Nehemia 5
Nehemia set de hegerein te plak
1Der kaam in tiid, dat it gewoane folk him fûl tsjin har Joadske lânslju oppenearre, benammen de froulju. 2Guon seinen: Wy hawwe hiel wat soannen en dochters en wy moatte nôt hawwe om te iten en yn it libben te bliuwen. 3Der wienen ek guon dy’t seinen: Us ikkers, ús druvehôven en ús tunen moatte wy yn ûnderpân jaan om oan nôt te kommen en net te ferhongerjen. 4Dan wienen der guon dy’t seinen: Wy hawwe jild foar de keninklike belesting liend op ús ikkers en ús druvehôven. 5No, en ús bruorren binne fan itselde fleis en bloed as wy, ús soannen binne net minder as harres en wy moatte ús soannen en dochters twinge om slaven te wurden! Ja wier, guon fan ús dochters binne al twongen en wy kinne der neat oan dwaan. En ús ikkers en druvehôven binne in oar sines.
6Doe’t ik dat lûde geskriem hearde en fernaam hoe’t it der bystie, waard ik kûgels. 7Ik liet it yn my omgean en joech doe de hege hearen en de riedslju in skrobbearring. Ik sei tsjin har: Elk fan jimme nimt woekerrinte fan syn bruorren! En ik belei in grutte gearkomste. 8Doe sei ik tsjin har: Wy hawwe safolle mooglik ús bruorren, de Joaden frijkocht, dy’t oan ’e heidenen ferkocht wienen. En woenen jimme no jim bruorren sels noch ferkeapje en sille se dan oan ús ferkocht wurde? Doe wie it stil, hja koenen gjin wurd mear fine. 9Ik gong troch: It is goed mis, wat jimme dien hawwe. Soenen jimme jim paad net gean yn ûntsach foar ús God, dat ús heidenske fijannen de kâns net krije en berabje ús? 10Ik, myn bruorren en myn feinten, liene har ek jild en nôt. Lit ús in skras helje troch dy skuld. 11Jou har dochs hjoed noch har ikkers, druvetunen, olivehôven en huzen werom, ek de rinte fan it jild mei it koarn, it druvesop en de oalje dy’t jimme har foarsketten hawwe. 12Doe seinen hja: Wy sille it weromjaan, wy sille it net wer fan har opfreegje. Wy sille dwaan wat jo sein hawwe. Dêrnei liet ik swarre – ik hie de prysters derby roppen – dat se ek dwaan soenen sa’t se sein hienen. 13Ik die mear: de tearen oer it boarst fan myn boppekleed skodde ik derút en sei: Krektlyk sil God elke man dy’t him net oan dit wurd hâldt, út syn hûs en wat er bedijd hat, skodzje. Krektsa útskodde sil er wêze, leech! De hiele gearkomste sei: Amen en hja prizen de Heare. It folk die, sa’t sein wie.
In foarbyld foar syn folk
14Dêr kaam by: sûnt de kening my yn it lân fan Juda as lânfâd oansteld hie, haw ik net de kost fan in lânfâd iten, likemin as myn bruorren. Dat wie fan it tweintichste oant it twaëntritichste jier fan kening Artachsjasta: tolve jier. 15De lânfâden foar my hawwe it folk wol swiere lêsten oplein. Hja hawwe har brea en wyn ôfnommen en letter noch fjirtich sulveren sikkels deis. Sels har feinten hawwe de baas spile oer it folk. Mar ik haw sa net dien út ûntsach foar God. 16Ik haw yn ’e skrep west by it wurk oan dizze muorre, mar wy hawwe der net in stik lân mei bedijd. Ek al myn feinten wienen dêr mei-inoar oan it wurk. 17As gast oan tafel hie ik hûndert en fyftich lieders fan ’e Joaden en dy’t by ús kommen wienen fan ’e folken om ús hinne. 18Elke dei moast der reemakke wurde: in ko, seis poerbêste skiep en ek noch fûgelguod. Dat waard allegearre op myn rekken opdist. Om ’e tsien dagen moast der in oerfloed fan ferskate soarten wyn by. Mar likegoed haw ik net nei de kost fan ’e lânfâd taald. It folk hie al sa’n swiere sile te lûken. 19Wol, myn God, dochs goed om my tinke om alles wat ik oan dit folk dien haw!
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap