2Och Hear, God fan ús heit Simeön. Jo hawwe ús heit in swurd yn ’e hân jûn om wraak te dwaan oer de heidenen, dy’t in faam de gurle losmakken om har te besmoargjen, har de klean omheech dienen om har te ûntearjen en har de skurte skeinden om har te skande te meitsjen. Alhoewol ’t Jo sein hienen: Dat mei net, hawwe se it dochs dien. 3Dat dêrom hawwe Jo har foarmannen oerjûn oan ’e dea. En har bêd, dat him skamme oer har smoarge stikken, hawwe Jo mei bloed besmoargje litten. Tagelyk mei de slaven hawwe Jo de foarsten de dea ynjage, ja, de foarsten op har troan. 4Har froulju hawwe Jo as bút oan jo leafste soannen jûn, har dochters as slavinnen, en al har hawwen en hâlden, om dat mei-inoar te ferparten. Want se wienen mei liif en siel Jo tagedien. Dat har bloed besmodze wie, wie harren in ôfgriis en se rôpen Jo oan om help. O God, myn God, harkje dan ek nei my, in widdo. 5Jo hawwe ferline, hjoed en takomst makke. Wat der hjoed is en wat der moarn komt, dat hawwe Jo betocht. En wat der west hat, dat hienen Jo earst al yn Jo omgean litten. 6De dingen dy’t Jo yn ’e holle hawwe, tsjinje har oan en sizze: Hjir binne wy. Want al jo wegen wienen foartiid al klear en wat Jo beslute, dat wisten Jo al yn ’t foar. 7Sjoch, hoe’t de Assyriërs mei in tige grut leger opsetten komme, hoe’n steil wurd se dogge fan har hynders en har ruters, hoe’t se grut geane op de sterkens fan har fuotfolk, hoe’t se har betrouwen sette op skylden en spearen, en op bôgen en slingers. Mar dat Jo de Hear binne dy’t de oarloggen úttrapet, dêr hawwe se gjin witten fan. 8Hear, dat is jo namme. Slaan dan mei jo macht dat leger útinoar, brek dan yn jo grime har sterkens. Want jo hillichdom te skeinen, de tinte dêr’t jo hearlike namme yn wennet te besmoargjen, en de hoarnen fan jo alter derôf te kapjen, dat is har doel. 9Sjoch har grutskens, jit har jo grime oer de holle en meitsje my, in widdo, de hannen sterk, dat ik myn plannen ta in útdragene saak bringe kin. 10Slaan troch de fluenskens fan myn lippen de slaaf mei syn hear en de hear mei syn slaaf. O, slaan dochs troch in frouljushân har grutskens fyn. 11Want jo sterkens leit him net yn ’e mannichte en jo macht net yn ’e sterke mannen, mar Jo binne de God fan ’e needrigen, de help fan ’e earmelytsen, de stipe fan ’e swakken, de beskermer fan dy’t ferlitten binne, de rêder fan dy’t gjin hope mear hawwe. 12O, myn heite God! God fan it erfskip fan Israel, hearsker fan himel en ierde, skepper fan ’e wetters, kening fan alles dat skepen is, wol dochs nei myn smeekjen harkje! 13Jou dochs, dat myn fluenske wurden reitsje en knieze meie allegearre dy’t skandlike stikken betinke tsjin jo ferbûn en tsjin jo hillich hûs, de berch Sion, en tsjin it plak dêr’t jo soannen wenje. 14Dat jo hiele folk en alle stammen it ûnderfine meie, dat Jo God binne, de God fan wa’t alle macht en sterkens is, en dat Jo, en Jo allinne, Israels hoeder binne.