Tsjin ôfgoaderij
1Alles wat ik jim gebied moatte jimme jim tige krekt oan hâlde. Do meist dêr neat oan tadwaan en dêr neat ôfdwaan.
2As der yn dyn fermidden in profeet opstiet of ien dy’t dreamen kriget, dy’t jimme in teken of in wûnder tasein hat 3en dat teken of wûnder dat er jimme tasein hat, komt nei en hy seit dan: Lit ús achter oare goaden oanrinne – dysto net kend hast – en dy tsjinje, 4harkje dan net nei dy profeet of nei him dy’t dreamen kriget, want dan hifket de Heare jimme God jim. Hy wol dan witte, oft jim de Heare jimme God leafhawwe mei hiel jim hert en hiel jim siel. 5Achter de Heare jim God moatte jimme oanrinne, foar Him ûntsach hawwe, syn geboaden ûnderhâlde, nei syn stimme harkje, Him tsjinje en Him oanhingje. 6Sa’n profeet lykwols of sa’n dreamer moat deade wurde, omdat hy oanstien hat op ôffal fan de Heare jimme God, dy’t jimme út Egypte, it lân fan ’e slavernij helle en loskocht hat; hy soe dy ôfbringe fan ’e wei dy’t de Heare dyn God dy hjitten hat te gean. Sa moatsto it kwea út dyn fermidden útroegje.
7As dyn broer, dyn memme soan, of dyn soan of dochter, of dyn leafste frou, of dyn freon dy’t dy like nei is as dysels, dy temûk oantrunet, en seit: lit ús ris hinnegean en tsjinje oare goaden – dêrsto gjin kunde oan hast, do, noch dyn foarfaars – 8út ’e goaden fan ’e folken om jimme hinne, tichte by dy of fierôf, wêrearne ek yn ’e wrâld, 9wês him dan net te wille en harkje net nei him. Do meist gjin meilijen mei him ha, noch him sparje of him de hân boppe de holle hâlde, 10mar do moatst him perfoarst deadzje. Dyn hân moat as earste tsjin him wêze om him te deadzjen en dêrnei de hân fan it hiele folk. 11Do moatst him stiennigje oant er it bestjert, omdat hy besocht hat dy fan de Heare dyn God ôf te heljen, dy’t dy út Egypte, it lân fan ’e slavernij, helle hat. 12Dan sil hiele Israel it hearre en wol sa bang wurde, dat tenei elk him derfoar wachtsje sil en doch wer sa’n skandestik yn dyn fermidden.
13Asto yn ien fan dyn stêden, dy’t de Heare dyn God dy jout om dêr te wenjen, sizzen hearst: 14Der binne te dines manlju opstien, dogeneaten, dy’t de bewenners fan har stêd ferliede mei de wurden: Lit ús der ta oergean en tsjinje oare goaden, dêrsto gjin kunde oan hast, 15dan moatsto it neigean en ûndersykje en it goed neifreegje. As it dan al wier is en it stiet fêst dat dy grouwel yn dyn fermidden dien is, 16dan moatsto de ynwenners fan dy stêd perfoarst mei it swurd deadzje. Do moatst dy stêd mei al wat dêryn is, ek it fee, mei it swurd banne. 17De hiele bút dêrfan moat dan midden op it stedsplein gearbrocht wurde en tagelyk mei de stêd sels yn ’e brân stutsen wurde as in folslein brânoffer foar de Heare dyn God en it moat dan foar altyd in púnfal bliuwe; it mei net wer opboud wurde. 18Fan wat ûnder de ban leit, mei hielendal neat yn dyn besit bliuwe. Dan sil de Heare weromkomme fan syn gleone grime en dy barmhertich wêze. Hy sil Him oer dy erbarmje en dy oanwinne litte lykas Er dyn foarfaars sward hat, 19omdatst harke hast nei wat de Heare dyn God sein hat en do hast al syn geboaden dy’t ik dy hjoed gebied ûnderhâlden, mei te dwaan wat de Heare dyn God rjocht achtet.