Deuteronomium 27
Wetstiennen en alter op ’e Ebal
1Doe droech Mozes mei de âldsten fan Israel it folk op: Hâld it hiele gebod dat ik jimme hjoed opdraach, yn eare. 2De deis dat jimme oer de Jordaan gien binne nei it lân dat de Heare dyn God dy jout, dan moatst grutte stiennen oereinsette en dy mei kalk bestrike. 3Do moatst dêr alle wurden fan dizze wet op skriuwe asto oerstutsen bist om yn it lân te kommen dat de Heare dyn God dy jout, in lân dat oerrint fan molke en hunich, lykas de Heare, de God fan dyn foarfaars, dy tasein hat.
4As jimme dan de Jordaan oerstutsen binne, dan moatte jimme dizze stiennen, dêr’t Ik jimme hjoed bestel oer jou, oereinsette op ’e berch Ebal en se mei kalk bestrike. 5Dan moatst dêr in alter bouwe foar de Heare dyn God, in alter fan stien dêrst gjin izeren ark foar brûke meist. 6Fan ûnbewurke stien moatst dat alter fan de Heare dyn God bouwe en do moatst dêr brânoffers foar de Heare dyn God op offerje. 7Ek moatst frede-offers slachtsje en dêr ite en do moatst bliid wêze by de Heare dyn God. 8Dan moatst tige dúdlik alle wurden fan dizze wet op dy stiennen skriuwe.
Oantrún om de wet te hâlden
9Doe sprieken Mozes en de Levityske prysters ta hiele Israel: Wês stil, Israel en harkje: Hjoed bisto it folk fan de Heare dyn God wurden. 10Harkje dêrom nei wat de Heare dyn God dy seit en kom syn geboaden en foarskriften nei, dy’t ik dy hjoed jou.
Flok op ’e Ebal
11Dy deis droech Mozes it folk op: 12As jimme de Jordaan oerstutsen binne, dan moatte dizze stammen stean gean op ’e berch Gerizim om it folk te segenjen: Simeon, Levy, Juda, Issaskar, Joazef en Benjamin. 13En dy op ’e Ebal foar de flok: Rûben, Gad, Azer, Sebûlon, Dan en Naftaly. 14Dan moatte de Leviten it wurd nimme en mei in útset lûd tsjin alle man fan Israel sizze:
15Ferflokt de man dy’t in houd of getten byld, in ôfgriis foar de Heare, wurk fan fakmanshannen, makket en dat temûk opstelt. En it hiele folk sil dan sizze: Amen. 16Ferflokt wa’t syn heit en mem ferachtet. En it hiele folk sil dan sizze: Amen. 17Ferflokt wa’t de grins fan syn neiste ferleit. En it hiele folk sil dan sizze: Amen. 18Ferflokt wa’t in bline op ’e doele bringt. En it hiele folk sil sizze: Amen. 19Ferflokt wa’t it rjocht fan frjemdling, wees en widdo ferdraait. En it hiele folk sil dan sizze: Amen. 20Ferflokt wa’t by syn heite frou leit, want hy hat syn heite tekken opslein. En it hiele folk sil dan sizze: Amen. 21Ferflokt wa’t by it iene of oare dier leit. En it hiele folk sil dan sizze: Amen. 22Ferflokt wa’t by syn suster, syn heite of syn memme dochter, leit. En it hiele folk sil dan sizze: Amen. 23Ferflokt wa’t by syn skoanmem leit. En it hiele folk sil dan sizze: Amen. 24Ferflokt wa’t syn neiste temûk deaslacht. En it hiele folk sil dan sizze: Amen. 25Ferflokt wa’t him omkeapje lit om ûnskuldich bloed te ferjitten. En it hiele folk sil dan sizze: Amen. 26Ferflokt wa’t de wurden fan dizze wet net heechhâldt en se net neikomt. En it hiele folk sil dan sizze: Amen.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap