Ezra 1
Koaresj jout de ballingen frij om werom
1Yn it earste regearingsjier fan kening Koaresj fan Perzië woe de Heare syn wurd, útsprutsen troch Jeremia, folbringe. Hy fitere him oan om syn hiele keninkryk troch in oprop te dwaan en dy ek op skrift te setten; dêr stie yn: 2Dit hat kening Koaresj fan Perzië te sizzen: Alle keninkriken fan ’e ierde hat de Heare, de God fan ’e himel, my jûn, en Hy hat my opdroegen in hûs foar Him te bouwen yn Jeruzalem, dat yn Juda leit. 3Al wa’t fan jimme by syn folk heart, God mei him bystean! Lit him nei dat Jeruzalem opgean, dat yn Juda leit en bou it hûs fan ’e Heare, de God fan Israel! Hy is nammentlik de God dy’t yn Jeruzalem wennet. 4En allegearre dy’t as frjemdling oerbleaun binne, moatte oeral troch har plakgenoaten mei sulver, goud, ark en fee skewield wurde. Dêroerhinne moatte se ek noch wat weijaan foar it hûs fan dy God, dy’t yn Jeruzalem wennet.
5Doe joegen de famyljehaden fan Juda en Benjamin har op mei de prysters en de leviten, koartsein mei allegearre dy’t God dêrta oanfitere hie om op te gean en bou it hûs fan ’e Heare dy’t yn Jeruzalem wennet. 6En al har buorlju stipen har mei sulverguod, goud, ark, fee en kostber spul, bûten alles wat frijwillich jûn waard.
7Kening Koaresj liet ek al it reau út it hûs fan de Heare dat Nebûkadnessar út Jeruzalem weitôgje litten hie en plak jûn hie yn it hûs fan syn god, te foarskyn helje. 8It opheljen liet kening Koaresj fan Perzië opkomme foar Mitradat, de skatbewarder; dy telde it út foar Sjesjbassar, de foarst fan Juda.
9Dit wie it tal: gouden skalen tritich, sulveren skalen tûzen, messen njoggenentweintich, 10gouden bekers tritich, sulveren bekers fjouwerhûndert en tsien, oar reau tûzen. 11Alle goud- en sulverguod mei-inoar wie fjouwerenfyftich hûndert. Dat liet Sjesjbassar allegearre mei de ballingen út Babel nei Jeruzalem bringe.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap