Jeremia syn boadskip by de gesanten
1Yn it begjin fan it regear fan kening Sedekía fan Juda, de soan fan Josjia, krige Jeremia dit wurd fan de Heare: 2Dit hat de Heare my sein: Meitsje dij sylbeagen, doch dy om ’e nekke 3en lit dy dan nei de kening fan Edom en nei de kening fan Moäb, nei de kening fan Tyrus en nei de kening fan Sidon bringe troch de gesanten dy’t nei Jeruzalem, nei kening Sedekía fan Juda kommen binne, 4en jou har dit boadskip foar har masters mei: Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: Sis tsjin jimme masters: 5‘Ik bin it, dy’t mei myn grutte krêft en mei myn machtige died de ierde makke haw en minske en dier dêrop. Dat jou Ik no allegear oan de man dy’t My nei ’t sin is. 6No haw Ik al dizze lannen kening Nebûkadnessar fan Babel, myn tsjinner, yn hannen jûn; ja, sels de wylde bisten haw Ik him ûnderhearrich makke. 7Alle folken sille him, syn soan en syn pakesizzer ûnderhearrich wêze, oant ek foar syn eigen lân de oere kommen is om machtige naasjes en grutte keningen ûnderhearrich te wurden. 8Mar as der in folk of in keninkryk is, dat him, kening Nebûkadnessar fan Babel, net ûnderhearrich wêze wol en him net deljout ûnder it jok fan de kening fan Babel, dat folk sil Ik ôfstraffe mei oarloch, honger en pest – is de godsspraak fan de Heare – krektsalang dat Ik har alhiel yn syn macht brocht haw. 9Dêrom, harkje net nei jim profeten, wiersizzers, dreamers, foarsizzers en tsjoenders, dy’t tsjin jim sizze, dat jim de kening fan Babel net ûnderhearrich wurde sille. 10Want dy profetearje jimme leagens; en sa reitsje jim fan eigen grûn ôf, driuw Ik jim it lân út en komme jim om. 11Mar it folk dat him wol ûnder it jok fan de kening fan Babel deljout en him ûnderhearrich wêze wol, dat sil Ik op syn grûn bliuwe litte – is de godsspraak fan de Heare; se sille dy be-arbeidzje en dêrop wenje.
Jeremia syn boadskip oan Sedekía
12Mei deselde wurden haw ik it tsjin kening Sedekía fan Juda sein: As jimme jim ûnder it jok fan ’e kening fan Babel deljouwe en him en syn folk ûnderhearrich wurde, dan sille jimme it libben derôf rêde. 13Wêrom soenen jimme, josels en jo folk, stjerre troch oarloch, honger of pest, sa’t de Heare it folk oansein hat, dat de kening fan Babel net ûnderhearrich wêze wol? 14Harkje dêrom net nei de wurden fan ’e profeten dy’t tsjin jim sizze, dat jim de kening fan Babel net ûnderhearrich wurde sille, want dy profetearje jim leagens. 15Ik haw har ommers net stjoerd – is de godsspraak fan de Heare – se profetearje jim leagens yn myn namme en meitsje sa, dat Ik jimme ferdriuw en jim omkomme, jimsels en de profeten dy’t by jim steane te profetearjen.
Tsjin de prysters en it folk
16Tsjin de prysters en tsjin al it folk haw ik ek sein: Dit hat de Heare te sizzen: Harkje net nei de profeten dy’t jim wysmeitsje dat it guod út it hûs fan de Heare mei koarten út Babel werombrocht wurdt; want se profetearje jim leagens. 17Harkje net nei harren; wês de kening fan Babel ûnderhearrich, dan sille jim it libben derôf rêde; wêrfoar soe dizze stêd in púnfal wurde moatte? 18As sy wier profeten binne en as sy it wurd fan de Heare krige hawwe, lit har dan dochs by de Heare Almachtich yn ’e pleit gean, dat it guod dat noch yn it hûs fan de Heare en yn it hûs fan ’e kening fan Juda en yn Jeruzalem is, net nei Babel ta rekket. 19Want dit hat de Heare Almachtich te sizzen oer de pylders, de see mei de ûnderstellen en it oare guod dat noch yn dizze stêd is 20en dat kening Nebûkadnessar fan Babel net meinommen hat, doe’t er kening Jekonja fan Juda, de soan fan Jojakim, út Jeruzalem as balling nei Babel brocht mei alle eallju fan Juda en Jeruzalem – 21ja, dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen oer alle guod dat noch yn it hûs fan de Heare en yn it hûs fan ’e kening en yn Jeruzalem is: 22It sil nei Babel brocht wurde en dêr bliuwe oan ’e dei ta, dat Ik der nei omsjoch – is de godsspraak fan de Heare – en it wer ophelje en op dit stee werombring.