De Joaden dogge wraak
1 Op ’e trettjinde dei fan ’e tolfte moanne, de moanne Adar, moast it skriuwen fan ’e kening útfierd wurde. 2 Dyselde deis kamen de tsjinstanners fan ’e Joaden om; want net ien doarst it tsjin harren op te nimmen, sa’n ûntsach hienen se foar harren. 3 En de foarsten fan ’e steedhâlders, de lânfâden en de amtners fan ’e kening hâlden de Joaden yn eare, want de skrik foar Mordekai siet der by harren yn. 4 Want it nijs fan it beslút fan ’e kening gong as diggelfjoer troch it hiele ryk. [ 5 ] 6 Yn ’e stêd Sûsan deaden en ferdylgen de Joaden fiifhûndert man. 7 Ek Parsandata, Dalfon, Aspata, 8 Porata, Adalja, Aridata, 9 Parmasta, Arisai, Aridai en Waizata, 10 de tsien soannen fan Haman, de soan fan Hammedata, de Bûgeeër, de Joadehater, makken se fan kant en se berôven har.
11 Doe’t no op dy dei it tal deaden yn ’e stêd Sûsan oan ’e kening bekend makke wie, 12 sei de kening tsjin Ester: Yn ’e stêd Sûsan hawwe de Joaden al fiifhûndert man deaslein, wat sille se dan net dien hawwe yn ’e provinsjes! Wat is no dyn fraach, – der sil oan foldien wurde. 13 Doe sei Ester tsjin de kening: Lit oan ’e Joaden tastien wurde, ek moarn noch lyksa te dwaan, dat de tsien soannen fan Haman ophongen wurde. 14 De kening bestelde sa te dwaan en liet bekend meitsje, dat de Joaden fan ’e stêd de liken fan de soannen fan Haman ophingje mochten. 15 De Joaden dy’t yn Sûsan tahâlden, kamen ek op ’e fjirtjinde dei fan ’e moanne Adar gear en sloegen yn Sûsan trijehûndert man dea, mar se makken gjin bút. 16 En de oare Joaden yn it keninkryk kamen gear en rêden har libben en krigen rêst fan har fijannen. Se sloegen fyftich miljoen fan har haters dea, mar se makken gjin bút. 17 En op de fjirtjinde dei fan ’e selde moanne rêsten se út en fierden dy as rêstdei mei blydskip en wille.
18 De Joaden fan Sûsan kamen lykwols ek op ’e fjirtjinde gear en rêsten net; dy fierden de fyftjinde mei blydskip en wille. 19 Dêrom fiere de Joaden dy’t oer alle lannen ferspraat binne en op it plattelân wenje, de fjirtjinde dei fan de moanne Adar as in feestdei mei wille en se stjoere inoar allegear geskinken, en dy’t yn ’e grutte stêden wenje fiere ek wol de fyftjinde Adar as in blide feestdei en stjoere inoar dan geskinken.
It Pûrimfeest fêstlein
20 Mordekai skreau dizze foarfallen op yn in boek. Hy stjoerde brieven oan alle Joaden, tichteby en omfierren yn it ryk fan Ahasfearos, 21 om harren te ferplichtsjen jierliks likegoed de fjirtjinde as de fyftjinde fan ’e moanne Adar as feestdagen te fieren, 22 – it hienen ommers dagen west, dat de Joaden rêst krigen fan har fijannen – en om de hiele moanne, te witten Adar, dy’t foar harren feroare wie fan drôvens yn wille en fan rouwe yn in feestdei, te fieren as feestdagen mei lekker iten en wille, dêr’t se har freonen geskinken op jaan soenen en ek oan de earmelju. 23 De Joaden koenen deryn meigean, sa’t Mordekai har skreaun hie. 24 Haman ommers, de soan fan Hammedata, de Masedoaniër, hie de Joaden bestriden en hy hie it beslút nommen en it lot wurpen om har út te roegjen. 25 En hy wie nei de kening tagien om te sizzen dat Mordekai ophongen wurde moast; mar it kwea dat er oer de Joaden bringe wollen hie, wie op syn eigen holle delkommen. En se hawwe him en syn soannen op ’e peal spytst. 26 Dêrom wurde dy dagen Pûrim neamd fanwegen de lotten, omdat dy yn har eigen taal Pûrim neamd wurde, om al wat yn dy brief beskreaun stie en om wat se yn dit stik fan saken sels ûnderfûn hienen en om wat se meimakke hienen. 27 Doe stelden de Joaden fêst en namen foar harsels en har neiteam en foar al wa’t him by har oanslute soe oan, dat se dêr net fan ôfwike soenen; dizze dagen soenen ta oantinken fierd wurde fan âlder op âlder yn elke stêd, elk lân en elke provinsje. 28 Sa soenen dy Pûrimdagen troch alle tiden hinne hâlden wurde en de betinking derfan by har neiteam net ophâlde.
De ûnferjitliken: Ester en Mordekai
29 Keninginne Ester, de dochter fan Aminadab, mei Mordekai de Joad, lieten noch in skriuwen útgean oer wat se dien hienen en om dizze twadde Pûrimbrief fan krêft te meitsjen. 30 31 Mordekai en keninginne Ester skreauwen it harren ek doe foar, lykas se it neffens har sûn ferstân fêststeld hienen. 32 De útspraak fan Ester stelde dy Pûrimsaken fêst en it waard beskreaun yn in boek.