.400 man. Alle telden fan ’e ôfdielings dy’t by kamp Efraïm hearden, wienen mei-inoar 108.100 man. Dy moatte tred opbrekke.
Oan ’e noardkant moat it findel stean fan kamp Dan mei syn ôfdielings. Lieder fan ’e Daniten wie Achiëzer, de soan fan Ammisjaddai. Syn leger telde mei-inoar 62.700 man. Njonken him moat de stam Azer him legerje. Lieder fan ’e Azeriten wie Pagiël, de soan fan Okran. Syn leger telde mei-inoar 41.500 man. Dan komt de stam Naftaly; lieder fan ’e Naftaliten wie Achira, de soan fan Enan. Syn leger telde mei-inoar 53.400 man. Alle telden fan ’e ôfdielings dy’t by kamp Dan hearden, wienen mei-inoar 157.600 man. Neffens de folchoarder fan har findels moatte dy lêst opbrekke.
It tal Israeliten, sa’t se neffens har stamhuzen yn ’e kampen teld wienen, wie mei-inoar 603.550 man. Sa’t de Heare Mozes hjitten hie, waarden de Leviten net by de oare Israeliten teld. De Israeliten dienen krekt sa’t de Heare it Mozes opdroegen hie. Yndield neffens har findels, sa legeren se har en sa brieken se ek wer op, in elk by syn geslacht en by syn famylje.