Paulus en de oare apostels
1Dêrnei, fjirtjin jier letter, bin ik wer opgien nei Jeruzalem, mei Barnabas. Ik naam ek Titus mei. 2Ik bin doe gien om’t God my dat iepenbiere hie. Ik haw it bliid boadskip, dat ik oan ’e heidenen ferkundigje, harren foarlein yn in besletten gearkomste mei de foarmannen. Ik woe net dat myn skreppen neat opsmiten hie of opsmite soe. 3Mar sels Titus, myn reismaat, dy’t dochs in Gryk wie, waard net ienris twongen om him besnije te litten. 4Ek net om ’e sabeare-bruorren. Dy wienen ynglûpt om de frijheid te bespionearjen dy’t wy yn mienskip mei Kristus Jezus hawwe, en sa wer slaven fan ús te meitsjen. 5Wy hawwe der lykwols gjin tel oer tocht om har har sin te jaan. Want wy woenen, dat de wierheid fan it bliid boadskip foar jimme bewarre bliuwe soe.
6Mar wat de foarmannen oangiet – hoe’t har posysje earder wie, makket foar my gjin ferskil, God lûkt net ien foar – dy foarmannen hawwe my fierders neat oplein. 7Krekt oarsom, se seagen dat my it bringen fan it bliid boadskip foar de net-Joaden tabetroud wie, lykas oan Petrus dat foar de Joaden. 8Want Hy dy’t makke hat, dat Petrus in apostel foar de Joaden waard, hat makke dat ik ien waard foar de heidenen. 9Jakobus, Kefas en Johannes dy’t foar pylders (fan ’e tsjerke) geane, binne ta it ynsjoch kommen, dat ik dat út genede krige haw en se hawwe my en Barnabas de rjochterhân jûn, as teken fan mienskip yn it wurk; wy soenen nei de heidenen gean en sij nei de Joaden. 10Allinnich soenen wy de earmen yn omtinken hâlde. En dêr haw ik ek alle flyt op dien.
Paulus set yn Antiochië Petrus te plak
11Mar doe’t Petrus yn Antiochië kommen wie, bin ik tsjin him yngien dêr’t er sels by wie, om’t er dúdlikernôch ûngelyk hie. 12Earst plichte er mei de heidenen te iten. Mar doe’t der lju fan Jakobus kommen wienen, klaude er tebek en hâlde er him apart, om’t er bang wie foar de Joadske kristenen. 13Ek de oare Joaden begûnen mei him skynhillich te dwaan, dat fan gefolgen ek Barnabas him meinimme liet troch har skynhilligens.
14Mar doe’t ik seach dat har hâlden en dragen net strookte mei de wierheid fan it bliid boadskip, haw ik tsjin Kefas sein, dêr’t elkenien by stie: Do bist in Joad en dochs libbest as in heiden en net as in Joad. Hoe kinsto dan de heidenen twinge om as Joaden te libjen?
Joaden èn heidenen wurde behâlden troch it leauwen
15Wy binne Joaden fan komôf en net fan dy heidenske sûnders, 16mar wy witte dat in minske net frijsprutsen wurdt troch te dwaan wat de wet seit, mar allinnich troch te leauwen yn Jezus Kristus. Wy binne dan ek ta it leauwen yn Kristus Jezus kommen om frijsprutsen te wurden krekt troch ús leauwen yn Kristus en net troch te dwaan wat de wet seit. Want gjin stjerlik minske wurdt frijsprutsen troch te dwaan wat de wet seit.
17As wy no besykje om troch Kristus frijsprutsen te wurden en it docht dêrby bliken, dat wysels ek sûnders binne, stiet Kristus dan yn ’e tsjinst fan ’e sûnde? Ut-noch-yn net. 18Mar as ik besykje om wer op te bouwen wat ik ôfbrutsen haw, dan wiis ik mysels as sûnder oan. 19Want sels bin ik troch de wet foar de wet stoarn om foar God te libjen. Mei Kristus bin ik oan it krús slein, 20en sels libje ik net mear, mar it is Kristus dy’t yn my libbet. Myn ierdsk bestean-fan-no libje ik troch te leauwen yn ’e Soan fan God, dy’t my leaf hân en syn libben foar my offere hat. 21De genede dy’t God jout, wol ik net fersmite. As men ommers frijspraak krije soe troch de wet, dan soe Kristus fergees stoarn wêze.