God brûkt Koaresj as syn ynstrumint
1Hâld jim stil, no’t Ik sprek, lannen oan ’e seekant,
lit de folken wachtsje op myn bewiis.
Lit har tichterby komme en har wurd dwaan,
lit ús mei-inoar foar it rjocht komme.
2Sis My ris: Wa hat út it easten wei de man oproppen,
dy’t de oerwinning te wachtsjen stiet, wêr’t er de foet ek set?
Wa jout him folken yn ’e macht
en lit him oer keningen hinnewâdzje?
Mei syn swurd fergriemt er harren,
mei syn bôge lit er har fuortstowe as tsjêf.
3Hy jaget har achternei, en giet fierder sûnder in skram,
syn fuotten roere suver gjin grûn.
4Wa hat dat dien en foarinoar brocht?
Hy dy’t geslacht nei geslacht fan begjin ôf oan yn wêzen roppen hat:
Ik, de Heare, dy’t de earste bin
en dy’t ek by de lêsten wêze sil.
5Doe’t de lannen oan ’e seekant dat seagen, waarden se kjel,
de úteinen fan ’e ierde trillen.
Se kamen tichterby en rûnen derop ta.
6Sa helpt de iene de oare
en trunet syn maat oan: Set ta!
7De hantwurksman fitert de goudsmid oan,
de polyster de edelsmid.
Fan it soldearsel seit er: It is yn oarder!
en hy set it byld mei spikers fêst,
dat it net wankel komt te stean.
Wês net bang
8Mar do, Israel, myn feint,
Jakob dy’t Ik útkard haw,
folk fan Abraham, myn freon;
9do dy’t Ik oan ierdryks úteinen opfandele haw
en oproppen út ’e fierste úthoeken wei,
dêr’t Ik tsjin sein haw: Do bist myn feint,
dy’t Ik útkard haw en net oan ’e kant skood –
10haw gjin noed, want Ik bin mei dy,
wês net bang, want Ik bin dyn God;
Ik meitsje dy sterk en help dy,
ja, Ik hâld dy oerein mei myn rjochterhân, dy’t alles oerwint.
11Do silst sjen: Se komme te skimp en te skande,
allegearre dy’t gleonlilk op dy binne;
se geane deroan en komme om,
de lju dy’t tsjin dy yn ’e slach woenen.
12Ast derom sikest, fynst se net iens,
de tsjinstanners fan dij;
neat mei neat bliuwt der oer fan ’e lju dy’t tsjin dy de wapens opnamen.
13Want Ik, de Heare, dyn God,
krij dy by de rjochterhân
en sis dy:
Haw gjin noed, Ik help dy!
God brûkt syn folk en soarget derfoar
14Wês net bang, Jakob, wjirmke datste bist,
Israel, earme lús!
Ik help dy – is de godsspraak fan de Heare –
en dyn Ferlosser is de Hillige fan Israel.
15Sjoch, Ik meitsje in skerpe terskslide fan dij,
in nijenien mei in dûbel stel tosken:
dan silst de bergen terskje en tegnjidzje,
de hichten ferkrommelje ta tsjêf.
16Do smytst har op ’e wanne, de wyn nimt har mei
en de stoarm fersillet har.
Mar do silst jubelje yn de Heare,
en de Hillige fan Israel sil dyn gloarje wêze.
17De earme lijers sykje om wetter en der is gjin,
de tonge is har sa droech as lear.
Ik, de Heare, jou harren antwurd,
Ik, de God fan Israel, lit har net oan har lot oer.
18Oer de keale hichten lit Ik rivieren hinne brûze,
en wellen opbuorlje yn ’e dellings;
de woestyn meitsje Ik in wetterflakte fan,
en gjin lân sa toar of Ik lit oeral wetter útsiperje.
19Dan set Ik sederbeammen yn ’e woestyn,
akazia’s, mirten en olivebeammen;
yn ’e steppe plantsje Ik allegear
jeneverbeien, platanen en sypressen.
20Dan sille se sjen en beseffe,
fernimme en foar ’t ferstân krije,
dat dit wurk is fan de Heare sels,
in skepping fan de Hillige fan Israel.
De Heare allinne hat Koaresj’ wurk foarsein
21Bring jimme saak foar, seit de Heare;
kom op mei jimme bewizen, seit de Kening fan Jakob.
22Lit se nei foaren komme, dy ôfgoaden,
en ús de takomst foarsizze.
Lit dy ús ris fernije, wat it ferline foar doel hie,
dat wy dêr acht op slagge
en witte, wêr’t it op útrûn is.
Of lit se ús fernije, wat noch komme sil.
23Meitsje ús bekend, hoe’t it skielk komt,
dan witte wy, dat jimme goaden binne.
Dòch it ien of oar, goed of kwea,
dan kinne wy freze en ûntsach krije.
24Och, jim binne minder as neat,
en jimme wurk is ta weismiten keard;
wa’t foar jim kiest, is der min oan ta.
25Ik haw ien út it noarden oproppen en hy is kommen;
dêr’t de sinne opkomt haw Ik him by de namme roppen.
Sa’t in pottebakker de klaai trapet,
sa wâdet hy oer steedhâlders hinne,
as wienen se liem.
26Wa hat ús dat fan begjin ôf oan fernijd, dat wy it witte soenen;
sa fier foartiid, dat wy sizze kinne:
Hy hie gelyk?
Nee, gjinien hat it ús fernijd,
gjinien hat it foarsein,
gjinien hat in wurd fan jimme heard.
27As earste haw Ik it Sion oankundige
en Jeruzalem in bringer fan bliid boadskip beskikt.
28Nee, fan har kant is gjin pleiter te finen,
as Ik om My hinne sjoch, komt der gjinien opdaagjen,
dy’t Ik freegje kin en dy’t My antwurd jout.
29It hat neat te betsjutten mei harren,
se sette neat út ’e wei,
en dy bylden fan har binne wyn en fearren.