Tankliet foar de befrijing
1Heare, Jo binne myn God,
Jo wol ik heech sette en jo namme loovje,
want Jo folbringe wûnderwurken
alhiel neffens jo beslút,
wurken dy’t sûnt âlde tiden fêst en wis binne.
2Ja, Jo hawwe fan ’e stêd in stienbult makke,
fan ’e sterke festing in púnfal,
de stins fan ’e heechmoedigen is der net mear
en sil yn der ivichheid net wer opboud wurde.
3Dêrom hâldt in machtige naasje Jo yn eare,
en hawwe de bolwurken fan rouwe folken ûntsach foar Jo.
4Jo wienen ommers in taflecht foar de swakke,
in taflecht foar de earme yn syn benearing,
in skûlplak by min waar,
en in skaad foar de gleone hjitte;
want de geast fan in rou folk is as in stjalprein yn ’e winter,
5as gleone hjitte op in toarre oarde.
It getjirch fan ’e heechmoedigen hawwe Jo it near op lein;
sa’t de hjitte troch it skaad fan in wolk weinommen wurdt,
sa stjert de oerwinningssang fan it rouwe folk wei.
It feestmiel foar de folken
6Op dizze berch sil de Heare Almachtich
alle folken in ryk feestmiel sette,
in feestmiel mei suvere belegere wyn, mei soppich fet fleis.
7En op dizze berch sil Er de wale ferskuorre,
dy’t oer it gesicht fan alle folken leit,
it kleed dêr’t alle naasjes ûnder sitte.
8Hy sil de dea foar ivich ferskuorre,
de Heare God sil de triennen fan alle gesichten feie,
en oer de hiele ierde syn folk de skande ôfnimme,
want de Heare hat it sein.
9Dy deis sil der sein wurde:
Sjoch, dat is ús God, nei Wa’t wy útseagen
en fan Wa’t wy ús heil ferwachten!
Dat is de Heare, nei Wa’t wy útseagen:
lit ús jubelje en bliid wêze, no’t Hy ús rêden hat;
10want de hân fan de Heare leit op dizze berch.
Mar Moäb sil ûnder syn fuotten ferwâde wurde,
sa’t strie ferwâde wurdt yn in skerndobbe.
11No kin Moäb dêr de earms wol útslaan,
sa’t in swimmer by it swimmen docht,
mar Hy sil syn heechmoed ûndertriuwe
mei elke earmslach dy’t er docht.
12Hy hellet dyn sterke, steile muorren del,
Hy sljochtet se en smyt se plat yn it stof.