Tobía wurdt ferballe
1Doedestiids waard der foar it folk út it boek fan Mozes lêzen. Sa fûnen se dêryn beskreaun, dat der nea ofte ninter in Ammonyt of Moäbyt yn ’e gemeente fan God komme mocht. 2Dy wienen ommers de Israeliten net mei iten en drinken temjitte kommen, mar hienen Bileäm tsjin har hierd om har te ferflokken. Us God hat lykwols dy flok yn segen omkeard. 3Doe’t se de wet heard hienen, hawwe se alle ferbastere skaai út Israel ôfsûndere. 4Foartiid wie Eljasjib, de pryster, oansteld oer de keamerromte fan it hûs fan ús God. Hy wie besibbe oan Tobía. 5No hied er foar dy in grutte keamer ynrjochte. Yn it foarige setten se dêr it moaloffer del en de wijreek, it ark, de tsienden fan nôt, druvesop en oalje, ornearre foar de leviten, de sjongers en de poartewachters mei de skatting foar de prysters.
6Doe’t dat him allegearre ôfspile, wie ik net yn Jeruzalem, want yn it twaëntritichste jier fan kening Artachsjasta fan Babel, wie ik nei de kening tagien. Mar mei ferrin fan tiid frege ik de kening om frij. 7Sa kaam ik yn Jeruzalem en murk watfoar slim fyt Eljasjib yn it foardiel fan Tobía útheefd hie. Dêr hied er him in keamer yn ’e foarhôven fan it hûs fan God reemakke! 8Dat sinnige my min, dat ik reage it húsrie fan Tobía allegearre út ’e keamer nei bûten ta. 9Op myn bestel hawwe se doe de keamer himmele. Dêrnei haw ik it ark fan it hûs fan God mei it moaloffer en de wijreek der wer ynbrocht.
De fersoarging fan ’e leviten wer op oarder
10Ik fernaam ek, dat de bydragen foar de leviten net jûn wienen. Elk hie ûntwyk socht nei syn eigen lape grûn, sawol de leviten as de sjongers dy’t tsjinst hienen. 11Doe beskrobbe ik de gemeentefoargongers en sei: Wêrom is it hûs fan God ferlitten? Ik brocht se byinoar en sette se wer op har stee. 12Dêrop brocht hiele Juda de tsienden fan it nôt, it druvesop en de oalje nei de foarriedkeamers. 13Ik stelde oer de foarriedkeamers oan: pryster Sjêlemja, skriuwer Sadok en Pedaja fan ’e leviten; om har by te stean: Chanan, de soan fan Sakkûr, de soan fan Mattanja. Hja gongen nammentlik foar fertroud en hienen it op ’e noed om har bruorren har part te jaan.
14Betink my hjirom, o myn God, en fei myn dieden fan leafde net út, dy’t ik foar it hûs fan myn God en syn tsjinsten dien haw!
Nehemia komt foar de sabbat op
15Yn dy dagen seach ik guon yn Juda, dy’t op ’e sabbat de wynparsen trapen, heapen nôt op ezels loegen en sa ynhellen, ek wyn, druven, figen en allerhanne oare frucht op ’e sabbatdei yn Jeruzalem brochten. Ik begûn tsjin te abbelearjen, doe’t se dy deis iten ferkochten. 16De Tyriërs dy’t dêr wennen, brochten ek fisk en alle soarte hannelswaar en ferkochten dat op ’e sabbat oan ’e Judeeërs en dat noch wol yn Jeruzalem. 17Doe beskrobbe ik de eallju fan Juda. Ik sei tsjin har: Wat is dat foar min dwaan dat jim útheve? Dat ûnthilliget my dêr de sabbatdei! 18Hawwe jimme foarfaars net krektsa dien en hat ús God doe net oer ús en dizze stêd al dat lijen brocht? Jimme binne dwaande syn gleone grime oer Israel noch grutter te meitsjen mei it ûnthilligjen fan ’e sabbat.
19Tenei gong it sa om en ta: As, foar de sabbat, de skaden oer de poarten fan Jeruzalem foelen, hiet ik de poartedoarren te sluten. Ik hiet derby se net iepen te dwaan oant nei de sabbat. Ik sette guon fan myn jongfeinten by de poarten, dat der gjin frucht op ’e sabbatdei ynkomme soe. 20Mar doe brochten de kreamers en de ferkeapers fan allerhande hannelswaar in kear of wat de nacht troch bûten Jeruzalem. 21Ik warskôge se, ik sei tsjin har: Wêrom bliuwe jimme de nacht oer foar de muorre? As jimme dat nochris weagje, sil ik de hannen nei jimme útstekke! Sûnt dy tiid kamen se net mear op ’e sabbat. 22Ik hiet ek de leviten har te suverjen en dan te kommen foar de wacht oer de poarten om de sabbatdei hillich te hâlden. – Betink my ek dêrom, o myn God, en wol my ûntsjen, goed en trou dat Jo binne.
Opsternaat om de frjemde froulju
23Dyselde tiid seach ik ek de Joaden dy’t Asjdodityske, Ammonityske en Moäbityske froulju yn ’e hûs nommen hienen. 24De helte fan har bern praten Asjdoditysk; Joadsk prate koenen se net mear. It wie in griemmank fan ’e talen fan dy folken. 25Ik lies har it leksum, ja, ik ferflokte har, ik dekte guon fan dy manlju ôf en ropte har it hier út ’e holle. Doe beswarde ik har by God: O, as jimme jim dochters oan har soannen jouwe of har dochters foar jimme soannen en foar jimsels nimme! 26Is Israels kening Salomo dêr net troch ta sûnde kommen? Under de heidenen, hoe machtich ek yn tal, wie gjin kening dy’t syn gelikens wie. Syn God hie him leaf en makke him kening oer hiele Israel. Likegoed brochten de frjemde froulju sels him ta sûnde. 27Soenen wy der no yn meigean, dat jimme al dat grutte kwea mar dogge, de trou oan ús God mar brekke troch frjemde froulju by jim wenje te litten?
28No wie ien fan ’e soannen fan Jojada, de soan fan hegepryster Eljasjib, skoansoan wurden fan Sanballat, de Choronyt. Dêrom bande ik him by my wei.
29– Tink der dochs oan, myn God, dat se it prysterskip besmodze hawwe en it ferbûn fan it prysterskip en de leviten!
30Sa haw ik se suvere fan alles wat frjemd is. Fierder stelde ik de tsjinstopdrachten fan ’e prysters en de leviten fêst, in elk neffens syn wurk. 31Dat die ik ek foar it leverjen fan hout op fêststelde tiden en fan it earste oeral fan. – O myn God, betink my dochs te’n goede!