It komplot om Jezus te deadzjen
1It wie mei twa dagen Peaske en it feest fan it ûnsuorre brea. De hegeprysters en de wetlearaars besochten út te finen, hoe’t se Jezus temûk yn har macht krije en deameitsje koenen. 2Se tochten: Net op it feest, want it moat gjin opskuor jaan by it folk.
De balseming yn Betanië
3Doe’t Er yn Betanië wie, by Simon de melaatske yn ’e hûs, en dêr oan tafel lei, kaam der in frou mei in albasteren flesse fol echte djoere nardusbalsem. Nei’t se de flesse iepenbrutsen hie, geat se Him dy oer de holle út. 4No wienen der guon, dy’t lilk tsjininoar seinen: Wat jout no sok weismiten fan ’e balsem? 5Dy balsem hie ommers wol foar mear as trijehûndert denaarjes ferkocht wurde kinnen en dat jild oan ’e earmen jûn. Se wienen poer op har. 6Mar Jezus sei: Lit har gewurde; wêrom falle jimme har lestich? It is in goede died dy’t se oan My dien hat. 7Earmen hawwe jimme altiten wol by jimme; hàr kinne jimme goeddwaan, wannear’t jim mar wolle; mar Mỳ hawwe jimme net altiten. 8Hja hat dien, wat se koe; se hat myn lichem al yn it foar balseme foar de begraffenis. 9Wier, Ik sis jimme: Wêrearne op ’e hiele wrâld it bliid boadskip ferkundige wurdt, dêr sil ek, om har te betinken, ferteld wurde wat sij dien hat.
Judas is ree om Jezus oer te leverjen
10Doe gong Judas Iskariot, ien fan ’e tolve, nei de hegeprysters om Him oan harren oer te leverjen. 11Dy wienen bliid, doe’t se dat hearden en se seinen, dat se him derfoar betelje soenen. En hy loerde op in goede gelegenheid om Him oer te leverjen.
It peaskemiel mei de learlingen
12Op ’e earste dei fan it feest fan it ûnsuorre brea, de dei fan it peaskelaamslachtsjen, seinen syn learlingen tsjin Him: Wêr wolle Jo, dat wy hinnegeane om it peaskemiel foar Jo ree te meitsjen? 13Doe stjoerde Hy twa fan syn learlingen derop út en sei tsjin harren: Gean de stêd yn en dêr sil jim dan in man mei in krûkwetter temjitte komme, 14dy moatte jimme achternei gean en tsjin de eigener fan it hûs dêr’t er yngiet, sizze: De Master freget: Wêr is myn seal, dêr’t Ik mei myn learlingen it peaskemiel ite kin? 15Hy sil jimme dan in grutte boppeseal wize, mei alles wat der wêze moat. Meitsje dêr alles foar ús ree. 16De learlingen gongen fuort, kamen yn ’e stêd, fûnen it krekt sa’t Er harren sein hie, en makken it peaskemiel ree.
17De jûns gong Jezus der mei syn learlingen hinne. 18Doe’t se by de tafel leinen te iten, sei Jezus: Wier, Ik sis jimme: Ien fan jimme sil My útleverje, ien dy’t no mei My yt. 19Dêr begûnen se muoilik ûnder te wurden en elk foar oar sei tsjin Him: Ik dochs net, wol? 20Hy sei tsjin harren: Ien fan ’e tolve, ien dy’t mei My syn brea yn ’e panne dipt. 21De Minskesoan giet wol hinne, sa’t oer Him beskreaun stiet, mar wee dy man, troch wa’t de Minskesoan ferret wurdt. It hie better foar him west, as er noait berne wie, dy man.
De ynstelling fan it hillich miel
22Under iten naam Er brea, segene it, briek it, joech it harren en sei: Nim dit, it is myn lichem. 23Doe naam Er in beker, spriek it tankgebed út, joech harren de beker en allegearre dronken se derút. 24En Hy sei tsjin harren: Dit is myn Ferbûnsbloed, dat foar gâns minsken fergetten wurdt. 25Ja, Ik sis jimme, Ik sil net mear drinke fan ’e frucht fan ’e wynstôk oan dy dei ta, dat Ik dy nij drinke sil yn it keninkryk fan God. 26Nei’t se de lofsang songen hienen, gongen se nei de Oliveberch.
Jezus seit, dat Petrus Him strak net kenne wol
27Jezus sei tsjin harren: Jimme sille allegear stroffelje; der stiet ommers yn ’e Skrift: Ik sil de hoeder slaan en de skiep sille fersille reitsje. 28Mar nei myn ferrizenis sil Ik jimme foarút gean nei Galiléa. 29Doe sei Petrus tsjin Him: Al stroffelje se ek allegearre, ikke net. 30Jezus sei tsjin him: Wier, Ik sis dy: Hjoed noch, yn dizze eigenste nacht, silst trije kear sizze, datst My net kenste, noch ear’t de hoanne twa kear kraaid hat. 31Mar mei noch mear klam hâlde Petrus út: Al moat ik mei Jo stjerre, ik sil noait sizze, dat ik Jo net ken. En sa praten se allegearre.
It gebed yn Getsémané
32Se kamen op in stee dat Getsémané hjit, en Jezus sei tsjin syn learlingen: Gean hjir sitten, wylst Ik bid. 33Petrus, Jakobus en Johannes naam Er mei en Hy begûn tige ûntheistere en mismoedich te wurden. 34Hy sei tsjin harren: Myn hert is fol fertriet, as soe Ik stjerre; bliuw hjir en wês wach. 35Doe gong Er in eintsje fierderop, liet Him oer de grûn falle en bidde, dat dy oere Him foarbygean mocht, as it mooglik wie. 36Abba, Heit, sa bidde Er, Jo hawwe alles yn ’e macht; lit dizze beker My foarbygean, mar net wat Ik wol, mar sa’t Jo it wolle.
37Doe’t Er weromkaam, fûn Er harren yn ’e sliep. Hy sei tsjin Petrus: Simon, sliepsto? 38Koest net ien oere wekker bliuwe? Bliuw wekker en bid, dat jimme net yn gefaar fan sûnde reitsje. De geast wol wol, mar it lichem is swak. 39Wer gong Er fuort en bidde mei deselde wurden.
40Doe’t Er weromkaam, fûn Er harren wer yn ’e sliep, want de eagen wienen har swier. Se wisten net, wat se sizze soenen. 41Hy kaam noch in tredde kear en sei tsjin harren: Sliepe jimme no mar troch en rêst út. Foar My is it tiid, it is safier. Sjoch, de Minskesoan wurdt oerlevere yn ’e hannen fan ’e sûnders. 42Toe, kom oerein, myn ferrieder is tichteby.
Jezus ferret en oppakt
43Hy hie dy wurden noch net sein, of dêr wie Judas al, ien fan ’e tolve en by him in binde folk mei swurden en stokken; se wienen derop útstjoerd troch de hegeprysters, de wetlearaars en de âldsten. 44De ferrieder hie mei harren in teken ôfpraat: Dy’t ik in tút jou, dy is it; pak Him oan en bring Him fuort ûnder skerp tafersjoch. 45Hy rûn rjocht op Him ta en sei: Master! en joech Him in tút. 46Se sloegen de hannen oan Him en hâlden Him fêst. 47Ien fan ’e omstanners luts it swurd, houde op ’e feint fan ’e hegepryster yn en sloech him in ear ôf. 48Doe sei Jezus tsjin harren: As gong it om in rover, sa binne jim derop útgien om My mei swurden en stokken te fangen. 49Dei oan dei wie Ik by jimme en joech ûnderrjocht yn ’e timpel. Doe hawwe jim My gewurde litten. Mar sa moast de Skrift útkomme. 50Doe lieten de learlingen Him allegearre yn ’e steek en namen de wyk.
De jongfeint dy’t útnaaide
51Mar in jongfeint gong Him achternei. Dy hie in linnense doek om it bleate liif. Se woenen him pakke, 52mar hy liet de doek los en naaide neaken út.
Jezus foar de Rie
53Se brochten Jezus by de hegepryster. Dêr wienen alle hegeprysters, âldsten en wetlearaars byinoar kommen. 54Petrus folge Him fan fierren oant yn it foarhôf fan ’e hegepryster; dêr siet er by it tsjinstfolk en waarme him by it fjoer. 55De hegeprysters en it hiele Sanhedrin besochten in getugenis tsjin Jezus te krijen om Him deadzje te kinnen, mar se fûnen neat. 56Wol brochten ytliken in falsk getugenis tsjin Him yn, mar de getugenissen wienen net mei-inoar yn ’t lyk. 57Doe gongen inkelde lju stean en brochten as falsk getugenis tsjin Him yn: 58Wy hawwe Him sizzen heard: Ik sil dy timpel, dy’t troch minskehannen makke is, ôfbrekke en yn trije dagen in oarenien sûnder minskehannen opbouwe. 59Mar ek hjiryn strykten har getugenissen net mei-inoar.
60Doe joech de hegepryster him oerein, rûn nei de midden ta en frege Jezus: Jouwe Jo gjin antwurd? Wat getuge dizze minsken tsjin Jo? 61Mar Jezus hâlde Him stil en joech gjin inkeld antwurd. Doe stelde de hegepryster Him noch in fraach en sei: Binne Jo de Kristus, de Soan fan Him dy’t heech te priizjen is? 62Jezus sei: Ja, dat bin Ik en jimme sille de Minskesoan sitten sjen rjochts fan de Almacht en kommen sjen mei de wolken fan ’e himel. 63Doe skuorde de hegepryster syn klean stikken en sei: Wêrfoar hawwe wy noch ferlet fan getugen? 64Jimme hawwe de Godslaster heard. Wat tinkt jimme? En allegearre sprieken se it deafonnis oer Him út. 65Guon begûnen Him te bespuien, dienen Him in blyndoek foar, joegen Him stompen en seinen: Profetearje ris! De wachten sloegen Him ek.
Ik ken Him net, sei Petrus
66Wylst Petrus ûnder yn it foarhôf siet, kaam dêr ien fan ’e tsjinstfammen fan ’e hegepryster. 67Doe’t se Petrus fernaam, dy’t him siet te waarmjen, seach se him strak oan en sei: Jo wienen ek by de Nazaréner, by Jezus! 68Hy ûntstried har dat mei te sizzen: Ik wit fan neat en begryp net, wat Jo bedoele. Doe rûn er fuort, nei it poartehûs ta. [En der kraaide in hoanne.] 69Mar it fanke seach him dêre en sei nochris tsjin dy’t dêr wienen: Hy is ek ien fan harren! 70Petrus sei wer: Nee. In setsje letter seinen guon fan ’e omstanners tsjin Petrus: Jawis, jo binne ien fan harren; jo binne ommers ek in Galileeër! 71Mar hy begûn te flokken en te swarren: Ik ken dy man net, dêr’t jim it oer hawwe. 72Fuort dêrnei kraaide de hoanne foar de twadde kear. Doe kamen Petrus de wurden fan Jezus yn it sin, hoe’t Jezus tsjin him sein hie: Ear’t de hoanne twa kear kraaid hat, silst trije kear sein hawwe, datst My net kenste. En hy begûn te skriemen.