Taheakke – Jezus ferskynt by de mar fan Galiléa
1Neitiid is Jezus nochris oan ’e learlingen ferskynd by de mar fan Tiberias; en dat gong sa om en ta:
2Dêr wienen byinoar Simon Petrus, Tomas dy’t ‘Twilling’ hiet, Natanael út Kana yn Galiléa, de soannen fan Sebedéus en noch twa fan syn learlingen. 3Simon Petrus sei tsjin harren: Ik gean te fiskjen. Se seinen tsjin him: Dan geane wy mei dy. Se gongen derop út en stapten yn it boat, mar dy nachts fongen se neat. 4Doe’t it al moarntiid wurden wie, stie Jezus op ’e wâl; en dochs wisten de learlingen net, dat it Jezus wie. 5Jezus sei tsjin harren: Freonen, jimme hawwe tink wol wat fisk? Se antwurden Him: Nee. 6Hy sei tsjin harren: Smyt it net út oan ’e rjochterkant fan it boat, dan sille jimme wat fange. Doe smieten se it út en koenen it net mear ynhelje, sa’n fisk siet deryn. 7Doe sei de learling dy’t Jezus leafhie, tsjin Petrus: It is de Hear. Doe’t Simon Petrus hearde dat it de Hear wie, die er de boppeklean oan, want hy wie yn ’e ûnderklean en sprong yn ’e mar; 8de oare learlingen kamen mei it boatsje, want se wienen net fier fan it lân ôf, net mear as sa’n foege hûndert meter, en tôgen it net mei de fisk.
9Doe’t se no oan wâl gien wienen, seagen se in houtskoalfjoer op ’e grûn mei fisk en bôle derop. 10Jezus sei tsjin harren: Helje fan ’e fisk, dy’t jimme niis fongen hawwe. 11Doe gong Simon Petrus oan board en sleepte it net op ’e wâl, fol mei grouwe fisken, hûndert trije en fyftich; ek al wienen der safolle yn, it net skuorde net. 12Jezus sei tsjin harren: Kom hjir om te iten. Net ien fan ’e learlingen doarst Him te freegjen: Wa binne Jo? Want se wisten wol dat it de Hear wie. 13Jezus kaam op harren ta en naam de bôle en joech dy harren en allyksa de fisk. 14Dat wie al de tredde kear, dat Jezus oan ’e learlingen ferskynde nei syn ferrizenis út ’e dea.
Petrus krijt in nije opdracht
15Doe’t se iten hienen, sei Jezus tsjin Simon Petrus: Simon, soan fan Johannes, hasto My leaf, mear as dizzen hjir? Hy sei tsjin Him: Ja Hear, Jo witte dat ik fan jo hâld. Hy sei tsjin him: Weidzje myn lamkes. 16Hy sei foar de twadde kear tsjin him: Simon, soan fan Johannes, hasto My leaf? Hy sei: Ja Hear, Jo witte dat ik fan Jo hâld. Hy sei tsjin him: Hoedzje myn skiepkes. 17Foar de tredde kear sei Er tsjin him: Simon, soan fan Johannes, hâldsto fan My? Petrus waard fertrietlik om’t Er foar de tredde kear tsjin him sei: Hâldsto fan My? En hy sei tsjin Him: Hear, Jo witte alles. Jo witte dat ik fan Jo hâld. Jezus sei tsjin him: Weidzje myn skiepkes. 18Wiswier, wiswier, Ik sis dy, doesto jong wiest, diesto dysels de mulriem om en do gongst dêrst hinne woest; asto âld wurden bist, silst de hannen útstekke en in oar sil dy de mulriem omdwaan en dy bringe dêrst net hinne wolst. 19Dat sei Er om te betsjutten, mei watfoar dea er God ferhearlikje soe. En doe’t Er dat sein hie, sei Er tsjin him: Folgje My.
Hoe komt it mei de oare learling?
20Petrus kearde him om en seach de learling dy’t Jezus leafhie, achter harren oanrinnen, deselde dy’t him by it miel achteroerbûgde nei Jezus ta om te sizzen: Hear, wa is it, dy’t Jo ferret? 21Doe’t Petrus him seach, sei er tsjin Jezus: Hear, hoe komt it mei him? 22Jezus sei tsjin him: As Ik wol dat hy bliuwe sil oant Ik kom, wat giet dy dat oan? Folgje do My mar! 23Sadwaande gong der ûnder de bruorren it sizzen om, dat dy learling net stjerre soe; mar Jezus hie net sein: Hy sil net stjerre, mar: As Ik wol dat hy bliuwe sil oant Ik kom, wat giet dy dat oan?
Twadde beslút
24Dat is de learling dy’t fan dy dingen getúcht en dy’t se opskreaun hat en wy witte dat syn getugenis betrouber is. 25Der binne noch hiel wat oare dingen, dy’t Jezus dien hat; as dy allegearre ien foar ien opskreaun wurde soenen, bin ik bang, dat de hiele wrâld te lyts wêze soe foar de boeken dy’t dan allegearre skreaun wurde moasten.