Underfining mei it genot
1Ik tocht by mysels:
No dan, besykje it mei de wille
en genietsje fan it goede.
Mar sjoch, dat wie ek neat.
2Fan it laitsjen moast ik sizze: Unsin!
en fan ’e wille: Wat makket it út?
3Ik haw besocht myn lichem te ferkwikken mei wyn,
mar dan sà, dat it ferstân baas bleau;
om de dwaasheid benei te kommen,
dat ik sjen koe wat goed foar de minske is
om by de ein te hawwen ûnder de sinne,
dat koarte skoft, dat er op ’e ierde is.
Underfining mei in drok libben
4Ik ûndernaam grutte dingen.
Ik boude my huzen en plante my wyngerds,
5ik lei tunen en parken oan,
plante der allerhanne fruchtbeammen yn,
6ik groef my wetterfivers
om in bosk jonge beammen mei te befloeien.
7Ik kocht slaven en slavinnen
en ik hie al guon dy’t yn myn hûs berne wienen.
Ik hie grutte keppels kij en skiep,
mear as allegearre dy’t foar my te Jeruzalem west hienen.
8Ik brocht ek sulver en goud byinoar,
skatten fan keningen en provinsjes;
ik túgde sjongers en sjongsters oan,
en it geniet foar manlju: de romte fan froulju.
9Sa waard ik grutter en riker as elk
dy’t foar my te Jeruzalem west hie.
Undertusken bleau myn wysheid my by.
10Ik wegere myn eagen neat dat se fregen,
gjin inkele freugde ûntkearde ik myn hert.
Myn hert hie dan ek wille fan al myn skreppen
en dat wie de winst fan al myn gewrot.
11Mar doe’t ik my kearde nei alle wurken
dy’t myn hannen bewrot hienen,
en al dat skreppen en skuorren dat ik dien hie,
sjoch it wie allegear neat
en jacht meitsjen op ’e wyn
en neat is der te winnen ûnder de sinne.
12Ik rekke oan it fergelykjen: de wysheid
mei de dwaasheid en it ûnferstân.
Want hoe sil de troanopfolger stean
tsjinoer al wat de kening al dien hat?
13Ik ûntdiek wol,
dat wysheid likefolle foar hat boppe dwaasheid
as it ljocht boppe de tsjusternis.
14De wize man hat eagen yn ’e holle
en de dwaas rint yn it tsjuster om.
Mar ik murk ek,
dat itselde lot har allegearre treft.
15Dêrom tocht ik by mysels:
Wat de dwaas oerkomt, dat komt my ek oer.
Wêrfoar haw ik dan sa oermjitte wiis west?
Ik sei by mysels: Dat is ek neat.
16Want de wize wurdt likemin oan tocht as oan de dwaas,
om’t yn ’e kommende dagen alles wer fergetten is.
En och, de wize stjert likegoed as de dwaas.
17Dêrom krige ik in tsjinsin yn it libben:
Al wat ûnder de sinne dien wurdt
like my ferkeard ta,
omdat it allegear neat is
en jacht meitsjen op ’e wyn.
18Ik krige in tsjinsin yn al myn skreppen
en skuorren ûnder de sinne.
Ik moast dochs alles oan myn opfolger neilitte.
19Wa wit oft er wiis wêze sil of dwaas?
Dochs sil er it te sizzen hawwe oer alles,
dat ik mei muoite en wysheid beskrept haw ûnder de sinne.
Dat is ek neat.
20Sa kaam iksels derta om te fertwiveljen
fanwegen al myn skreppen en skuorren ûnder de sinne.
21Want wat immen beskrept mei wysheid, ferstân en bekwamens,
moat er neilitte oan ien dy’t der neat foar dien hat.
Dat is ek neat en hielendal mis.
22Wat hat in minske sa oan al syn geskrep
en it stribjen fan syn hert,
dat er allegearre beskrept hat ûnder de sinne,
23as al syn libbensdagen leed en fertriet him pleagje
en syn hert sels nachts gjin rêst fynt?
Dat is ek neat.
24Der is gjin better foar in minske as ite en drinke
en sels genietsje fan wat er beskrept.
Ik haw ynsjoen, dat dat út Gods hân komt.
25Want wa kin ite en genietsje sûnder Him?
26Wa’t Him oanstiet, dy jout Er wysheid, ferstân en freugde;
mar dy’t Him tsjinstiet, dy lit Er moedsum garje en byinoarbringe,
om it dan te jaan oan de man dy’t Him oanstiet.
Dat is ek neat,
it is jacht meitsjen op ’e wyn.