De Heare lykwols sei tsjin Mozes: Sjoch, Ik haw dy oansteld ta in god foar Farao en Aäron, dyn broer, sil dyn profeet wêze. Do moatst alles sizze wat Ik dy opdrage sil en Aäron, dyn broer, sil it wurd dwaan by Farao, dat dy de Israeliten út syn lân gean lit. Mar Ik sil Farao it hert hurd meitsje en Ik sil yn Egypte teken op teken en wûnder op wûnder dwaan. Farao lykwols sil net nei jim harkje. Mar dan sil Ik myn hân op ’e Egyptners delkomme litte en Ik sil myn legers, myn folk, de Israeliten, út Egyptelân liede ûnder grutte oardielen. En de Egyptners sille gewaar wurde dat Ik de Heare bin, as Ik myn hân tsjin ’e Egyptners útstek en Ik de Israeliten út har fermidden weilied.
Dat dienen Mozes en Aäron. Sa’t de Heare har opdroegen hie, sa hawwe se dien. Mozes wie tachtich en Aäron trijeëntachtich jier, doe’t se tsjin Farao sprieken.
De Heare sei tsjin Mozes en Aäron: As Farao tsjin jimme seit: Doch ris in wûnderteken, dan moatst tsjin Aäron sizze: Nim dyn stôk en smyt him foar Farao del. En dan sil er in grutte slange wurde.
Doe’t Mozes en Aäron by Farao kamen, dienen se krekt sa’t de Heare it har opdroegen hie. Aäron smiet syn stôk foar Farao en syn tsjinstfeinten del en dy waard in grutte slange. Mar Farao liet de wizen en de tsjoenders ek roppe en dy, de wiersizzers, dienen krekt itselde mei har tsjoenderijen. Elk smiet syn stôk del en dy waarden allegearre slangen, mar de stôk fan Aäron slokte har stokken op. Mar Farao hâlde de stive kop derfoar en harke net nei har, lykas de Heare al sein hie.
De earste pleach
Doe sei de Heare tsjin Mozes: Farao is stiifkoppich. Hy wegeret it folk gean te litten. Gean moarnier, as er nei it wetter giet, nei Farao ta. Gean dan op ’e kant fan ’e rivier stean him op te wachtsjen. De stôk, dy’t yn in slange feroare west hat, moatst yn ’e hân nimme. Sis dan tsjin him: De Heare, de God fan ’e Hebreeërs hat my nei jo tastjoerd om te sizzen: Lit myn folk gean, dat hja My tsjinje kinne yn ’e woestyn. Jo hawwe dêr lykwols oant no ta net nei harke. Dit hat de Heare te sizzen: Hjir sille jo oan witte dat Ik de Heare bin: Ik sil mei de stôk dy’t Ik yn ’e hân haw op it wetter yn ’e Nyl slaan en dan sil dat yn bloed feroarje. De fisk yn ’e Nyl sil deagean en de Nyl sil stjonke. En it wetter út ’e Nyl sil foar de Egyptners net te drinken wêze.
Dêrop sei de Heare tsjin Mozes: Sis tsjin Aäron: Nim dyn stôk en stek de hân út oer de wetters fan Egypte, oer har streamen, har rivieren, har marren en al har wetterpuollen en dan sil it bloed wurde. Yn hiele Egypte sil der bloed wêze oant yn ’e houten en stiennen tûnen ta.
Mozes en Aäron dienen sa’t de Heare har opdroegen hie. Foar de eagen fan Farao en syn tsjinstfeinten ûnderhelle Mozes de stôk en sloech it wetter yn ’e Nyl. En alle wetter yn ’e Nyl feroare yn bloed. En de fisk dy’t yn ’e Nyl wie, gong dea, dat de Nyl stonk en de Egyptners koenen it Nylwetter net drinke. Ja, der wie bloed yn hiele Egypte. Mar de Egyptyske wiersizzers dienen itselde mei har tsjoenderijen, dat Farao hâlde de stive kop derfoar en harke net nei harren, lykas de Heare al sein hie. Farao kearde him om en gong wer nei hûs. Ek dit naam er him net nei. Mar de Egyptners groeven allegearre yn ’e omkriten fan ’e Nyl nei drinkwetter, want it Nylwetter koenen se net drinke. Sa ferrûnen der sân dagen nei’t de Heare de Nyl slein hie.
Twadde pleach
Doe sei de Heare tsjin Mozes: Gean nei Farao ta en sis tsjin him: Dit hat de Heare te sizzen: Lit myn folk gean, dat se My tsjinje. Mar as jo wegerje har gean te litten, dan sil Ik jo hiele gebiet reitsje mei kikkerts. De Nyl sil optille fan kikkerts; dy sille opsetten komme en by jo yn ’e hûs komme, yn jo sliepkeamer en op jo bêd en ek by jo tsjinstfeinten en jo folk yn ’e hûs, yn jo bakovens en baktrôgen. En de kikkerts sille by jo, jo folk en jo tsjinstfeinten opspringe.