Slach by Gibeön
1Adonisêdek, de kening fan Jeruzalem, hearde dat Jozua Ai ynnommen en ûnder de ban brocht hie: ‘Lykas hy dien hat mei Jericho en syn kening, sa hat er ek dien mei Ai en syn kening,’ en dat de ynwenners fan Gibeön freonskip sletten hienen mei Israel en yn har fermidden wienen. 2Doe waarden se tige benaud, want Gibeön wie in grutte stêd, ien fan ’e keninklike stêden suver; ja, it wie grutter as Ai en syn mannen wienen helden. 3Dat sadwaande stjoerde Adonisêdek, de kening fan Jeruzalem dit boadskip nei Hoham, de kening fan Hebron, Piram, de kening fan Jarmût Jafia, de kening fan Lakisj en nei Debir, de kening fan Eglon: 4Kom en help my om Gibeön te ferslaan, want dat hat freonskip sletten mei Jozua en ’e Israeliten. 5Doe stapten de fiif Amorityske keningen, de kening fan Jeruzalem, fan Hebron, fan Jarmût, fan Lakisj en fan Eglon byinoar, hjasels en al har legers en hja trieken op, sleaten Gibeön yn en strieden dêr tsjin.
6De mannen fan Gibeön lykwols stjoerden boadskip nei Jozua yn it kamp te Gilgal: Lûk jo hannen net fan jo tsjinstfeinten ôf, mar kom gau, stean ús by en help ús, want alle Amorityske keningen dy’t yn ’t berchlân wenje, binne tsjin ús gearkommen. 7Doe triek Jozua út Gilgal wei op, hysels en alle kriichsfolk mei him, allegearre krigele helden. 8Dêrop sei de Heare tsjin Jozua: Wês net bang foar har, want Ik haw harren yn dyn macht jûn; gjinien sil it tsjin dy hâlde kinne. 9Jozua kaam har oer ’t mad, neidat er de hiele nacht út Gilgal wei trochreizge wie. 10En de Heare brocht har yn ferbjustering foar Israel, dat hy fersloech har finaal en sette se achternei de kant út fan ’e berchpas fan Bet-Choaron en hy krige har te pakken oan Azeka en oan Makkeda ta. 11It wie op har flecht foar de Israeliten, doe’t se op ’e skeante fan Bet-Choaron wienen, dat de Heare grutte stiennen op har delreine liet út ’e loft, oan Azeka ta, dat se it bestoaren. Der wienen mear dy’t stoaren troch de hagelstiennen as dy’t troch de Israeliten mei it swurd deade waarden. 12Doe sei Jozua tsjin de Heare, de deis dat de Heare de Amoriten oan ’e Israeliten oerjoech, en hy sei it mei hiele Israel derby:
Sinne, bliuw stean te Gibeön
en moanne, yn ’e delling Ajjalon!
13Doe stie de sinne stil en de moanne bleau stean, oant it folk wraak nommen hie op syn fijannen. Dat stiet wol beskreaun yn it Boek fan ’e Oprjochte. De sinne bleau heech oan ’e loft stean en makke omtrint in hiele dei gjin haast om ûnder te gean. 14Der hat foartiid noch neitiid in dei west, dat de Heare sa nei de stim fan in man harke, want de Heare stried foar Israel. 15Doe gong Jozua en hiele Israel mei him werom nei it kamp te Gilgal.
16Dy fiif keningen wienen flechte en hienen har yn ’e grot by Makkeda ferskûle. 17Doe krige Jozua berjocht: de fiif keningen binne fûn, ferskûle yn ’e grot by Makkeda. 18Jozua sei: Rôlje grutte stiennen foar de iepening fan ’e grot en set dêr mannen by op wacht. 19Bliuw jimme lykwols net stean; jei achter jimme fijannen oan, slach de lêsten fan har, lit har net yn har stêden komme, want de Heare jimme God hat se jim yn hannen jûn. 20Doe’t dan Jozua en de Israeliten op it lêst har in tige swiere en folsleine nederlaach tabrocht hienen, – al bleauwen der guon oer, dy’t yn ’e fersterke stêden slaggen – 21kearde it hiele folk sûn en wol werom nei it kamp, nei Jozua yn Makkeda. Gjinien stiek doe mear de tonge út tsjin ’e Israeliten. 22Dêrnei sei Jozua: Meitsje de yngong fan ’e grot iepen en bring dy fiif keningen út ’e grot by my. 23Dat dienen se en hja brochten dy fiif keningen út ’e grot nei him ta, nammentlik de kening fan Jeruzalem, fan Hebron, fan Jarmût, fan Lakisj en fan Eglon. 24Doe’t se dy keningen by Jozua brocht hienen, rôp Jozua alle man fan Israel en hy sei tsjin ’e offisieren fan ’e kriichslju dy’t mei him west hienen: Kom tichterby en set dizze keningen de foet op ’e nekke. Doe kamen se tichterby en setten har de foet op ’e nekke. 25Dêrop sei Jozua tsjin har: Wês net bang en tink jim net benaud, wês sterk en moedich, want sa sil de Heare dwaan oan al jimme fijannen, dêr’t jim tsjin stride sille. 26Hjirnei sloech Jozua har del en doe’t hy har deade hie, hong hy har op oan fiif beammen. Hja bleauwen oan ’e beammen hingjen oan ’e jûn ta. 27Tsjin ’e tiid fan sinne-ûndergong joech Jozua opdracht en hja namen har fan ’e beammen ôf, smieten se yn ’e grot dêr’t se har ferskûle hienen, en setten grutte stiennen foar de iepening fan ’e grot, dy’t der hjoed-de-dei noch steane.
Feroveringen yn it suden fan Kanaän
28Dyselde deis naam Jozua Makkeda yn en sloech it mei it bleate swurd. Hy fierde de ban út oan ’e kening, (de stêd sels) en alles wat dêryn libbe. Hy liet net ien oer dy’t ûntkomme koe, en die mei de kening fan Makkeda lykas er dien hie mei de kening fan Jericho. 29Doe gong Jozua mei hiele Israel fierder fan Makkeda nei Libna en hja strieden tsjin Libna. 30De Heare joech ek dy stêd mei syn kening yn ’e macht fan ’e Israeliten en dy sloegen it mei al wat dêryn libbe mei it bleate swurd. Hy liet net ien oer dy’t ûntkomme koe, en hy die mei syn kening lykas er dien hie mei de kening fan Jericho. 31Dêrop gong Jozua, mei hiele Israel, fan Libna nei Lakisj, belegere it en stried dêr tsjin. 32De Heare joech ek Lakisj yn ’e macht fan Israel. De twadde deis naam er it yn en hy sloech alles wat dêryn libbe mei it bleate swurd krekt sa as er mei Libna dien hie. 33Doe triek Hoaram, de kening fan Gêzer, op om Lakisj te helpen, mar Jozua fersloech him en syn folk, oan ’e lêste man ta. 34Dêrnei gong Jozua mei hiele Israel fierder fan Lakisj nei Eglon en hja belegeren it en strieden dêr tsjin. 35Hja namen it dyselde deis yn en sloegen it mei it bleate swurd en al wat dêryn libbe leinen se dy deis ûnder de ban, krekt sa as wat se mei Lakisj dien hienen. 36Dêrop triek Jozua, mei hiele Israel op fan Eglon nei Hebron en hja strieden dêr tsjin. 37Hja namen it yn en sloegen it mei it bleate swurd mei syn kening en al syn stêden mei alles wat dêryn libbe. Hy liet net ien oer dy’t ûntkomme koe, krekt sa’t er mei Eglon dien hie. Hy fierde de ban dêroan út, ja oan alles wat dêryn libbe. 38Doe gong Jozua mei hiele Israel werom nei Debir en hja strieden dêr tsjin. 39Hja namen it yn mei syn kening en al syn stêden, sloegen it mei it bleate swurd en fierden de ban út oan alles wat dêryn libbe. Hja lieten net ien oer dy’t ûntkomme koe. Lykas er mei Hebron en ek mei Libna en syn kening dien hie, sa die er mei Debir en syn kening.
40Sa fersloech Jozua it hiele lân; it berchlân, it Suderlân, it leechlân en de berchskeanten mei al har keningen. Hy liet net ien oer dy’t ûntkomme koe. Oan alles dat sykhelle fierde er de ban út, lykas de Heare, de God fan Israel, hjitten hie. 41Jozua fersloech har fan Kadesj-Barnéa oan Gaza ta; en it hiele lân Gosjen oan Gibeön ta. 42Al dy keningen en har lân naam Jozua yn ien kear, want de Heare, de God fan Israel, stried foar Israel. 43Doe gong Jozua mei hiele Israel werom nei it kamp te Gilgal.