Jeremia keapet in stik lân
1It boadskip dat Jeremia fan de Heare krige yn it tsiende jier fan kening Sedekía fan Juda; dat wie it achttjinde jier fan Nebûkadnessar. 2Doedestiids belegeren de legers fan ’e kening fan Babel Jeruzalem, en profeet Jeremia waard fêsthâlden op it binnenplein fan ’e wachtpost by it keninklik paleis. 3Kening Sedekía fan Juda hie him fêstset mei it ferwyt, wat dat moast mei syn geprofetear: ‘Dit hat de Heare te sizzen: Tink der mar om, Ik leverje dizze stêd oan de kening fan Babel oer en dy nimt him dan ek. 4En kening Sedekía fan Juda sil de Chaldeeërs net ûntkomme; nee, de kening fan Babel sil him grif yn hannen krije; Sedekía kin him dan mar as man tsjin man te wurd komme en each yn each mei him stean. 5Hy sil nei Babel brocht wurde en dêr tahâlde, oant Ik nei him omsjoch – is de godsspraak fan de Heare – want hoe’t jim ek tsjin ’e Chaldeeërs fjochtsje, it jout jim neat.’ 6Jeremia sei dêrop: Ik krige dit wurd fan de Heare: 7Sjoch, Chanamel, de soan fan jim omke Sjallûm, komt by dy mei dit boadskip: Keapje do it stik lân fan mines dat by Anatot leit, want do hast de lossersplicht om it te keapjen. 8Doe kaam myn neef Chanamel – krekt sa’t de Heare sein hie – nei it binnenplein fan ’e wachtpost ta en sei tsjin my: ‘Keapje do it stik lân fan mines dat by Anatot yn it lân Benjamin leit, want do hast der erfrjocht op en de lossing komt dan ek foar dij op; keapje it dochs.’ Doe wist ik, dat it in boadskip fan de Heare wie. 9Sa kocht ik dan in stik lân by Anatot fan myn neef Chanamel en ik woech him de priis ta: santjin sulversikkels. 10Ik makke de keapakte op en fersegele dy. Ik hie der getugen by en woech it jild op skealjes út. 11Doe naam ik de keapakte, de neffens wetlik foarskrift fersegele en de net fersegele kopy, 12en joech dy oan Barûch, de soan fan Nearia, de soan fan Machséja, yn it bywêzen fan neef Chanamel en fan ’e getugen dy’t de keapakte mei-ûn-dertekene hienen, en yn it bywêzen fan alle Judeeërs dy’t op it binnenplein fan ’e wachtpost wienen. 13Yn it bywêzen fan har allegearre joech ik Barûch dizze opdracht: 14Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: Nim dizze beide stikken: de segele keapakte en de net-segele kopy en doch dy yn in ierden pôt, dat se tiden bewarre bliuwe. 15Want dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: Skielk sille yn dit lân wer huzen en stikken lân en wyngerds ferhannele wurde.
Gebed fan Jeremia
16Nei’t ik Barûch, de soan fan Nearia, de keapakte jûn hie, die ik dit gebed ta de Heare: 17Och God, myn Heare, Jo hawwe mei jo grutte krêft en jo machtige died de himel en de ierde makke; neat is Jo ûnmooglik; 18Jo, dy’t oan tûzenen geunst bewize, mar de skuld fan ’e foarâlden op de bern har holle delkomme litte, grutte en machtige God, waans namme Heare Almachtich is, 19grut is jo riedsplan en machtich jo died. Jo eagen geane oer de wegen fan alle minskebern, om in elk te jaan neffens syn hâlden en dragen en al nei’t syn dwaan wurdich is. 20Jo hawwe tekens en wûnders dien yn Egypte en ek neitiid oan hjoed-de-dei ta, yn Israel en ûnder alle oare minsken en Josels hawwe Jo de namme besoarge, sa’t dy hjoed-de-dei is. 21Jo hawwe jo folk Israel út Egypte weihelle mei tekens en wûnders, mei jo grutte krêft en jo machtige died, dat de skrik der foargoed ynkaam. 22En doe hawwe Jo harren dit lân jûn, dat Jo har foarâlden mei in eed tasein hienen, in lân dat oerrint fan molke en hunich. 23Hja kamen en namen it yn besit, mar se hawwe net om jo sizzen jûn en har net oan jo wet hâlden; se hawwe hielendal net dien, wat Jo har oplein hienen; en dêrom hawwe Jo al dit ûnheil oer har brocht. 24Sjoch, de skânsen foar de oanfal komme al oan ’e stêd ta; en troch oarloch, honger en pest falt de stêd de Chaldeeske oanfallers yn hannen. It komt sa’t Jo sein hawwe, en Jo sjogge it oan. 25En dochs God, myn Heare, hawwe Jo sels tsjin my sein: Keapje dat stik lân mei getugen derby, al falt de stêd de Chaldeeërs yn hannen.
Gods antwurd
26Doe krige Jeremia dit wurd fan de Heare: 27Sjoch, Ik bin de Heare, de God fan al wat libbet. Soe ek mar ien ding My ûnmooglik wêze? 28Dêrom hat de Heare dit te sizzen: Tink derom, Ik leverje dizze stêd oer oan de Chaldeeërs en oan kening Nebûkadnessar fan Babel, en dy nimt him yn. 29Dan sille de Chaldeeërs dy’t tsjin dizze stêd rjochtsje, de stêd yngean, de brân deryn stekke en him platbrâne; de huzen, dêr’t se de dakken fan brûkt hawwe om rûkoffers foar de Baäl te brânen en oare goaden drankoffers te bringen en My sadwaande te tergjen, geane der mei oan. 30Want dy fan Israel en dy fan Juda hawwe fan jongs ôf neat oars dien as wat Ik ferkeard achtsje; ja, dy fan Israel hawwe neat oars dien as My tergje mei har gedoch – is de godsspraak fan de Heare. 31Ja, dizze stêd hat myn grime en myn grammoedigens hieltyd wer geande makke fan ’e dei ôf dat se him boud hawwe, oan hjoed-de-dei ta: dat Ik moat him wol foar myn eagen weireagje 32fanwegen alle kweadoggerij, dêr’t dy fan Israel en dy fan Juda My mei terge hawwe, allegearre, har keningen en har hege lju, har prysters en profeten, de lju fan Juda en it folk fan Jeruzalem. 33Se hawwe My de rêch takeard en net it gesicht. Alhoewol’t Ik der alles oan dien haw om it har by te bringen, se woenen net harkje en de les net oannimme. 34Nee, se hawwe har stikken ôfgriis samar delset yn it hûs dêr’t myn namme oan ferbûn is, en it sadwaande besmodze. 35Se hawwe offerhichten foar de Baäl makke yn ’e Ben-Hinnomdelling om har soannen en dochters oan ’e Moloch te wijen – soks haw Ik har noait foarskreaun, it is net iens by My opkommen, dat se sokke grouwelstikken úthelje soenen en Juda dêrmei ta sûnde bringe.
36No, dit hat de Heare, de God fan Israel, te sizzen oer de stêd dêr’t jim fan sizze, dat dy de kening fan Babel oerlevere is troch honger, oarloch en pest: 37Ik bring de ynwenners wer byinoar út alle lannen dêr’t Ik har yn myn grime, myn lilkens en myn grammoedichheid hinne ferdreaun hie, en Ik lit harren weromkomme op dit stee en lit har dêr feilich wenje. 38Sij sille myn folk en Ik sil har God wêze. 39En Ik meitsje, dat se ienriedich binne yn tinken en dwaan en dat se alle tiden troch ûntsach foar My hawwe sille, ta heil fan harsels en fan har bern nei harren. 40Ik slút mei harren in ivich ferbûn, dat Ik sûnder ophâlden achter harren stean sil en harren goed dwaan, en Ik sil har yn it hert jaan, dat se ûntsach foar My hawwe en har net fan My ôfkeare. 41It sil My in wille wêze har goed te dwaan en Ik sil har mei hert en siel fêst yn dit lân plantsje.
42Want dit hat de Heare te sizzen: Lykas Ik oer dit folk dit slimme ûnheil brocht haw, sa sil Ik har ek al it goede bringe, dat Ik harren tasis. 43Der sille wer stikken lân ferhannele wurde yn dit lân, dêr’t jimme no fan sizze: It is in wyldernis sûnder minsken en bisten, it is oan de Chaldeeërs oerlevere; 44der sille stikken lân ferhannele wurde, keapakten opmakke en fersegele wurde mei getugen derby yn it lân fan Benjamin, yn ’e omkriten fan Jeruzalem, yn ’e stêden fan Juda, yn ’e stêden fan it berchlân, fan it Leechlân en fan it Suderlân; want Ik bring in omkear yn har lot – is de godsspraak fan de Heare.