1Dit hie de Heare te sizzen: Gean nei it hûs fan ’e kening fan Juda en sis dêr: 2Harkje nei it wurd fan de Heare, kening fan Juda, jo dy’t op Davids troan sitte, josels, jo hofhâlding en jo folk, jim allegearre dy’t troch dizze poarten geane. 3Dit hat de Heare te sizzen: Soargje foar rjocht en gerjochtichheid, ferlos wa’t beroofd wurdt út ’e macht fan syn ferdrukker, doch de frjemdling, de wees en de widdo gjin kwea, brûk gjin geweld en lit gjin ûnskuldich bloed floeie op dit stee. 4Want as jimme jim dêr trou oan hâlde, dan sille keningen dy’t op Davids troan sitte, troch de poarten fan dit hûs ride op hynders en mei weinen, mei har hofhâlding en har folk by har. 5Mar as jim net nei dizze wurden harkje wolle, dan swar Ik by Mysels – is de godsspraak fan de Heare – dat dit paleis in púnfal wurde sil.
6Want dit hat de Heare oer it keningshûs fan Juda te sizzen:
Al wiesto foar My as Gileäd
of as in top fan ’e Libanon,
dan sis Ik noch, Ik sil in woestenij fan dy meitsje,
in lân mei ûnbewenne stêden.
7Ik rop in kloft fernielers tsjin dy op,
elk mei syn ark;
dy sille dyn prachtige sederbeammen omkapje
en yn it fjoer smite.
8Lju fan allerhanne folken sille by dizze stêd lâns komme en tsjininoar sizze: Wêrom hat de Heare soks dien mei sa’n grutte stêd? 9En it antwurd sil wêze: Om’t se it ferbûn mei har God, de Heare, loslitten hawwe; se hawwe oare goaden oanbidden en tsjinne.
Oer Joächaz
10Skriem net om in deade en sit net oer him te kleien,
skriem leaver om him dy’t fuortrekke is,
want hy komt net werom
en sil it lân fan syn berte net wer sjen.
11Want dit hat de Heare oer kening Sjallûm fan Juda, de soan fan Josjia, te sizzen, de man dy’t syn heit Josjia opfolge wie, mar dy’t de stêd ferlitte moast: Hy komt net werom; 12hy sil stjerre yn it plak dêr’t se him as balling hinnebrocht hawwe, en syn eigen lân sjocht er net wer.
Oer Jojakim
13Wee de man dy’t syn hûs mei ûnearlike middels bout
en syn boppesealen der mei ûnrjocht yn makket;
dy’t syn neiste arbeidzje lit foar neat
en him syn lean net útbetellet.
14Wee him dy’t seit: Ik wol my in rojaal hûs sette,
mei romme boppesealen;
dy’t der finsters yn set, it mei sederhout betimmert
en it read opfervet.
15Moatsto it yn sederhout sykje
om dyn kening-wêzen útkomme te litten?
Nim no jim heit, dy naam it der goed fan,
mar hy soarge foar rjocht en gerjochtichheid,
en it gong him goed.
16De earme en dy’t yn ’e knipe siet,
holp er oan har rjocht,
doe gong it goed.
Kin men dêr net krekt oan sjen,
oft ien My ken?
– is de godsspraak fan de Heare.
17Mar do hast allinne mar each en hert foar dyn eigen belang, foar it rinne litten fan ûnskuldich bloed
en foar macht en geweld om de lju derûnder te hâlden.
18Dêrom hat de Heare dit te sizzen oer kening Jojakim fan Juda, de soan fan Josjia:
Foar him sille se gjin rouklacht hâlde lykas:
‘Och broer, och suster!’
Foar him gjin rouklacht lykas:
‘Och myn hear, och majesteit!’
19In ezelsbegraffenis sil er krije:
se sille him fuortslepe en him earne delsmite
bûten de poarten fan Jeruzalem.
Oer Jojakin
20Klim de Libanon op en rop dêr lûd,
lit dyn lûd yn Bazan hearre,
rop lûd fan ’e Abarim-bergen,
want al dyn frijers binne te lider slein.
21Ik hie dij al te wurd west yn dyn fleurige tiid,
mar do seiste: Ik wol net harkje.
Sa hat it fan jongsôf al mei dy west:
noait om myn sizzen jaan wolle!
22De stoarmwyn sil al dyn foarmannen meitôgje
en dyn frijers geane de ballingskip yn.
Ja, dan silsto der beskamme foarwei komme
om alle kwea datst teweech brocht hast.
23Sasto troanest op ’e Libanon
mei dyn nêst yn ’e sederbeammen,
wat silsto suchtsje, wannear’t de weeën dy oankomme
en de fleagen as by in frou dy’t in bern kriget.
24Sa wier as Ik libje – is de godsspraak fan de Heare –, al wie kening Konja fan Juda, de soan fan Jojakim, dan ek in segelring oan myn rjochterhân – Ik skuor dij derôf! 25En ik jou dij yn ’e macht fan dy’t it op dyn libben fersjoen hawwe en dêrsto sa bang fan bist: yn ’e macht fan kening Nebûkadnessar fan Babel en de Chaldeeërs; 26en Ik smyt dy mei jim eigen mem yn in oar lân, dêr’t jim net te wrâld kommen binne. Dêr sille jim stjerre. 27Mar har eigen lân, dêr’t se sa minlike graach wer hinne woenen, dêr komme se noait wer yn.
28Is dy man, dy Konja, dan in skurf en rampoai stik diggelguod,
in pôt dêr’t gjinien wat om jout?
Wêrom binne hy en syn bern dan fuortsmiten
en ferstjitten yn in lân dat se net koenen?
29O lân, lân, lân,
harkje nei it wurd fan de Heare!
30Dit hat de Heare te sizzen:
Skriuw dy man yn as ien sûnder bern,
ien wa’t al syn libbensdagen neat slagje sil;
nee, gjinien fan syn neiteam sil it oait slagje
op ’e troan fan David te sitten
en wer yn Juda te regearjen.