Twadde liet oer de Tsjinstfeint fan de Heare
1Hear nei My, lannen oan ’e seekant,
harkje, naasjes omfierrens!
Fan ’e memmeskurte ôf hat de Heare my roppen,
ear’t myn mem my te wrâld brocht,
hat Er myn namme al neamd.
2Myn tonge hat Er in skerp swurd fan makke,
yn it skaad fan syn hân hat Er my ferburgen.
Hy hat in skerpe pylk fan my makke
en my yn syn pilekoker stutsen
3en Hy sei tsjin my: Do bist myn tsjinstfeint,
en troch dij sil Ik My ferhearlikje litte.
4Ik tocht wol: Om ’e nocht haw ik sa yn ’e skrep west,
omdôch haw ik myn krêft ferdien.
Mar de Heare stie foar myn rjocht,
God soarge, dat myn muoite leanne waard.
5Sa kaam ik wer ta myn eare yn ’e eagen fan de Heare,
om’t God myn sterkte wurden wie.
Mar no seit de Heare,
Hy dy’t my al yn ’e memmeskurte foarme hat om syn tsjinstfeint te wêzen,
om Jakob by Him werom te bringen
en Israel foar Him byinoar te swyljen –:
6Foar dij, myn tsjinstfeint, is it net genôch,
datst allinne de stammen fan Jakob der wer boppe-op helpst
en werombringst, dy’t der fan Israel noch oer binne;
nee, Ik meitsje fan dij in ljocht foar de heidenfolken,
dat myn heil oan ’e úteinen fan ’e ierde ta rikt.
7Dit hat de Heare te sizzen,
de Ferlosser en Hillige fan Israel,
tsjin him dêr’t sa op delsjoen wurdt,
dêr’t de heidenfolken in ôfgriis fan hawwe,
tsjin de slaaf fan ’e hurde hearskers.
As se dij sjogge, rize keningen oerein,
en bûge foarsten har djip del,
fanwegen de Heare, dy’t sa trou is,
de Hillige fan Israel, dy’t dij útkard hat.
De weromreis
8Dit hat de Heare te sizzen:
As it My gefallich is, jou Ik dy antwurd,
de deis fan it heil help Ik dy.
Ik haw dy foarme en dy dêrta ornearre
om in ferbûn te wêzen mei it folk,
om it lân der wer boppe-op te helpen,
om fan it ferrinnewearre erfskip
wer in wier erfskip te meitsjen;
9om har dy’t opsletten binne te sizzen: Kom derút!
en dy’t yn ’t tsjuster sitte: Kom foar it ljocht!
Se sille alle wegen lâns gean om te weidzjen
en ek op ’e keale hichten sille se weide fine.
10Se sille honger noch toarst hawwe,
gleone hjitte of stekkende sinne
sille har net pleagje,
want har Untfermer wiist har de wei
en nimt har mei nei rynske wetterwellen.
11Al myn bergen feroarje Ik yn in sljochte wei
en myn grutte wegen wurde ophege.
12Sjoch, dêr komme se oan: guon fan fier om utens,
dy út it noarden, dy út it westen
en ek guon út it lân Syéne wei.
13Himel, rop lûd fan blydskip; ierde,
jubelje it út;
bergen, lit jim blide rop hearre.
Want de Heare hat syn folk grutte treast jûn,
it hat Him begrutte om syn folk yn ellinde.
It folk wurdt wer byinoar brocht
14Mar Sion seit: De Heare hat my ferlitten,
myn Hear tinkt net mear om my.
15Soe in frou it bern ferjitte, dat se oan ’t boarst hat
en gjin begrutsjen hawwe mei it bern dat se by har droegen hat?
Mar al soe soks bestean,
Ik sil dij noait ferjitte!
16Ja, Ik haw dy yn myn hânpalmen gravearre
en dyn muorren haw Ik aloan foar eagen.
17Dy’t dij wer opbouwe sille, komme hurd opsetten,
dy’t dij fernield en ferwoeste hawwe,
sjogge dat se by dy wei komme.
18Slach de eagen op en sjoch om dy hinne:
se kloftsje allegear byinoar en sette op dy ta.
Sa wier as Ik libje – is de godsspraak fan de Heare –
allegear sille it sieraden foar dy wêze, dyst mar opdwaan
en dêrst dy mei toaie kinst as in breid.
19Ja, dyn púnfallen en ferlittene steeën
en dyn ferrinnewearre lân,
dêr sille sa’n minsken wenje, dat it dy te ûnrom wurdt,
en dy’t dy fernield hawwe, binne dan wit-wêr.
20Al wienen dy alear de bern ôfnommen,
de bern dyst krijst, sille ienkear tsjin dy sizze:
‘Dit plak is my te ûnrom,
beskik my romte om te wenjen!’
21En do silst by dysels sizze:
‘Al dy bern, hoe kom ik dêroan?
Earst wienen my de bern ôfnommen
en wie ik in iensume, ferstjittene balling.
Wa hat dy bern dan grutbrocht?
Ik wie ommers allinne oerbleaun,
wêr komme dizzen dan wei?’
22Dit hat de Heare God te sizzen:
No is ’t safier, Ik jou de heidenfolken mei eigen hân de wink,
en hys de seinflagge foar de naasjes;
dyn soannen bringe se dij dan op ’e earm
en dyn dochters drage se op it skouder.
23Keningen sille oer dij as pleechheit stean,
har foarstinnen sille dij it boarst jaan;
oan ’e grûn ta sille se har foar dy delbûge
en dy it stof fan ’e fuotten slikje
en do silst witte, dat Ik de Heare bin;
dy’t My ferwachtsje, komme net beskamme wei.
24Lit in striidber man him syn bút ôfnimme
of lit in geweldhawwer him syn fangst ûntkomme?
25Dêr hat de Heare dit op te sizzen:
Ek de striidbere man sil de fangst ôfnommen wurde
en wat de geweldhawwer bútmakke hat, sil him ûntkomme.
Want Iksels nim it op tsjin wa’t it tsjin dij opnommen hat,
Iksels sil dyn bern ferlosse.
26Ik sil dyn benearders har eigen fleis ite litte
en har eigen bloed sille se dronken fan wurde, as wie it nije wyn.
Dan sil al wat libbet, witte dat Ik, de Heare, dy ferlos
en dy loskeapje,
Ik, de machtige God fan Jakob.