De fraach om in teken
1De Fariseeërs en Sadduseeërs kamen by Him en om Him te hifkjen fregen se Him oft Er harren in teken fan boppen sjen litte woe. 2Hy antwurde harren: Jûns sizze jim: It wurdt moarn moai waar, de loft is read. 3Moarns sizze jim: Wy krije hjoed stoarmwaar, de loft is sa gemien read. Hoe’t de loft bylket, dat sjogge jimme wol, mar de tekens fan ’e tiden sizze jimme neat. 4In min en trouweleas skaai freget om in teken, mar sil it net krije, behalven it teken fan Jona. Doe liet Er harren stean en gong fuort.
It soerdaai fan Fariseeërs en Sadduseeërs
5Doe’t de learlingen nei de oare kant foeren, fergeaten se brea mei te nimmen. 6Jezus sei tsjin harren: Hâld de eagen iepen en pas op foar it soerdaai fan ’e Fariseeërs en Sadduseeërs. 7Mar se praten der ûnderinoar oer troch, dat se gjin brea meinommen hienen. 8Jezus fernaam dat en sei: Wêrom hawwe jimme it der noch iderkear oer, dat jimme gjin brea by jim hawwe, jimme mei jim skeintsje betrouwen. 9Begripe jimme it noch net en witte jim net mear fan dy fiif breaën foar fiiftûzen minsken? Hoefolle kuorfollen hawwe jim doe net byinoar fandele? 10En witte jim net mear fan dy sân breaën foar fjouwertûzen minsken? Hoefolle kuorfollen hienen jim doe net? 11Hoe is it mooglik, dat jimme net begripe, dat Ik it net oer gewoan brea hie? Nee, jimme moatte oppasse foar it soerdaai fan Fariseeërs en Sadduseeërs. 12Doe begriepen se, dat Er harren warskôge foar de lear fan ’e Fariseeërs en Sadduseeërs, net foar it soerdaai fan gewoan brea.
Petrus oer Jezus
13Doe’t Er yn ’e kontreien fan Cesaréa Filippy kommen wie, frege Er syn learlingen: Wa sizze de minsken, dat de Minskesoan is? 14Se antwurden: Guon sizze fan Johannes de Doper, oaren Elía, noch wer oaren Jeremia of ien fan ’e oare profeten. 15Hy sei tsjin harren: Mar jimme, wa sizze jimme dat Ik bin? 16Simon Petrus antwurde: Jo binne de Kristus, de Soan fan de libbene God. 17Jezus sei doe tsjin him: Gelokkich bisto, Simon, soan fan Jona, want dat hasto net fan minsken, mar fan myn himelske Heit. 18Mar Ik, Ik sis dy: Do bist Petrus en op dy rots sil Ik myn tsjerke bouwe en dêr sil de macht fan ’e hel net tsjin opwoeksen wêze. 19Ik sil dy de kaaien fan it himelske Ryk jaan. Asto hjir op ’e wrâld wat ferbiedst, sil dat ek jilde by God, en watsto hjir op ’e wrâld frij joust, sil ek by God frij wêze. 20Doe lei Er de learlingen op gjinien te fertellen, dat Hy de Kristus wie.
Jezus foarseit syn dea en ferrizenis
21Sûnt dy tiid begûn Jezus syn learlingen dúdlik te meitsjen, dat Er nei Jeruzalem moast en dat Er dêr gâns te lijen krije soe fan ’e âldsten, de hegeprysters en de wetgelearden, dat Er deade wurde soe en de tredde deis ferrize. 22Doe luts Petrus Him fansiden en ûnderstie Him deroer mei de wurden: Mei God Jo derfoar bewarje, Hear, dat sil Jo dochs net oerkomme. 23Mar Hy kearde him om nei Petrus en sei: Foar My wei, satan. Do rinst My foar de fuotten, omdatst net yn ’t sin hast wat God wol, mar wat de minsken wolle.
24Doe sei Jezus tsjin syn learlingen: As immen My folgje wol, moat er himsels weisiferje, syn krús opnimme en My neifolgje. 25Want dy’t syn libben hâlde wol, dy sil it ferlieze, mar dy’t syn libben ferlieze doar om My, dy sil it fine. 26Wat jout it ommers oft men de hiele wrâld wint, as men derby jins libben ferknoeit? Oars sein: Wêr soe in minske syn libben foar weromkeapje kinne? 27Want ienkear sil de Minskesoan ferskine yn it selskip fan syn ingels en mei de hearlikheid fan syn Heit, en dan sil Er elkenien lean nei wurken jaan. 28Fan harren dy’t hjir steane, binne der guods dy’t net stjerre sille, ear’t se de Minskesoan kommen sjoen hawwe yn syn keninklike hearlikheid.