1Ik bedoel dit: salang’t de erfgenamt noch minderjierrich is, ferskilt er yn neat fan in slaaf, al is er de eigener fan alles. 2Hy stiet ûnder fâden en berêders, oant de tiid dy’t syn heit fêststeld hat. 3Sa stie it der ek mei ús foar: doe’t wy noch minderjierrich wienen, sieten wy ûnder de oermachten. 4Mar doe’t de tiid der ryp foar wie, hat God syn Soan stjoerd. Hy waard berne út in frou, berne ûnder de wet 5om har dy’t ûnder de wet wienen, frij te keapjen, dat wy it plak fan soannen krije soenen.
6Om’t jimme soannen binne, hat God de Geast fan syn Soan ús yn it herte stjoerd, dy’t ropt: Abba, Heit. 7Dêrom bisto net langer slaaf, mar soan. En asto soan bist, dan bisto ek erfgenamt, troch God.
Paulus syn soarch foar de Galatiërs
8Eartiids koenen jimme God net en doe hawwe jimme goaden tsjinne, dat gjin (echte) goaden binne. 9Mar no hawwe jimme God kennen leard – of leaver: no ken God jimme. Hoe komme jimme der dan by en gean werom nei de swakke en earmoedige oermachten? Wolle jimme wer fan foaren ôf oan har slaven wurde? 10Jimme hâlde jim krekt oan besûndere dagen, moannen, tiden en jierren. 11Ik haw noed mei jimme, dat al myn wrotten en wramen faaks om ’e nocht west hat.
12Ik smeekje jimme, bruorren, wurd oan my gelyk, om’t ik ek oan jimme gelyk wurden bin. Oant no ta binne jimme my alhielendal net op it sear kommen. 13Jimme witte dat ik omreden fan sykte jimme de earste kears it bliid boadskip brocht haw. 14De tastân fan myn lichem wie in slimme besiking foar jimme, lykwols hawwe jimme my net ferachte en ferspuid. Jimme hawwe my krektoarsom ynhelle as wie ik in ingel fan God, ja, as wie ik Kristus Jezus sels. 15Jimme wienen doe út ’e skroeven. Wat is dêr no fan oerbleaun? Ik kin fan jimme ferklearje, jimme soenen, as dat mooglik west hie, jimsels de eagen útstutsen en se my jûn hawwe. 16Bin ik no jimme fijân wurden mei jimme de wierheid te sizzen?
17Dy oaren dogge tige har bêst om jimme te winnen, mar net mei goede bedoelings: se wolle skieding bringe tusken jimme en my, dat jimme alles fan har ferwachtsje soenen. 18It is altiten goed as se jin winne wolle foar it goede, altiten en net allinne as ik by jimme bin. 19Myn leave bern, ik moat (by wize fan sprekken) jimme fannijs mei smerten te wrâld bringe oant Kristus foarm yn jimme krige hat. 20Wat soe ik no graach by jimme wêze wolle en yn in oare taal mei jimme prate. Want ik bin glêd mei jimme oan.
It foarbyld fan Hagar en Sara
21Jimme wolle sa graach ûnder de wet stean. Sis my dan ris: harkje jimme sels net nei de wet? 22Der stiet beskreaun dat Abraham twa soannen hie: ien by syn slavinne en ien by syn frije frou. 23Dy by de slavinne wie op natuerlike wize op ’e wrâld kommen, mar dy by de frije frou om’t God it tasein hie. 24Dat is byldspraak: dy beide froulju binne twa testaminten: it iene – fan ’e berch Sinai – krijt bern foar slavernij, dat is Hagar. 25Hagar is de berch Sinai yn Arabië, dat stiet foar it Jeruzalem fan no, want dat is yn slavernij, mei al syn bewenners. 26Mar it Jeruzalem dat boppe is, is frij en dat is ús mem. 27Want der stiet beskreaun:
Wês bliid ûnfruchtbere, do dy’t gjin bern krijst,
jubelje en rop, do dy’t gjin fleagen field hast;
want de frou dy’t allinne stiet, sil gâns bern hawwe,
mear as de frou dy’t in man hat.
28Krekt as Izaäk binne jimme, bruorren, bern, om’t God it tasein hat. 29Mar doe ferfolge it bern dat op natuerlike wize te wrâld kommen wie, it bern dat troch de krêft fan de Geast te wrâld kommen wie. En sa giet it no noch. 30Mar wat seit de Skrift? Jei de slavinne en har bern fuort, want de soan fan ’e slavinne sil de erfenis net partsje mei dy fan ’e frije frou. 31Dêrom binne wy, bruorren, gjin bern fan in slavinne, mar fan ’e frije frou.