Wa’t oan it bouwen meidogge
1Eljasjib, de hegepryster, sette mei syn bruorren, de prysters, út ein en boude de Skieppepoarte. Hja fregen de segen deroer en dienen der doarren yn. Dy segen fregen se ek oer de Toer fan ’e Hûndert en oer dy fan Chananael. 2Njonken har bouden de lju fan Jericho; dêrnjonken boude Sakkûr, de soan fan Imry. 3De soannen fan Hassenaä bouden de Fiskpoarte. Se leinen der in souder op en brochten der doarren yn mei de skoattels en de dwersbalken. 4Njonken har wie Meremot, de soan fan Oeria, de soan fan Hakkûs, oan it byhelpen. Dêrnjonken wie Mesjûllam, de soan fan Berekja, de soan fan Mesjezabel dwaande. Dêrnjonken wie Sadok, de soan fan Baäna warber. 5Dêrnjonken wienen de Tekoïten oan ’e slach. Mar de lju fan oansjen by har setten de skouders net ûnder it wurk fan har hear. 6Jojada, de soan fan Paséach en Mesjûllam, de soan fan Besodja, holpen de Alde Poarte by. Se leinen dêr in souder op en brochten der doarren yn oan mei de skoattels en de dwersbalken. 7Dêrnjonken holpen de Gibeönyt Melatja en de Meronotyt Jador, de lju fan Gibeön en Mispa, dêr’t de troan fan ’e lânfâd fan Oare kant-de rivier stiet. 8Dêrnjonken wie Oezziël, de soan fan Charhaja, út in laach fan goudsmidden oan it wurk en njonken him wie Chananja yn it spier, hy hearde ta de salvemingers. Hja joegen it wurk oan Jeruzalem oer, doe’t se oan ’e brede muorre takommen wienen. 9Njonken him wie Refaja, de soan fan Chûr, befelhawwer fan ’e heale krite fan Jeruzalem oan it opknappen. 10Dêrnjonken wie Jedaja, de soan fan Charûmaf, dwaande en dat wie foar syn hûs oer. En njonken him Chattûsj, de soan fan Chasjabneja.
11In oar stik ferholpen Malkai, de soan fan Charim en Chassjûb, de soan fan Pachat-Moäb, ek de Toer fan ’e Bakoven. 12Dêrnjonken wie Sjallûm oan it wurk, de soan fan Hallochesj, mei syn dochters. Hy wie de befelhawwer fan ’e oare helte fan ’e krite Jeruzalem. 13Mei de Dellingpoarte hienen Chanûn en de ynwenners fan Sanoäch it drok. Se bouden dy wer op. Se brochten der doarren mei de dwersbalken en skoattels yn. Boppedat dienen se noch tûzen jellen fan ’e muorre oan de Dongpoarte ta. 14Mei de Dongpoarte wie Malkía, de soan fan Rekab, de befelhawwer fan ’e krite fan Bet-Kearem, yn ’e skrep. Hy boude dy wer op en brocht der doarren mei dwersbalken en skoattels yn. 15De Wellepoarte waard it wurk fan Sjallûn, de soan fan Kol-Chozê, de befelhawwer fan ’e krite fan Mispa. Hy boude dy wer op, lei der in souder op en brocht der doarren mei dwersbalken en skoattels yn. Boppedat die er de muorre fan ’e Wetterliedingfiver by de tún fan ’e kening, oan de treppen ta dy’t út ’e Davidsstêd wei delrinne.
16Fierderop wie Nechemja dwaande, de soan fan Azbûk, de befelhawwer fan ’e heale krite fan Bet-Sûr, oant foar de grêven fan David oer, de útslatten fiver en it hûs fan ’e helden. 17Wer fierderop wienen de leviten yn ’e skrep; Rechûm, de soan fan Bany. Njonken him Chasjabja, de befelhawwer fan in heale krite fan Keïla, foar syn krite. 18Njonken him wienen har bruorren dwaande: Bawwai, de soan fan Chenadad, de befelhawwer fan it oare part fan ’e krite fan Keïla. 19Dêrnjonken ferholp Ezer, de soan fan Jesjûa, de befelhawwer fan Mispa in oar part: de hoeke foar de opgongen nei it hûs fan ’e wapenrissing oer. 20Dan sette Barûch, de soan fan Sabbai, wakker ta mei in oar stik, fan ’e hoeke ôf oant de yngong fan it hûs fan ’e hegepryster Eljasjib. 21Fierderop wie Meremot, de soan fan Oería, de soan fan Hakkûs, mei wer in stik oan it byhelpen, fan ’e yngong fan it hûs fan Eljasjib oant de ein fan dat hûs.
22Dêrnjonken wienen de prysters út ’e omkriten oan ’e skrep. 23Dêrnêst wienen Benjamin en Chassjûb foar har hûs oer oan it byhelpen. En dêr wer njonken Azarja, de soan fan Maäséja, de soan fan Ananja by syn eigen hûs. 24Binnûi, de soan fan Chenadad, sette him op in oar wurk, fan it hûs fan Azarja oant de hoeke ta fan ’e Punt. 25Palal, de soan fan Oezai, die it ein fan foar de Punt en de hege toer oer, dy’t útstiket boppe it keninklik paleis by it foarhôf fan ’e wachtpost en njonken him Pedaja, de soan fan Parosj mei it wurkfolk fan ’e timpeltsjinst. 26Dy hienen har nei wenjen set op ’e Ofel. Hja makken dien wurk it easten yn, oant foar de Wetterpoarte en de útspringende toer oer.
27Wer fierderop setten de Tekoïten mei in oar part út ein, fan ’e útspringende toer ôf oan ’e muorre fan ’e Ofel ta. 28Fan ’e Hynstepoarte ôf wienen de prysters dwaande, elk foar syn hûs oer. 29Fierderop wie Sadok, de soan fan Immer, foar syn hûs oer yn it spier. Wer fierderop wie Sjemaja, de soan fan Sjekanja, de wachter fan ’e Easterpoarte oan it byhelpen. 30Dêrnjonken fernijden Chananja, de soan fan Sjêlemja en Chanûn, de sechste soan fan Salaf, in oar part. Dan wie Mesjûllum, de soan fan Berekja yn ’e skrep foar syn keamer oer. 31Nei him wie Malkía dwaande, de soan fan in goudsmid, oan it hûs fan it wurkfolk fan ’e timpeltsjinst en de keaplju ta, fan ’e Ynspeksjepoarte ôf oant de boppeseal op ’e hoeke. 32En tusken de boppeseal op ’e hoeke en de Skieppepoarte ferholpen de goudsmidden en de keaplju lek en brek.
Lekskoaien keart it wurk net op
33Mar doe’t Sanballat hearde, dat wy te set wienen mei it bouwen fan ’e muorre fan Jeruzalem, waard er poer, ja wie sljocht fan lilkens. Hy lekskoaide op ’e Joaden. 34Hy swetste en die, syn bruorren en it soldatefolk fan Samaria derby, en sei: Wat hawwe dy stumpers fan Joaden no by de ein? Sil men har mar trochpiele litte? Wolle se it hjoed al oprêde? Wolle se de stiennen út ’e stofbulten libben meitsje? Dy binne ommers ferbaarnd?
35Tobía, de Ammonyt, hâlde him selskip en dy sei: Al bouwe se noch sa, as der mar in foks by opspringt, skuort dy stiennen muorre fan har al wer! 36Harkje, o ús God, want wy binne ta weismiten keard. Lit har skimperij wer op har eigen holle delkomme! Meitsje har fûgelfaai yn in lân dêr’t se fêst sitte! 37Sljochtsje har oertrêdings net oer, lit har sûnden foar jo antlit net útwiske wurde! Hja hawwe ommers de lju grimmitich makke tsjin ’e bouwers! 38Likegoed bouden wy de muorre wer op en hawwe de hiele muorre ticht krige op ’e heale hichte. Der siet kriich yn it folk, dat se woenen wakker arbeidzje.