Jozua, Mozes syn opfolger
Doe’t Mozes oan ’e ein kommen wie fan syn rede, dy’t er ta hiele Israel sprutsen hie, sei er tsjin har: Ik bin no al hûnderttweintich jier en it fluchste is der by my ôf. De Heare hat tsjin my sein: Do meist net oer dizze Jordaan gean. De Heare dyn God, dy sil foar dy útgean by it oerstekken. Hy sil dy folken foar dyn eagen útdylgje en har út har besit ferjeie. Jozua, dy sil foar dy útgean by it oerstekken lykas de Heare sein hat. De Heare sil mei har dwaan, wat hy dien hat mei Sichon en Og, de keningen fan ’e Amoriten en mei har lân: Hy hat har ferdylge. As de Heare har dan oan jim oerlevere hat, dan moatte jimme mei har dwaan neffens it hiele gebod sa’t ik jimme dat opdroegen ha. Wês sterk en moedich, tink jimme net benaud en wês net bang foar har. De Heare dyn God sil sels mei dy gean, Hy lit dy net allinne en giet noait by dy wei.
Doe rôp Mozes Jozua en sei yn it bywêzen fan hiele Israel tsjin him: Wês sterk en moedich, want dò silst mei dit folk komme yn it lân dêr’t de Heare har foarfaars fan sward hat, dat Er it harren jaan soe en dò silst it har ervje litte. De Heare sels sil foar dy útgean. Hy sil mei dy wêze. Hy lit dy net allinne en giet noait by dy wei. Wês net benaud en lit dy net ferbjusterje.
It foarlêzen fan ’e wet
Doe skreau Mozes dy wet op en joech dy oan ’e Levityske prysters, dy’t de arke fan it ferbûn fan de Heare droegen en oan alle âldsten fan Israel. Dêrop droech Mozes har op: Nei ferrin fan sân jier, yn it jier dat fêststeld is as it skinkingsjier, op it huttefeest, as hiele Israel komt om foar de Heare dyn God te ferskinen op it plak dat Hy útkieze sil, dan moatsto dizze wet yn it bywêzen fan hiele Israel foarlêze. Rop it folk byinoar, manlju, froulju, bern en de frjemdlingen dy’t by dy tahâlde, dat hja it hearre en leare ûntsach te hawwen foar de Heare jimme God en alles dat yn dizze wet stiet te bewarjen en nei te kommen. Ek har bern, dy’t it noch net begripe, moatte it hearre en leare ûntsach te hawwen foar de Heare jimme God salang’t jimme libje yn it lân, dêr’t jimme no hinne geane, de Jordaan oer, om it yn besit te nimmen.
Ynlieding op it liet fan Mozes
Doe sei de Heare tsjin Mozes: Sjoch, de dei fan dyn dea komt neieroan; rop Jozua, en gean dan stean yn ’e tinte fan ’e moeting, dan sil Ik him bestel jaan. Doe gong Mozes hinne mei Jozua en hja gongen stean yn ’e tinte fan ’e moeting. Doe ferskynde de Heare yn ’e tinte yn in wolkkolom en de wolkkolom bleau stean boppe de yngong fan ’e tinte. De Heare sei dêrop tsjin Mozes: Sjoch, do komst te rêsten by dyn foarfaars. Dit folk lykwols sil hinnegean en huorkje achter de frjemde goaden oan fan it lân dêr’t it strak yn komt. It sil My ferlitte en myn ferbûn brekke, dat Ik mei har oangien bin. Dy deis sil myn lilkens tsjin har losbrâne, Ik sil har ferlitte en My fan har ôfkeare. Hja sille in maklike bút wurde en gâns rampen en tsjinslaggen sille har treffe. Dy deis sille hja sizze: Komme ús dizze rampen net oer, omdat God net yn ús fermidden is? Ik lykwols, Ik sil My dy deis alhiel fan har ôfkeare, fanwegen al it kwea dat hja dien hawwe, mei’t se har ta oare goaden keard hawwe. Skriuw jimme dit liet dan op en lear it de Israeliten, lis it har yn ’e mûle, dat dit liet tsjinje mei as in bewiis tsjin de Israeliten. As Ik har brocht haw nei de grûn, dy’t Ik har foarfaars mei in eed tasein haw, in lân dat oerrint fan molke en hunich en se hawwe har sêd iten en binne fet wurden, dan sille se har nei oare goaden keare en dy tsjinje. My sille se dan ferachtsje en myn ferbûn brekke. En as dan gâns rampen en tsjinslaggen har treffe, dan sil dit liet har lyk yn it gesicht beskuldigje, mei’t it fuortlibje sil by har neigeslacht, want Ik wit wat yn har omgean sil, al ear’t Ik har brocht haw yn it lân dat Ik mei in eed tasein haw.
Dy deis skreau Mozes dit liet op en hy learde it de Israeliten. De Heare joech Jozua, de soan fan Nûn, bestel en sei: Wês sterk en moedich want dò silst de Israeliten bringe yn it lân dat Ik har mei in eed tasein haw en Iksels sil mei dy wêze.
Doe’t Mozes klear wie mei de wurden fan dizze wet allegearre yn in boek te skriuwen, droech er de Leviten, dy’t de arke fan it ferbûn fan de Heare drage, op: Nim it boek fan dizze wet en lis dat besiden de arke fan it ferbûn fan de Heare jimme God. It sil dêr wêze as in bewiis tsjin dy, want ik ken dyn dwersens en stiifkoppigens. Sjoch, no al, wylst ik noch ûnder jimme libje, hawwe jimme it al tsjin de Heare yn ’e kant set. Wat sil it dan wurde nei myn dea? Rop alle âldsten fan jimme stammen en jimme amtslju by my, dan sil ik foar har eigen earen dizze wurden sprekke en de himel en de ierde as getugen tsjin har oproppe; want ik wit, dat jimme it nei myn dea foargoed bedjerre sille en dat jimme ôfwike sille fan ’e wei dy’t ik jimme hjitten haw. Dan sil yn ’e takomst it kwea jim yn ’e mjitte komme, omdat jimme dogge wat de Heare ferkeard achtet en Him útdaagje mei wat jim hannen meitsje.
Doe spriek Mozes, wylst de hiele gemeente fan Israel it hearde, de wurden fan dit liet oan ’e ein ta: