It nije folk
Jubelje, do ûnfruchtbere frou, dy’t noait in bern it libben joech,
brek yn blide jubel út, al hasto gjin weeën kend,
want de ferlittene frou hat mear bern as de troude, seit de Heare.
Meitsje it plak foar dyn tinte rommer,
span de kleden fan dyn tinthuzen goed wiid út,
meitsje der lange skearlinen oan,
en driuw de kilen djip yn ’e grûn.
Want nei rjochts en nei links silst dy útwreidzje,
dyn neiteam sil de lannen fan ’e heidenfolken yn besit nimme
en yn ’e stêden wenje, dy’t der no ferlitten hinne lizze.
Haw gjin noed, want do rekkest net te skande;
skamje dy net, do hoechst gjin kleur mear te krijen.
Ferjit de skande fan dyn jonge jierren mar
en set de smaad fan dyn widdowêzen fan dy ôf.
Want as man hasto Him dy’t dy makke hat,
Heare Almachtich is syn namme;
en as dyn Loskeaper de Hillige fan Israel,
God fan ’e hiele ierde wurdt Er neamd.
As in frou dy’t sitte litten is
en der mismoedich by sit, wurdst no troch de Heare weromroppen.
Hoe soe men no jins earste leafde ferstjitte? seit dyn God.
It nije ferbûn
In koart skoft haw Ik dy sitte litten,
mar út djip meilijen helje Ik dy werom.
Doe’t de grime My oerrûn,
haw Ik My in set lang net oan dy sjen litten,
mar mei in ivige leafde haw Ik my oer dy ûntferme,
seit de Heare, dyn Ferlosser.
It giet My as yn ’e tiid fan Noäch:
doe haw Ik der in eed op dien,
dat al dat wetter fan ’e grutte floed
it lân der noait wer ûnder sette soe.
Sa swar Ik no, dat Ik net wer lilk op dy wêze sil
en dy net langer bedriigje.
Al soenen de bergen út it stee gean
en de hichten begjinne te skodzjen,
myn leafde foar dy stiet fêst
en myn fredeferbûn is ûnferwrikber,
seit de Heare, dy’t Him oer dy ûntfermet.
It nije Jeruzalem
Do earme, troch de stoarm
ferrinnewearre stêd, wat leist dertreasteleas hinne.
Sjoch, Ik set dyn stiennen yn glânzjend metaal
en lis dyn fûneminten op lazuerstien,
dyn trânsen meitsje Ik fan robinen,
dyn poarten fan fjoerstien,
en dyn hiele ringmuorre fan edelstiennen.
Al dyn boulju leare har wurk fan de Heare,
dyn soannen sil it tige goed mei gean.
Gerjochtichheid sil dyn grûnslach wêze,
alle ferdrukking bliuwst frij fan,
dêr hoechst dy net bang foar te meitsjen;
do bliuwst frij fan alle ferskrikking,
dy kin dij net beneikomme.
As immen al in oanfal op dy docht,
giet soks net fan Mij út;
wa’t dij ek oanfalt, it wurdt syn eigen fal.
Sjoch, Ik haw de smid skepen,
de man dy’t it smidtefjoer oanpûstere
en wapens smeide yn grut ferskaat.
Sa haw Ik ek de man skepen, dy’t alles tsjin ’e grûn sloech.
Gjin inkeld wapen dat tsjin dij smeid wurdt, sil it wer winne
en elk dy’t tsjin dy yn ’e pleit giet,
silsto de mûle snuorje.
Dy’t de Heare tsjinje, kinne dêrop oan:
Ik help har oan har rjocht – is de godsspraak fan de Heare.