Echte en sabeare godstsjinst
1Rop sa lûd as jim kinne, sparje de kiel net,
set jim lûd út as in hoarn,
lit myn folk hearre, wat se misdien hawwe,
sis it folk fan Jakob de sûnden dy’t se begien ha.
2Wis, dei oan dei freegje se My om in útspraak,
begeare se myn wegen te witten;
as wienen se in folk dat de gerjochtichheid yn acht nimt
en de rjochtsútspraken fan syn God net yn ’e wyn slacht;
se freegje My om rjochtfeardige útspraken;
se binne derop begien om tichte by God te wêzen.
3‘Wêrom’ sizze se, ‘hâlde wy festeldagen as Jo der dochs net nei omsjogge?’
‘Wêrom pinigje wy ússels as Jo der dochs gjin acht op slagge?’
Sjoch, op jim festeldagen dogge jim saken ôf
en driuwe jimme al jim wurkfolk op.
4Sa rint jim festjen út op tsierderij en skeel,
en slagge jim der mei de godfergetten fûst op yn.
Festjen sa’t jimme dat hjoed-de-dei dogge,
dêr beroppe jim de himel net mei.
5Is dat no festjen sa’t Ik it hawwe wol,
in dei fan selskastijing?
In dei, dat men de holle as in snyl hingje lit
en op sekkeguod en yn ’e jiske lizzen giet?
Neamst dat fan jimme no in festeldei,
in dei sa’t de Heare dy hawwe wol?
6Nee, it festjen sa’t Ik it hawwe wol
– is de godsspraak fan de Heare –
dat is: de boeiens fan ûnrjocht losmeitsje,
de bannen fan it twangjok ôfstrûpe,
lju dy’t yn ’e knoei sitte, frijlitte
en oeral it twangjok brekke.
7Moat it net sa wêze: it brea parte mei wa’t honger hat,
earme swalkers yn ’e hûs nimme,
klean jaan wa’st neaken omrinnen sjochst
en dij der net foarweiwine, as dyn meiminske holpen wurde moat?
8Dan sil dyn ljocht trochbrekke as de dage,
do silst hurd betterje as in wûne dy’t wer hielet.
Dan giet dyn gerjochtichheid foar dy út
en slút de gloarje fan de Heare dyn rigen ôf.
9Dan jout de Heare antwurd op dyn roppen
en ast om help bidst, seit Er: ‘Dêr bin Ik al.’
Asto brekst mei alle twingerij
en ophâldst oaren mei de finger nei te wizen en kwea fan har te sprekken,
10asto wa’t honger hat, syn gerak joust as dijsels
en de minske yn ellinde sêd joust,
dan sil yn ’e tsjusternis dyn ljocht komme
en de neare nacht yn ljochtskyndei feroarje.
11Dan sil de Heare aloan dyn paadwizer wêze,
dij sêd jaan yn in ferskroeide lânsdouwe
en dij sterk fan lea meitsje;
do silst wêze as in tún dy’t op ’e tiid wetter krijt,
en as in welle,
dy’t altyd-troch wetter jout.
12Dyn folk sil de âlde púnfallen wer opbouwe,
op ’e fûneminten fan eardere geslachten bousto fierder,
Muorretichter sille se dij neame
en Fernijer fan wenstrjitten.
13Asto net langer oer de sabbat hinne-wâdest,
en myn hillige dei net mear brûkst om dyn saken ôf te dwaan,
mar ast de sabbat in feest neamst
en de hillige dei fan de Heare de eare wurdich;
asto dy earest troch ôf te sjen fan dyn eigen dingen,
en der net op út te gean foar it bepraten fan eigen belangen,
14dan silsto dyn blydskip yn de Heare fine.
Ik lit dij oer de hichten fan it lân ride,
en jou dij it genot fan dyn foarfaar Jakob syn erfdiel,
ja, dat hat de Heare sein.