Babel santich jier oan ’e macht
1Dit is it wurd dat Jeremia oer it hiele folk fan Juda krige yn it fjirde jier fan kening Jojakim fan Juda, de soan fan Josjia – dat wie it earste jier fan kening Nebûkadnessar fan Babel. 2Dit hat profeet Jeremia hiele Juda en al it folk fan Jeruzalem sein: 3Fan it trettjinde jier fan kening Josjia fan Juda, de soan fan Amon, ôf oan hjoed-de-dei ta – dat is no al trijentweintich jier – hat de Heare my syn wurd takomme litten en haw ik alles deroan dien om jim te warskôgjen, mar jim woenen net harkje. 4De Heare hat jim syn tsjinners, de profeten, stjoerd; Hy hat der alles oan dien, mar jim hawwe net harke en it ear der net nei jûn. 5‘Lit elkenien fan jimme weromkomme fan syn ferkearde paad en syn min dwaan,’ seinen se, ‘dan sille jim ieu-út ieu-yn bliuwe op ’e grûn dy’t de Heare jimme en jim foarâlden jûn hat. 6Rin net achter oare goaden oan om dy te tsjinjen en te oanbidden, en tergje My net mei eigenmakke goaden, oars soe Ik jim kwea dwaan moatte.’ 7Mar jim hawwe net nei ,My harke – is de godsspraak fan de Heare – nee, jim hawwe My terge mei jim eigenmakke goaden ta jim eigen ûngelok.
8Dêrom hat de Heare Almachtich dit te sizzen: Om’t jimme net nei myn wurden harke hawwe, 9dêrom rop Ik alle stammen fan it Noarden op – is de godsspraak fan de Heare – en myn tsjinner, kening Nebûkadnessar fan Babel; en Ik bring har tsjin dit lân yn ’t gewear en tsjin dy’t der wenje, en tsjin alle folken dêromhinne; Ik bring har ûnder de ban en meitsje der in ôfgriis en in bespotting fan, in ivige skande. 10En Ik lit yn har fermidden elk bliid en fleurich lûd ferstomje, it lûd fan breugeman en breid, it lûd fan ’e hânmûne en doch it ljocht fan ’e lampe út. 11It hiele lân sil ien grutte púnfal wurde, in woestenij; santich jier lang sille dizze folken ûnder de kening fan Babel sitte. 12Mar as dy santich jier om binne, dan sil Ik de kening fan Babel en dat naasje, ja it hiele lân fan ’e Chaldeeërs, al har ûngerjochtichheden yn rekken bringe – is de godsspraak fan de Heare – en Ik sil der foar altyd in wyldernis fan meitsje. 13Dan lit Ik oer dat lân komme alles wat Ik deroer sein haw en wat allegearre yn dit boek beskreaun stiet, alles wat Jeremia dy folken oansein hat. 14Want sij sille ek ûnder machtige folken en grutte keningen komme te sitten; sa sil Ik harren werombetelje, wat se oaren oandien hawwe.
De beker fan Gods grime
15Dit hie de Heare, de God fan Israel, my te sizzen: Nim út myn hân dizze beker mei de wyn fan myn grime en lit alle folken dêr’t Ik dy hinnestjoer, derút drinke; 16lit har drinke, dat se der dwyl fan wurde en har ferstân bjuster reitsje fanwegen de oarloch dy’t Ik ûnder har teweechbring. 17Doe naam ik de beker út ’e hân fan de Heare en ik haw alle folken dêr’t de Heare my hinne stjoerde, derút drinke litten: 18Jeruzalem en de stêden fan Juda mei har keningen en har hege hearen, om der in ferfallen oarde fan te meitsjen, in woestenij, in bespotting en in ferflokking, sa’t it der hjoed-de-dei hinne leit; 19Farao, de kening fan Egypte, mei syn tsjinners, syn hege hearen en syn hiele folk; 20en al it basterdfolk en alle keningen fan it lân Oes en alle keningen yn it lân fan ’e Filistinen: Asjkelon, Gaza, Ekron en wat der noch fan Asjdod oer is; 21Edom, Moäb, de Ammoniten; 22alle keningen fan Tyrus, alle keningen fan Sidon en alle keningen fan ’e lannen oan ’e oare kant fan ’e see; 23Dedan, Tema, Bûs en allegearre dy’t harsels de sliepen glêd skeare; 24alle keningen fan Arabië, dy’t yn ’e woestyn wenje; 25alle keningen fan Simry en alle keningen fan Elam; alle keningen fan Medië; 26alle keningen fan it Noarden, tichteby of fierôf; alle keninkriken fan ’e wrâld dy’t der mar binne. As lêste fan allegearre sil de kening fan Sjesjak drinke. 27Dan moatst tsjin harren sizze: Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel te sizzen: Drink, wurd dronken, koarje, en fal derhinne om net wer oerein te kommen fanwegen it swurd dat Ik op jim ôfstjoer. 28Mar as se wegerje de beker fan dy oan te nimmen en te drinken, dan moatsto tsjin har sizze: Dit hat de Heare Almachtich te sizzen: Drinke jimme, drinke! 29Want it stiet sa: Ik begjin mei myn straffen by de stêd dy’t myn namme draacht. En soenen jimme der dan foarwei komme? Jim sille der net foarwei komme, want Ik rop it swurd op tsjin allegearre dy’t op ierde wenje, is de godsspraak fan de Heare Almachtich.
Unheil oer de folken
30Sis har dit allegearre oan en wol mei dizze wurden:
De Heare brinzget fan omhegen,
Hy lit syn lûd hearre út syn hillige wente wei.
Hy brinzget machtich oer syn lânsdouwe,
it wjerlûd komt werom as de rop fan druvetrapers.
Foar alle bewenners fan ’e ierde
31oan ’e úteinen ta komt it geweldige lûd oer;
want de Heare is mei de folken yn ’e pleit.
Hy hâldt rjochtdei oer it hiele minsdom;
dy’t ferkeard binne, hat Er oerjûn oan it swurd –
is de godsspraak fan de Heare.
32Dit hat de Heare Almachtich te sizzen:
Tink derom, it ûnheil giet folk nei folk bylâns,
in fûle stoarm stekt op fan ’e úthoeken fan ’e ierde.
33En dy’t de Heare ferslein hat, lizze dy deis fan ’e iene ein fan ’e ierde oan ’e oare ein ta; der wurdt gjin rouklacht oer hâlden, se wurde net byinoar brocht of begroeven: dong oer de ierdboaiem sille se wêze.
34Gûl hoeders, ja, raas it út,
rôlje jim yn ’e moude om, jim keppelbazen;
want no is ’t sa fier, dat jim sels slachte wurde.
Ik smyt jim fuort, dat jim yn stikken falle
as kostber diggelguod.
35Dan is der foar de hoeders gjin inkelde taflecht mear,
foar de keppelbazen gjin inkelde útwei.
36Hear de hoeders ris razen
en de keppelbazen gûlen,
om’t de Heare har weidlân ferrinnewearre hat
37en om’t har freedsume lânsdouwen weiwurden binne
foar de gleone grime fan de Heare.
38As in jonge liuw hat Er him út syn leger opjûn;
ja, har lân is in woestenij wurden ûnder it wrede swurd,
troch syn gleone grime.