De Heare ferlost syn folk
1No lykwols hat de Heare dit te sizzen,
Hy dy’t dy skepen hat, Jakob,
dy’t dy stal jûn hat, Israel:
Haw gjin noed, want Ik haw dy loskocht,
Ik haw dy by de namme neamd,
do bist Mines.
2Al moatsto troch djip wetter, Ik bin by dy,
al moatsto troch rivieren hinne, dy sille dy net fuortspiele.
Al moatsto troch it fjoer, do silst dy net baarne,
de flammen sille dy net ferskroeie.
3Want Ik bin de Heare, dyn God;
de Hillige fan Israel, dyn Ferlosser.
As dyn lospriis jou Ik Egypte,
Etiopië en Seba om dyn plak yn te nimmen.
4Omdatsto My safolle wurdich bist,
om’t dij de eare takomt en Ik dij leaf haw,
jou Ik foar dij yn ’t plak minsken
en naasjes om dyn libben los te keapjen
5Haw gjin noed, want Ik bin by dy.
Ut it easten wei lit Ik dyn bern weromkomme
en út it westen wei bring Ik jimme byinoar.
6Tsjin it noarden sis Ik: ‘Jou op!’
tsjin it suden: ‘Hâld gjinien benefter!’
Bring myn soannen fan fierrens werom
en myn dochters fan ierdryks úteinen!
7Allegearre dy’t myn namme drage,
dy’t Ik ta myn eare
skepen en foarme haw, dy’t myn wurk binne.
Israel is Gods getuge
8Lit foarkomme dat folk dat eagen hat en dochs blyn is,
dat doof is, al hawwe se earen.
9As alle heidenfolken byinoar kamen
en alle naasjes har ferienigen,
wa ûnder harren soe soks oansizze kinne
en ús útlizze, wat earder west hat?
Lit se mei har getugen komme om har saak te bewizen,
of lit har harkje en dan sizze: Dat is de wierheid!
10Myn getugen binne jimme – is de godsspraak fan de Heare –
myn tsjinners, dy’t Ik útkard haw;
dat jim it witte meie en My leauwe
en ynsjogge dat Ik it bin:
foar My hat gjin God stal krige,
nei My sil der ek gjin wêze.
11Ik, Ik bin de Heare,
der is gjin oare Ferlosser as Ik.
12Iksels haw oankundige, rêden en te witten dien;
gjin frjemde God yn jimme fermidden,
en jim binne myn getugen – is de godsspraak fan de Heare –
dat ik God bin.
13Ek hjoed en altyd bin Ik deselde:
gjinien dy’t My ûntskuort, wat Ik yn hannen haw.
En wat Ik doch, wa kin it keare?
Babel wurdt ferrinnewearre
14Dit hat de Heare te sizzen,
de Hillige fan Israel, dy’t jim loskeapet:
Om jimme sil Ik boadskip nei Babel stjoere,
en de Chaldeeërs allegearre op har fiskersboaten ôfdriuwe litte,
op ’e skippen dêr’t se sa fan beare.
15Ik bin de Heare, jimme hillige God,
de Skepper fan Israel, jimme Kening!
By God is neat ûnmooglik
16Dit hat de Heare te sizzen,
Hy dy’t troch de see in wei
en troch it machtige wetter in paad makke hat;
17dy’t hynder-en-weinen,
in machtich leger yn syn hiele hear
en fear earst opkomme liet –
en dêr leinen se, om noait wer oerein te kommen;
se binne útbaarnd sa’t in oaljepitsje útgiet –
(Hy seit:)
18Bliuw net stilstean by wat west hat
en hâld net fêst oan it ferline.
19Sjoch, Ik bin mei wat nijs dwaande,
it begjint al út te kommen. Fernimme jim it net?
Ja, sels troch de woestyn lis Ik in wei oan
en yn ’e wyldernis meitsje Ik paden.
20Dan sille de wylde bisten My earje,
jakhalzen en strúsfûgels,
om’t Ik yn ’e woestyn foar wetter soargje,
en foar rivieren yn ’e wyldernis
om myn útkard folk oan drinken te helpen.
21Dat folk, dat haw Ik foar Mysels stal jûn
en dat sil myn lof ferkundigje.
Ferlossing komt as in genede
22Nee, do hast My net oanroppen, Jakob,
lit stean, datst foar My yn ’e skrep west hast, Israel.
23Do hast My gjin lytsfee as brânoffer brocht
en My gjin fleisoffers fereare.
Ik haw dy net op moaloffers ferge,
en bin dy net lestich fallen om wijreek.
24Do hast foar My neat útjaan hoegd om kalmus te keapjen,
en My ek net oerfuorre mei it fet fan dyn fleisoffers.
Nee, do hast My opskipe mei dyn sûnden
en ta in lêst west mei dyn ûngerjochtichheden.
25Ik, Ik bin it, dy’t om Mysels dyn misstappen útwiskje
en dyn sûnden tink Ik net mear oan.
26Bring mar in oanklacht tsjin My yn,
fertel mar op en besykje it pleit te winnen.
27Dyn stamfaar wie it al mis mei,
dyn foarsprekkers hawwe it tsjin
My yn ’e kant set.
28Dyn hegerein hat it hillichdom ûntwijd.
Dêrom haw Ik Jakob oan ’e ban oerlevere,
Israel oan ’e beskimping.