De wenning
De wenning moatst meitsje fan tsien tintkleden fan twynd fyn linnen en fan pearse, poarperreade en karmozynkleurige wol. Do moatst se meitsje mei kearûb-ingels, dêr fakkundich yn oanbrocht. De langte fan ien sa’n kleed is achtentweintich jellen en de breedte fjouwer jellen. De mjitte foar alle kleden is gelyk. De kleden moatte fiif by fiif oaninoar fêstmakke wurde. Dan moatst pearse trinskes meitsje oan ’e seame fan it kleed oan ’e ein dêr’t it fêstmakke wurdt. Sa moatst ek dwaan oan ’e seame fan it einichste kleed, dêr’t dat fêstmakke wurdt oan it oare. Fyftich trinskes moatst oan it iene kleed meitsje en fyftich oan ’e ein fan it oare kleed, dêr’t dat fêstmakke wurdt oan it oare. De trinskes moatte dus krekt foarinoar oer stean. Fierders moatst fyftich gouden heakken meitsje en mei dy heakken moatst it iene kleed oan it oare fêstmeitsje, dat it ien wenning wurdt.
Dan moatst kleden fan geitehier meitsje foar in tinte oer de wenning. Alve fan dy kleden moatst meitsje. De langte is tritich jellen en de breedte fjouwer jellen it kleed. Alle alve kleden hawwe deselde mjitte. Do moatst fiif fan ’e kleden apart oaninoar fêstmeitsje en seis kleden ek apart. It sechste kleed moatst dûbeld teare oan ’e foarkant fan ’e tinte. Dan moatst fyftich trinskes meitsje oan ’e seame fan it iene kleed, oan ’e ein dêr’t it fêstmakke wurdt en fyftich trinskes oan ’e seame fan it twadde kleed dêr’t it oan it earste fêstmakke wurdt. En fyftich heakken fan koper moatst meitsje en dy heakken moatst yn ’e trinskes oanbringe. Sa moatst de tinte fêstmeitsje dat it ien gehiel wurdt.
Wat der oer is fan ’e tintkleden, dat ôfhinget, dêrfan moat de helte oan ’e achterkant fan ’e wenning ôfhingje. En de jellen oan ’e iene kant en oan ’e oare kant fan wat der yn ’e langte fan ’e tintkleden ôfhinget, dat sil der oer wêze oan ’e sydkanten fan ’e wenning, om dy oan wjerskanten te bedekken. Dan moatst noch in tek oer de tinte meitsje fan readferve ramshûden en dêroerhinne in tek fan dassehûden.
It houtwurk fan ’e wenning
Do moatst de planken fan ’e wenning meitsje fan rjochtopsteand akaziahout. Elke planke moat tsien jellen lang en oardel jellen breed wêze. Twa útsteksels moatte oan ien planke sitte, de iene mei de oare ferbûn. Sa moatst mei alle planken fan ’e wenning dwaan. De planken foar de wenning moatst sa meitsje: tweintich planken foar de side op it suden, en fjirtich sulveren fuotstikken moatst meitsje ûnder de tweintich planken, hieltyd twa fuotstikken ûnder ien planke, foar de beide útsteksels. Ek oan ’e oare side fan ’e wenning, de noardkant, tweintich planken mei de fjirtich sulveren fuotstikken derby. Hieltyd twa fuotstikken ûnder ien planke. Foar de achterkant, de westside fan ’e wenning, moatst seis planken meitsje en twa planken moatst meitsje oan wjerskanten fan ’e hoeken oan ’e achterside. Dy moatte fan ûnderen ôf krekt gelyk wêze en mei-inoar ien gehiel foarmje oant boppen, oan ’e iene ring, ta. Sa sille dy tegearre de beide hoeken foarmje. Der binne dus acht planken mei dêrby sechtsjin sulveren fuotstikken, hieltyd twa fuotstikken ûnder ien planke.
Dan moatst dwersklampen fan akaziahout meitsje; fiif foar de planken fan ’e iene side fan ’e wenning en fiif dwersklampen foar de planken fan ’e oare side en fiif dwersklampen foar de planken fan ’e achterside fan ’e wenning op it westen. De dwersklampe dy’t op it midden fan ’e planken sit, moat trochrinne fan ’e iene ein nei de oare. De planken moatst mei goud beslaan en de ringen dêr’t de dwersklampen yn moatte, moatst fan goud meitsje. Ek de dwersklampen moatst mei goud beslaan. Sa moatst de wenning opsette neffens it bestek dêrfan, dat dy op ’e berch toand is.
It foarkleed en it gerdyn
Do moatst in foarkleed meitsje fan pearse, poarperreade en karmozynkleurige wol en twynd fyn linnen. Kearûb-ingels moatst dêr fakkundich yn oanbringe. Do moatst it hingje oan fjouwer pylders fan akaziahout, dy’t mei goud beslein binne, mei heakken fan goud, op fjouwer sulveren fuotstikken. Do moatst it foarkleed ophingje ûnder de rûne heakken. Dan moatst dêr, binnen it foarkleed, de arke mei de ferbûnsakte bringe. Dat foarkleed sil dan foar jimme de skieding wêze tusken it hillige en it alderhillichste. En it soendeksel moatst op ’e arke mei de ferbûnsakte lizze, yn it alderhillichste. De tafel moatst bûten it foarkleed delsette en de ljochter foar de tafel oer oan ’e súdkant fan ’e wenning; de tafel moatst oan ’e noardkant sette.
Foar de yngong fan ’e tinte moatst in gerdyn meitsje fan pearse, poarperreade en karmozynkleurige wol en fyn twynd linnen, borduerwurk. En foar dat gerdyn moatst fiif pylders fan akaziahout meitsje en dy beslaan mei goud; de heakken dêroan fan goud. En dan moatst dêr fiif koperen fuotstikken foar jitte.