Achans misdied. Israel by Ai ferslein
1De Israeliten lykwols fergriepen har oan it guod dêr’t de ban op lei, mei’t Achan, de soan fan Karmy, soan fan Sabdy, soan fan Sêrach út ’e stam Juda, wat naam fan it guod dêr’t de ban op lei. Doe lôge de grime fan de Heare op tsjin ’e Israeliten. 2Jozua stjoerde manlju út Jericho wei nei Ai ta, dat by Bet-Aven, east fan Bet-El leit en sei tsjin har: Gean hinne en ferken it lân. Dêrop gongen dy manlju hinne en ferkenden Ai. 3Doe’t se by Jozua weromkamen, seinen se tsjin him: It hiele folk soenen wy dêr net op ôfstjoere, sa’n twa, trije tûzen man moatte der hinne gean om Ai te ferslaan. Meitsje it hiele folk net wurch mei in tocht dêrhinne, want dy lju dêr binne mar minmachtich. 4Doe gongen der út it folk wei sa’n trije tûzen man hinne, mar hja moasten de wyk nimme foar de mannen fan Ai. 5De mannen fan Ai sloegen sa’n seis en tritich man fan har dea en hja sieten har achternei fan de poarte ôf oant Sjebarim ta en hja fersloegen har op ’e berchskeante. Doe liet it folk de moed alhiel sakje. 6Dêrop skuorde Jozua himsels de klean stikken en hy liet him foaroer op ’e grûn falle foar de arke fan de Heare oant de jûne ta, hysels en de âldsten fan Israel, en hja dienen moude op ’e holle. 7Jozua sei: Och, God, myn Heare, wêrom hawwe Jo dit folk dochs oer de Jordaan gean litten om ús yn ’e macht fan ’e Amoriten te jaan, dat dy ús ombringe soenen? Hienen wy mar it beslút nommen en bliuw oan ’e oare kant de Jordaan. 8Nim it my net kwea ôf, Hear, mar wat moat ik sizze, no’t Israel oan syn fijannen de hakken sjen litten hat? 9As de Kanaäniten en alle oare ynwenners fan it lân it hearre, sille se har tsjin ús keare en ús namme fan ’e ierde útroegje. Wat sille Jo dan dwaan oan jo grutte Namme?
10Doe sei de Heare tsjin Jozua: Kom oerein. Wêrom leisto dêr foaroer? 11Israel hat sûndige. Hja hawwe har net allinne misgien oan myn ferbûn dat Ik har hjitten hie, mar ek fan it guod dêr’t de ban op lei, nommen; ja stellen en liigd, ja it sels by it eigen húsrie lein. 12Dat de Israeliten sille it tsjin har fijannen net hâlde kinne. Hja sille har fijannen de hakken sjen litte, want se binne sels ban wurden. Ik sil net langer mei jim wêze, as jim de ban net út jim fermidden wei dogge. 13Oerein! Hilligje it folk en sis: Hilligje jimsels foar moarn, want dit hat de Heare, de God fan Israel, te sizzen: Der is in ban yn dyn fermidden, Israel. Do silst it net tsjin dyn fijannen hâlde kinne, oant jimme de ban út jimme fermidden fuortdien hawwe. 14Moarnier moatte jim jim dan opstelle neffens jim stammen. En de stam dy’t de Heare troch it lot oanwize sil, moat him opstelle neffens de famyljes. De famylje dy’t de Heare reitsje sil, moat him opstelle neffens de húsgesinnen en it húsgesin dat de Heare reitsje sil, moat him opstelle man foar man. 15Wa’t dan oanwiisd wurdt foar de ban moat ferbrând wurde, hysels en alles wat er hat, omdat er him misgien hat oan it ferbûn fan de Heare en in skandlik stik yn Israel útheefd hat.
16Doe gong Jozua der de moarns betiid ôf en hy liet Israel him opstelle, neffens syn stammen. De stam fan Juda waard rekke. 17Doe liet er de famyljes fan Juda har opstelle en de famylje fan Sarchy waard rekke. Doe’t er de famylje fan Sarchy man foar man opstelle liet, waard Sabdy rekke. 18Doe’t er dy syn húshâlding man foar man opstelle liet, waard Achan, de soan fan Karmy, soan fan Sabdy, soan fan Sêrach fan ’e stam fan Juda rekke. 19Dêrop sei Jozua tsjin Achan: Myn soan, jou de Heare, de God fan Israel dochs de eare en doch foar Him belidenis fan skuld. Sis my dochs watst dien hast, en hâld neat foar my benefter. 20Doe joech Achan Jozua antwurd. Hy sei: Wier, ik bin it, dy’t sûndige haw tsjin de Heare, de God fan Israel. Sa en sa haw ik dien: 21Ik seach ûnder de bút in moaie mantel út Sjineär, twahûndert sikkel sulver en in gouden tonge mei in gewicht fan fyftich sikkel. Ik krige dêr sin oan en haw it meinommen. Sjoch, it leit bedobbe midden yn myn tinte mei it sulver derûnder. 22Doe stjoerde Jozua boaden út. Dy rûnen nei de tinte en ja, it lei yn syn tinte bedobbe mei it sulver derûnder. 23Hja namen it mei midden út ’e tinte wei en brochten it nei Jozua en alle Israeliten. Doe skodden se it út foar de eagen fan de Heare. 24Dêrop naam Jozua, en hiele Israel mei him, Achan de soan fan Sêrach mei it sulver, de mantel en de gouden tonge, syn soannen en dochters, syn kij, ezels en lytsfee, syn tinte en alles wat sines wie, en se brochten har nei de delling Achor. 25Doe sei Jozua: Wat hasto in leed oer ús brocht! No sil de Heare hjoed leed oer dy bringe. Dêrop stiennige hiele Israel him, se ferbrânden har allegearre en smieten stiennen oer har hinne. 26Hja rjochten in grutte stienbult oer him op, dy’t hjoed noch bestiet. Doe bekaam de Heare fan syn gleone grime. Dêrom hawwe se dat plak de namme jûn fan ‘delling Achor’ oant hjoed-de-dei ta.