De ôfgoaderij yn Jeruzalem
1Yn it sechste jier, op ’e fyfte fan ’e sechste moanne, siet ik yn ’e hûs mei de âldsten fan Juda foar my oer. Doe ynienen foel dêr de hân fan God de Heare op my. 2Ik seach op en wat ik seach, like wol in manspersoan. Fan wat syn heupen wêze moasten, like it nei ûnderen ta fjoer en fan syn heupen ôf nei boppen ta wie soks wat as in glâns, dy’t skittere as blinkend metaal. 3Doe stiek er wat út, dat de foarm hie fan in hân en krige my by it hier. Mei tilde in wynpûst my op, dat ik tusken himel en ierde kaam, en brocht my yn in godlik fizioen nei Jeruzalem, by de yngong fan ’e binnenste poarte’ dy’t op it noarden útsjocht, dêr’t it plak is fan it ôfgodsbyld dat de hillige oergeunst fan de Heare geande makket. 4En sjoch, dêr wie de hearlikheid fan de God fan Israel, krekt sa’t ik dy yn ’e delling sjoen hie.
5Hy sei tsjin my: Minskesoan, sjoch de noardkant út. Dat die ik en ja, oan ’e noardkant fan ’e Alterpoarte stie by de yngong dat byld, dat de oergeunst fan de Heare geande makket. 6Minskesoan, sei Er, sjochst wol wat se dêr dogge? De skandlike praktiken dy’t it folk fan Israel hjir bedriuwt, dy driuwe My fier by myn hillichdom wei. En do silst noch mear fan sokke ôfgryslike dingen sjen. 7Doe brocht Er my nei de yngong fan it foarhôf en dêr seach ik, dat der in gat yn ’e muorre siet. 8Minskesoan, sei Er tsjin my, brek troch de muorre hinne. Dat die ik en sa krige ik tagong. 9Hy sei tsjin my: Gean deryn en sjoch, wat foar skandlike praktiken se hjir bedriuwe. 10Ik gong deryn en seach allerhanne ôfbyldings fan krûpende bisten en oar ûngedierte en allerhanne smoarge ôfgoaden fan it Israelfolk. Dy wienen oeral yn ’t rûn op ’e muorre te sjen. 11Santich fan ’e âldsten fan it folk fan Israel stienen derfoar mei Jaäzanja, de soan fan Sjafan, der midden yn; elk hie syn wijreekfet yn ’e hân, dêr hong de reek fan in wijreekwolk, dy’t de hichte yngong. 12Hy sei tsjin my: Sjochsto wol, minskesoan, wat de âldsten fan it Israelfolk yn it tsjuster dogge, elk yn syn keamer mei bylden? Och, tinke se, de Heare sjocht ús dochs net, de Heare hat it lân oan syn lot oerlitten. 13Do silst, sei Er tsjin my, noch mear fan sokke slimme skandlike praktiken fan har sjen.
14Doe brocht Er my nei de yngong fan ’e Noarderpoarte fan it hûs fan de Heare. Dêr sieten froulju om Tammûz te skriemen. 15Hast it sjoen, minskesoan? frege Er my. Do silst noch mear fan sokke skandlike praktiken te sjen krije. 16Doe brocht Er my nei it binnenste foarhôf fan it hûs fan de Heare en dêr by de yngong fan it hillichdom fan de Heare, tusken de foarhal en it alter wienen sa’n fiifentweintich man mei de rêch nei it hillichdom fan de Heare takeard en mei it gesicht nei it easten; sa bûgden se har yn oanbidding foar de sinne. 17En Hy sei tsjin my: Hast it sjoen, minskesoan? Wie it foar it folk fan Juda noch net moai genôch oan sokke skandlike praktiken te dwaan, sa’t se hjir dogge en moasten se dêrom fan it lân ek noch ien stik geweld meitsje en My hieltyd wer tergje? Sjoch, se hâlde My in tûkje fan in wynrank ûnder de noas! 18Grammoedich sil Ik har oanpakke. Ik sil har ûngenadich neisjen en neat en nimmen sparje. Al roppe se My ek noch sa lûd oan, Ik harkje der net nei.