Foar Juda
1Sjoch, dêr fljocht de heilboade oer de bergen
mei dit fredesboadskip:
Juda, fier dyn feesten mar!
Kom dyn geloften nei,
want de dogeneat sil by dy net mear yn- en útgean,
hy is foargoed út ’e wei.
2Under dyn eagen komme de ferstruiden werom.
Set wachten út! Hâld de wei yn ’t each!
Ris dy út! Set al dyn krêften by!
3Want de Heare komt werom mei de gloarje fan Jakob,
mei de gloarje fan Israel,
want útrûpelers sille de lju fan Ninevé útrûpelje en har soldaten ôfslachtsje.
4It skyld fan de Heare syn striders is read opferve,
de striidbere mannen binne klaaid yn read skarlekken.
It stiel fan ’e striidweinen fûnkelt deroer, as it leger yn slachoarder opsteld wurdt,
en de spearen wurde hinne-en-wer swaaid.
5De weinen raze troch de strjitten
en stowe ôf-en-oan de pleinen oer;
it lykje wol fakkels, as de wjerljocht sjitte se hinne-en-wer.
6Hy ropt syn kartroepen op:
se stroffelje oer har eigen skonken,
sa hastich sette se op ’e muorre ta;
dêr sette se it stoarmdak al op.
7De kearslûzen oan ’e rivier wurde iepen set;
dêr sakket it paleis al yn elkoar.
8De prinsesse wurdt meinommen,
de ballingskip yn,
har tsjinstfammen jammerje as koerende dowen,
se slagge harsels fan wanhoop foar ’t boarst.
9Ninevé is as in fiver dêr’t it wetter út weirint.
Stean bliuwe! Stean bliuwe! – wurdt der roppen –
mar gjinien dy’t him omkeart.
10Roovje sulver, roovje goud,
der komt gjin ein oan ’e rykdom,
de kostberheden binne net oer te sjen!
11Plondering, roof, fernielderij,
fersleine herten, sloppe knibbels,
ferlamme lea, en allegear belutsen gesichten!
12Wat is der noch oer fan dat liuwenêst,
dy jonge-liuwehoale dêr’t de liuw hinnegong om it in plak te jaan,
dêr’t gjinien him opskrille?
13De liuw dy’t foar syn jongen op roof útgong
en foar syn liuwinnen moarde,
dy’t syn hoale fol tôge mei roof
en syn leger mei wat er ferskuord hie?
14Sjoch, Ik sil dy! – is de godsspraak fan de Heare Almachtich –
Ik lit dyn rykdom yn reek opgean,
it swurd sil dyn jonge liuwen fersline,
dyn roof sil Ik weireagje fan ’e ierde
en it lûd fan dyn gesanten sil net mear heard wurde.