b. Rjochten fan Hebrieuske slaven
Dit binne de rjochtsregels dyst har foarhâlde silst: Ast in Hebrieuske slaaf kocht hast, sil dy dy seis jier tsjinje. It sânde jier lykwols sil er as frij man, sûnder fergoeding, fuortgean. As er allinne kommen is, dan sil er ek allinne wer fuortgean. Hie er in frou, dan sil syn frou mei him fuortgean. As syn hear him in frou jûn hat en dy hat him soannen of dochters jûn, dan sil dy frou mei de bern dy’t se krigen hat, fan har hear wêze en hy sil allinne fuortgean. Mar as dy slaaf mei safolle wurden sizze soe: Ik hâld fan myn hear en fan myn frou en bern, ik wol net as frij man fuortgean, dan sil syn hear him by God bringe. Hy sil him bringe by de doar of doarstile en syn hear sil him in priem troch it ear stekke en dan sil er foar altyd syn slaaf wêze.
As ien syn dochter as slavinne ferkocht hat, dan sil dy net fuortgean sa’t slaven fuortgeane. As har hear, dy’t har foar himsels ornearre hie, har net lije mei, dan moat er har loskeapje litte. It is him net tastien har oan in frjemd folk te ferkeapjen, omdat er har ûntrou west hat. As er har foar syn soan ornearre hie, dan moat er har de rjochten fan in dochter jaan. As er der noch in oare frou by nimt, mei er har net te koart dwaan op it stik fan iten, klaaiing en de bysliep. As hy dy trije dingen net oan har docht, mei hja fergees, sûnder fergoeding, fuortgean.
c. Deaslach en minske roof
Wa’t immen sa slacht, dat dy it bestjert, dy moat sûnder mis deade wurde. Die er it lykwols net mei opsetsin, mar hat God it troch syn hân sa beskikt, dan sil Ik in plak fêststelle, dêr’t er hinne flechtsje kin. Mar as ien it der op talein hat om syn neiste te fermoardzjen, dan moatst him sels by myn alter weihelje om him te deadzjen.
Wa’t syn heit of mem slacht, dy sil sûnder mis deade wurde.
As ien in minske stelt, likefolle oft er him al ferkocht hat, of dat er noch yn syn besit oantroffen wurdt, dan sil er sûnder mis stjerre.
d. Rûzje, mishanneling
As ien syn heit of syn mem ferflokt, dan sil er sûnder mis stjerre.
As manlju rûzje hawwe en de iene slacht de oare mei in stien of mei de fûst en hy stjert der wol net oan, mar rekket al op bêd, en hy komt dêr dan wer ôf en kuieret wer bûten mei in stôk, dan sil hy dy’t him slein hat, frijút gean. Hy moat him allinne it syktefersom en de dokterskosten fergoedzje.
As in man syn slaaf of slavinne mei in stôk slacht en dy stjert ûnder syn hannen, dan moat er syn straf ha. Mar as dy noch ien of twa dagen yn it libben bliuwt, dan hoecht dy man net straft te wurden. It is ommers syn eigen besit.
As manlju slaande deilis binne en hja jouwe in frou yn ferwachting sa’n stomp, dat it bern har ôfgiet, mar it is net deadlik, dan sil er sûnder mis in boete betelje, al nei’t de man fan ’e frou – yn oerlis mei skatters – him opleit. Is it lykwols deadlik, dan sil hy libben foar libben jaan, each foar each, tosk foar tosk, hân foar hân, foet foar foet, brânblier foar brânblier, sneed foar sneed, strime foar strime.
As ien it each fan syn slaaf rekket, of it each fan syn slavinne, dat it ljocht derút giet, dan moat er dy om dat each as frij man gean litte.
As er syn slaaf in tosk útslacht, of syn slavinne, dan moat er dy om dy tosk as frij man gean litte.
e. Ferantwurdlikheid foar it fee
As in hoarnbist in man of in frou sa stompt, dat dy it bestjert, dan moat dat bist sûnder mis stiennige wurde en it fleis mei net iten wurde. De eigener fan it hoarnbist lykwols giet frijút. As in hoarnbist lykwols foartiid al stjitterich wie en dat wie syn eigener bekend makke, mar hy hie gjin maatregels nommen en it makket dan in man of in frou dea, dan moat it hoarnbist stiennige wurde, mar ek syn eigener moat stjerre. As him in soenjild oplein wurdt, dan sil er alles dat him oplein is, jaan as lospriis foar syn libben. As er in soan of in dochter stompt, dan moat neffens dyselde rjochtsregel mei him hannele wurde. As it hoarnbist in slaaf of in slavinne stompt, dan moat de eigener fan it bist oan ’e eigener fan ’e slaaf of slavinne tritich sulverstikken jaan. Mar it hoarnbist moat stiennige wurde.
As ien in put iepen makke hat, of hy hat in put groeven en dy net ôfdutsen en dêr falt in hoarnbist yn of in ezel, dan moat de eigener fan ’e put in fergoeding betelje. Hy moat dêr oan ’e eigener jild foar yn it plak jaan. It deade dier sil dan lykwols sines wêze. As ien syn hoarnbist in oar sines sa rekket dat it deagiet, dan moatte se it libbene hoarnbist ferkeapje en it jild partsje. Ek it deade dier moatte se partsje. Wie it lykwols bekend dat it hoarnbist ek foartiid al stjitterich wie, en syn eigener hie gjin maatregels nommen, dan sil er mei in hoarnbist dat hoarnbist fergoedzje. It deade dier sil lykwols sines wêze.
f. Straf op stellen
As ien in hoarnbist stelt of in skiep en hy hat it slachte of ferkocht, dan moat er foar it hoarnbist fiif kij en foar it skiep fjouwer stik lytsfee fergoedzje.