Gebed fan Daniël
1It wie yn it earste jier fan Daríus, de soan fan Ahasfearos. Hy, in Mediër fan komôf, waard oer it ryk fan ’e Chaldeeërs as kening set. 2Doe waard my, Daniël, út ’e Skriften dúdlik, hoefolle jierren it duorje soe, dat Jeruzalem der as in púnfal hinne lizze moast: santich jier. De Heare hie dat tsjin profeet Jeremia sein. 3Doe sloech ik de eagen omheech nei de Hear ta, de iennichste God. Sûnder te iten en yn sekkeguod en jiske begûn ik te bidden en te smeekjen. 4Ik bidde dan ta de Heare myn God en die belidenis fan ús skuld mei dizze wurden: Och Hear, Jo, dy’t sa’n grutte God binne en sa te freezjen, in God dy’t foar it ferbûn noed stiet en dy’t har dy’t Him leafhawwe en by syn geboaden bliuwe, tagedien is: 5Wy hawwe mis west mei ôf te wiken, wy hawwe ferkeard dien mei oerhearrich te wêzen. Wat Jo hieten en foarskreauwen, hawwe wy ús fan ôfkeard. 6Wy hawwe net nei jo tsjinstfeinten harke, nei de profeten, dy’t yn jo namme ús keningen, ús foarsten, ús foarfaars, en de hiele lânadel oansprutsen hawwe. 7Jo, o Hear, binne troch-ende-wertroch rjochtfeardich, mar wy moatte ús hjoed-de-dei och sa skamje, elkenien yn Juda, Jeruzalems ynwenners en hiele Israel, tichteby en om fierrens, dêr’t Jo har hinne ferstjitten hawwe. Dat wie om har ûntrou, dêr’t se har mei besûndige hawwe. 8Hear, wy moatte ús och sa skamje, ús keningen, ús foarsten en ús foarfaars, dy’t tsjin Jo sûndige hawwe. 9De Hear, ús God, hat altyd wer begrutsjen en ferjout oanienwei. Likegoed hawwe wy it tsjin Him yn ’e kant set. 10Wy hawwe net harke nei de stim fan de Heare ús God. Wy binne ús wei net gien mei syn wetten foar eagen. Dy hie Hy ús jûn troch syn tsjinstfeinten, de profeten. 11Hiele Israel is oer jo wet hinne waâde en is ôfwykt. Se woenen net nei jo stim harkje. Doe hawwe Jo de flok oer ús útstoart, dy’t yn ’e wet fan Mozes, de tsjinstfeint fan God, as mei in eed beklonken, beskreaun stiet. Wy hienen ommers tsjin Him sûndige! 12Ja, Hy stie foar syn wurden, dy’t Er oer ús sprutsen hie en oer ús rjochters, dy’t ús it paad wize moasten. Hy hat oer ús in grut lijen brocht. Der hat him ûnder de hiele himel noait earder soks foardien as hjir yn Jeruzalem. 13Sa’t it yn ’e wet fan Mozes beskreaun stiet fan al dit lijen, sa is it oer ús kommen. Wy hawwe de Heare, ús God, ek net mylder makke troch fan ús ferkearde streken werom te kommen, ússels op te skerpjen en jo wierheid acht te slaan. 14Doe is de Heare fanwegen kommen en hat it lijen oer ús brocht, want de Heare ús God is yn al it wurk dat Er docht, rjochtfeardich. En wy hienen net nei syn stim harke. 15Mar no, Hear ús God, dy’t mei in sterke hân jo folk út it lân Egypte helle hawwe en Josels dêr in namme mei makke – sa stiet it hjoed-de-dei – wy hawwe mis west en ferkeard dien. 16Hear, hâld Jo Jo no like rjochtfeardich, kear jo gleone grime fan jo stêd, Jeruzalem, jo hillige berch, ôf. It is sa fier kommen, dat ús buorlju troch ús sûnden en de misdieden fan ús foarfaars de gek hawwe mei Jeruzalem en mei jo folk. 17Harkje no dan, o ús God, nei it gebed fan jo tsjinstfeint en nei syn smeekjen. Lit jo antlit oer jo hillichdom ljochtsje! Dat it yn pún leit, giet dochs net bûten Him om, dy’t Hear hjit. 18Jou, myn God, jo ear dernei en harkje. Doch jo eagen iepen en sjoch nei ús púnfallen en de stêd dy’t jo namme draacht. Nee, it is net om’t wy rjochtfeardich binne, dat wy ús needgjalpen foar Jo útstoarte, mar om jo begrutsjen, dat sa tige is. 19Hear, harkje dochs! Hear, ferjou dochs! Hear, slach ús dochs acht en kom fanwegen, hâld Jo dochs net tebek! En dat om Josels, myn God, want jo stêd en jo folk drage jo namme.
De iepenbiering dy’t Daniël kriget
20Sa spriek ik yn myn gebed en die belidenis fan myn sûnde en dy fan myn folk Israel. Ik stoarte myn smeekjen út foar de Heare, myn God, fanwegen syn hillige berch. 21Ik wie dus noch oan it bidden – en dêr wie dy man Gabriël, dy’t ik yn it fizioen by ’t begjin sjoen hie. Mei fûle feart kaam er op my tafleanen. It wie sa likernôch de tiid fan it jûnsoffer. 22Hy joech my klearrichheid en spriek mei my. Hy sei: No dan, Daniël, ik bin der op útgien om dyn ferstân op te skerpjen foar in klear begryp. 23Doesto begûnst te bidden, waard der al in wurd utere en ik bin kommen om it dy te fertellen. Do stiest nammentlik heech yn ’e geunst! Dêrom slach it wurd acht, datst ynsjoch krigest yn watst foar dy sjochst.
24Santich sântallen binne der fêstset foar dyn folk en foar de hillige stêd.
Dat is om de ôffalligens tsjin te kearen,
de sûnden ûnder in segel ôf te sluten,
de ûngerjochtichheid wer goed te meitsjen
en in ivichduorjende gerjochtichheid te bringen.
Sa wurdt in profetysk fizioen befêstige
en in heechhillich hillichdom mei salve ynwijd.
25Wit dan en haw it klear foar ’t ferstân:
Fan it stuit ôf dat der in wurd utere waard
om Jeruzalem wer op te bouwen oant de komst fan ien dy’t salve is,
in foarst,
dat nimt sân sântallen.
Yn twaënsechstich sântallen sil it wer boud wêze,
pleinen en grêften dêrby,
al binne de omstannichheden noch sa benearjend.
26En nei dy twaënsechstich sântallen sil der ien dy’t salve is, ferdylge wurde
en neat lit er achter.
Kriichsfolk fan in foarst dy’t komt,
sil ek de stêd en it hillichdom mei de grûn lykmeitsje.
Mar syn ein sil wêze yn in stoarmfloed
en oan ’e ein ta sil der striid wêze
en, sa is besletten, gâns ferwoesting.
27In ferbûn mei in grutte mannichte sil, ien wike lang, hiel wat útwurkje.
Healwei dy wike komt der in ein oan brânoffer en moaloffer,
want in fernieler komt yn fleanende faasje mei gâns grouwélichheden;
yn syn flecht lit er neat hiel.
Alles wat fêststeld is, sil him útstoarte oer ien dy’t him deroer besauwe sil.