Hoe’t Jeruzalem ynnommen waard
1Ienentweintich jier wie Sedekía, doe’t er oan it regear kaam; alve jier hat er regearre te Jeruzalem. Syn mem hiet Chamital, it wie de dochter fan Jirmeja út Libna. 2Hy die wat de Heare ferkeard achtet, krekt sa’t Jojakim dien hie. 3Dêrom waard de Heare sa lilk op Jeruzalem en Juda, dat Er harren út syn eagen weibande. 4Doe’t Sedekía tsjin de kening fan Babel yn opstân kaam, yn it njoggende jier fan syn regear, op ’e tsiende dei fan ’e tsiende moanne, sette kening Nebûkadressar fan Babel sels mei syn hiele leger op Jeruzalem ta; se belegeren it en bouden der oan alle kanten skânsen tsjin op. 5De belegering fan ’e stêd duorre oant yn it alfte jier fan Sedekía syn regear.
6Op ’e njoggende fan ’e fjirde moanne, doe’t it sa slim wurden wie mei de honger yn ’e stêd, dat ek de lânadel neat mear te iten hie, 7waard der in bres yn ’e stedsmuorre slein. Alle soldaten besochten te ûntkommen en setten by nacht de stêd út troch de poarte ‘Tusken de beide muorren’ by de paleistún. Al hienen de Chaldeeërs de stêd besingele, se gongen de kant fan de Araba op, 8mar it leger fan ’e Chaldeeërs sette kening Sedekía achternei en helle him yn ’e steppen fan Jericho yn en syn hiele leger waard by him weislein. 9De kening sels krigen se te pakken en se brochten him nei de kening fan Babel te Ribla yn it lân Hamat; dy hâlde rjochtdei oer him. 10De kening fan Babel liet Sedekía syn soannen foar syn eagen ôfslachtsje en itselde died er mei alle eallju fan Juda. 11Doe liet er Sedekía blynmeitsje en him yn brûnzen boeien slaan. Sa naam de kening fan Babel him mei nei Babel ta en sette him yn it tichthús oan ’e dei fan syn dea ta.
12Op ’e tsiende fan ’e fyfte moanne – it wie it njoggentjinde jier fan kening Nebûkadressar fan Babel – kaam Nebûzaradan, de kommandant fan ’e liifwacht, dy’t yn persoanlike tsjinst fan ’e kening fan Babel stie, yn Jeruzalem. 13De timpel en it paleis stuts er yn ’e brân en alle huzen fan Jeruzalem baarnde er plat, dat is te sizzen: alle huzen fan ’e hegerein. 14It leger fan ’e Chaldeeërs dat de kommandant fan ’e liifwacht by him hie, helle mei mannemacht de muorren om Jeruzalem del. 15Wat der noch oan folk yn ’e stêd oerbleaun wie en de lju dy’t nei de kening fan Babel oerrûn wienen, en de oerbleaune ambachtslju stjoerde Nebûzaradan, de kommandant fan ’e liifwacht, de ballingskip yn. 16Mar fan ’e earmelju fan it plattelân liet Nebûzaradan, de kommandant fan ’e liifwacht, guon bliuwe foar de druvehôven en de bou-ikkers. 17Fierders brieken de Chaldeeërs de brûnzen pylders oan it hûs fan de Heare wei en ek de ûnderstellen en de brûnzen see dy’t by it hûs fan de Heare hearden, en dat brûns namen se mei nei Babel. 18Ek de potten, skeppen, messen, offerskalen en fjoerpannen en al it brûnsguod dat foar de earetsjinst brûkt waard. 19Mar de skûtels, konfoaren, snuters, potten, ljochters, fjoerpannen en kommen, foarsafier’t se fan kleare goud en sulver wienen, dy naam de kommandant fan ’e liifwacht sels mei. 20De beide pylders, de iene see en de beide ûnderstellen dy’t kening Salomo foar it hûs fan de Heare meitsje litten hie, dêr siet safolle koper oan, dat it wie net te wagen. 21Wat de beide pylders oanbelanget: de iene wie achttjin jellen heech, en in tried fan tolve jellen koe se krekt omfiemje; it metaal wie fjouwer tomme dik; binnenyn wied er hol. 22It kapiteel der boppenop wie ek fan brûns en dy kapitelen wienen fiif jellen heech; it frisselwurk mei de granaatappels deromhinne wie fan kleare brûns. De oare pylder mei granaatappels derom wie krektsa. 23Seisennjoggentich granaatappels hongen frij; en der sieten mei-inoar hûndert yn it frisselwurk deromhinne.
24De kommandant fan ’e liifwacht naam opperpryster Seraja, waarnimmend opperpryster Sefanja en de trije drompelwachters ek mei. 25Ut ’e stêd naam er ien hoveling mei, dy’t oer de soldaten steld wie, sân man dy’t yn ’e kening syn persoanlike tsjinst stienen en dy’t noch yn ’e stêd wienen, de skriuwer fan ’e legerkommandant, dy’t de lânadel foar de tsjinst oproppe moast, en sechstich man út ’e lânadel dy’t noch yn ’e stêd wienen. 26Dy allegearre naam Nebûzaradan, de kommandant fan ’e liifwacht, mei nei de kening fan Babel te Ribla. 27Dêr te Ribla yn it lân Hamat liet de kening fan Babel har deaslaan.
Sa moast Juda út eigen lân wei, de ballingskip yn.
28Safolle folk hat Nebûkadressar de ballingskip ynstjoerd: yn it sânde jier 3023 Judeeërs; 29yn it achttjinde jier fan Nebûkadressar 823 man út Jeruzalem; 30yn it trijentweintichste jier fan Nebûkadressar brocht Nebûzaradan, de kommandant fan ’e liifwacht, 735 man fan ’e Judeeërs yn ballingskip. Mei-inoar wienen dat 4600 man.
Jojakin kriget it better
31Mar yn it sânentritichste jier fan ’e ballingskip fan kening Jojakin fan Juda, op ’e fiifentweintichste fan ’e tolfte moanne, hat kening Ewil-Merodak fan Babel, doe’t er dat jiers oan it regear kaam, kening Jojakin fan Juda graasje jûn en him út it tichthús weihelle. 32Hy gong no freonlik mei him om en joech him in heger plak as alle oare keningen dy’t by him yn Babel wienen. 33Dat Jojakin koe de tichthûsklean útlûke en mocht syn fierdere libbensdagen oan ’e keningstafel, fan Babel ite. 34Foar syn ûnderhâld krige er in útkearing fan ’e kening fan Babel, oan ’e dei fan syn dea ta, fêst jild al syn libbensdagen.