Job andert: tsjin God kin gjinien op; wie der mar in skiedsrjochter
1Mar Job antwurde en sei:
2Wat oars, ik wit wol dat it sa is:
hoe soe in stjerlik minske, mei God yn ’e pleit, it winne?
3As God mei him tsiere wol,
tûzen tsjin ien, datst gjin antwurd hast,
4Hy is sa wiis en sa sterk,
dat wa soe it sûnder kleanskuorren tsjin Him opnimme?
5Hy is it, dy’t de bergen bûten harsels om ferset
en se omkeart yn syn grime;
6Hy skoddet de ierde út it stee
dat har stilen trilje;
7Hy jout bestel en de sinne giet net op,
Hy fersegelt de stjerren oan alle kanten.
8Hy spant hielendal allinne de himel út
en trêdet oer de toppen fan ’e see.
9Hy makket de Bear, de Reus en de Sân Stjerren
mei de stjerrebylden fan it suden;
10Hy docht grutte ûnbegryplike dingen,
dêr’t gjin ûndersykjensein oan is,
dêr’t men de tel fan bjuster rekket;
11Hy kin my foarbygean, sûnder dat ik it sjoch,
en Hy kin by my lâns komme, sûnder dat ik it fernim.
12Skuort Er wat fuort, wa kin Him keare,
wa seit tsjin Him: Wat hawwe Jo no by de ein?
13God is net ien dy’t syn grime bedimmet,
ûnder Him moasten Rahabs helpers har bûge.
14Hoefolleste minder soe ik Him dan antwurdzje,
al soe ik myn wurden tsjin Him mei soarch útsykje.
15Al stie ik yn myn rjocht, ik koe net ienris beskie jaan,
ik kin mar better myn Rjochter om genede smeekje!
16Mar as Er op myn roppen antwurde,
it woe my noch net oan, dat Er nei my harke.
17Hy slacht my ommers yn in stoarm
de iene smertlape nei de oare, sûnder reden.
18Hy gunt my net dat ik wer op siken kom,
want Hy triuwt my fol mei alles wat mar bitter is.
19Is ’t te dwaan om wa’t it sterkst is, dan is ’t al útiten.
Is ’t te dwaan om rjocht, wa ropt my dan op?
20Al haw ik gelyk, myn eigen mûle makket my út foar smycht;
al bin ik from, dyselde mûle makket my út foar krom.
21Dat net, der falt neat op my te sizzen,
mar ik tel mysels net, ik jou om myn libben gjin byt,
22it komt dochs op itselde del, ik kin ’t net oars sizze:
Hy weeft mei de fromme ôf, likegoed as mei de goddeleaze!
23As syn gisel hastich deadet,
hat Er de gek mei de wanhopigens fan ’e ûnskuldigen.
24De ierde is yn ’e macht fan ’e goddeleaze oerjûn,
Hy hat it antlit fan har rjochters blyndoeke,
as Hy it net is, wa dan oars?
25Myn dagen fleagen hurder foarby as in hurdrinder,
se wienen sa flechtich, dat ik hie der gjin geniet fan.
26Se skeaten foarby as skippen fan reid, as in earn dy’t op it ies tasjit.
27As ik tink: Lit my myn skriemend leed ferjitte, lit my út oare eagen sjen en wer blier wurde,
28dan skrilje ik tebek foar al myn smerten,
dan fiel ik: Jo sille my net ûnskuldich ferklearje.
29Ik moat no ienris skuldich stean,
wêrom sil ik my dan fergees sa ôfbeune.
30Al soe ik my mei sniewetter waskje
en myn hannen mei sjippe suverje,
31dan sille Jo my dochs yn in klyndobbe ûnderdompelje,
dat myn klean fan my grize.
32God is ommers net in man as ik;
oars joech ik Him reden en beskie en gongen wy tegearre foar it rjocht.
33Der is gjin skiedsrjochter tusken ús,
dy’t it útmakket tusken ús beiden.
34Lit Er syn stok dochs fan my weidwaan,
lit syn ferskriklike pleach my net langer opskrilje.
35Dan soe ik op ’t stik prate kinne en net benaud foar Him wêze.
Mar sa leit it der mei my net hinne.