Jona 3
Ninevé docht boete
1Foar de twadde kear liet de Heare Jona syn wurd takomme: 2Jou dy op ’en paad, gean nei Ninevé, dy grutte stêd, en rop dêr it boadskip om, dat Ik dy sein haw.
3Doe joech Jona him op ’en paad en hy gong nei Ninevé, sa’t de Heare him sein hie. No wie Ninevé in ûnminsklik grutte stêd; it wie wol trije dagen rinnen om der troch te kommen.
4Jona begûn de stêd yn te gean, ien dei rinnen, en hy rôp dit boadskip om: Noch fjirtich dagen, dan wurdt Ninevé ûnderste boppe keard! 5En de lju fan Ninevé leauden God; se rôpen op ta festjen en dienen sekkeguod om, allegearre, lyts en grut. 6Want, doe’t it nijs oan ’e kening fan Ninevé takommen wie, wied er fan ’e troan ôfgien, hied er syn staasjeklean útdien, in stik sekkeguod omslein en wied er yn ’e jiske sitten gien. 7En doe wie der út namme fan ’e kening en syn hege hearen yn Ninevé omroppen: Lit minske noch beest, ko noch skiep wat yn ’e mûle nimme; lit se weidzje noch drinke. 8Minske en beest moatte sekkeguod omdwaan en mei ynmoed God oanroppe. Lit in elk him fan syn ferkearde praktiken ôfkeare en fan it ûnrjocht, dat him yn ’e hannen sit. 9Wa wit, as God der ris fan werom kaam? As it Him ris oandearde? As Er ris fan syn gleone grime ôfseach en wy net omkamen?
10Doe’t God seach wat se dienen, en hoe’t se har fan har ferkearde praktiken ôfkearden, dearde it Him oan: it ûnheil dat Er harren oansein hie, die Er net.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap