Wat Saulus op reis nei Damaskus belibbe
1Underwilens tjirge Saulus him noch hieltyd en bedrige de learlingen fan ’e Hear mei de dea. Sa gong er nei de hegepryster, 2en frege him om brieven foar de synagogen yn Damaskus, dat er minsken fan ’e nije rjochting, as er dy dêr fine mocht, yn ’e boeiens slaan en nei Jeruzalem bringe koe, likefolle oft it manlju of froulju wienen. 3Doe’t er ûnderweis wie en al moai tichteby Damaskus kaam, omstriele him ynienen in ljocht út ’e himel. 4Hy foel oer de grûn en hearde in stim dy’t tsjin him sei: Saul, Saul, wêrom ferfolgesto My? 5Hy sei: Hear, wa binne Jo? De stim antwurde: Ik bin Jezus, dysto ferfolgeste; 6mar kom no oerein en gean de stêd yn, dêr sil dy sein wurde watst dwaan moatst. 7De manlju dy’t him op syn reis beselskippen, stienen stomferheard, want se hearden de stim wol, mar seagen net ien. 8Saulus kaam oerein fan ’e grûn, mar al hied er de eagen iepen, hy koe noch neat sjen. Dat se krigen him by de hân en brochten him yn Damaskus. 9En trije dagen lang koed er neat sjen en hy iet of dronk net.
Saulus wurdt doopt
10No wenne der yn Damaskus in kristen dy’t Ananias hiet. De Hear sei yn in fizioen tsjin him: Ananias! En hy antwurde: Hjir bin ik, Hear. 11De Hear sei tsjin him: Kom, gean nei de Rjochte Strjitte en freegje by Judas yn ’e hûs nei in man út Tarsus, dy’t Saulus hjit; hy is oan it bidden, 12en hat (yn in fizioen) in man by him ynkommen sjoen, dy’t Ananias hjit en dy’t him de hannen op ’e holle lei, dat er wer sjen koe. 13Mar Ananias lei der tsjin yn: Hear, ik haw de minsken gauris oer dy man heard, wat er jo hilligen yn Jeruzalem allegearre net oandien hat. 14En hjirre hat er ek folmacht fan ’e hegeprysters om elk dy’t jo namme oanropt, yn ’e boeiens te slaan. 15Doe sei de Hear tsjin him: Gean, want dy man is foar My in útsocht stik ark om myn namme by heidens en keningen bekend te meitsjen en ek by de Israeliten; 16want Ik sil him sjen litte, wat er allegearre om My trochstean moat. 17Doe gong Ananias nei dat hûs; hy stapte deryn en lei Saulus de hannen op ’e holle mei de wurden: Saul, broer, de Heare hat my stjoerd, Jezus dy’t jo ûnderweis hjirhinne ferskynd is; want Hy wol dat jo wer sjen kinne en fol wurde mei de hillige Geast. 18Op slach wie it as foelen him skobben fan ’e eagen ôf en hy koe wer sjen. Hy kaam oerein en liet him dope; 19en doe’t er wat iten hie, kaam er wer op syn ferhaal.
Saulus preket yn Damaskus, mar hy moat de wyk nimme
Hy bleau in deimannich by de kristenen yn Damaskus, 20en fuortynienen ferkundige er Jezus yn ’e synagogen; hy sei: Dat is de Soan fan God. 21Dy’t it hearden, harken der allegearre nij fan op en seinen: Is dat deselde net, dy’t yn Jeruzalem de minsken útroege hat, dy’t dy namme oanrôpen? En wied er hjir net kommen mei it doel om harren yn ’e boeiens te slaan en nei de hegeprysters te bringen? 22Mar Saulus waard wat langer wat wisser, en hy brocht de Joaden dy’t yn Damaskus wennen fan ’e wize, mei’t er bewizen bybrocht dat Jezus de Messias is.
23Der wie alwer in moai skoftsje tiid oer ferrûn, doe waarden de Joaden it mei-inoar iens om him fan kant te meitsjen, 24mar har opset waard oan Saulus trochdien. Ja, se lieten dei en nacht de wacht hâlde by de poarten om him mar fermoardzje te kinnen; 25mar de learlingen gongen hinne en lieten him op in nacht yn in koer troch in rút yn de stedsmuorre sakje.
Saulus yn Jeruzalem
26Doe’t er yn Jeruzalem kommen wie, besocht er him by de kristenen oan te sluten; mar dy hienen it gjinien fan allegearre op him stean, want se woenen net leauwe dat er kristen wie. 27Mar Barnabas naam it foar him op; dy brocht him by de apostels en ferhelle hoe’t Saulus ûnderweis de Hear sjoen hie en dat dy tsjin him sprutsen hie, en hoe’t er yn Damaskus frijmoedich it wurd fierd hie yn ’e namme fan Jezus. 28Tenei gong er yn Jeruzalem mei harren op en út en hy spriek frijmoedich yn ’e namme fan de Hear. 29Hy prate mei de Gryksktaligen en gong mei harren yn debat; mar dy leinen it derop oan om him fan kant te meitsjen. 30Doe’t de bruorren dat yn ’e rekken krigen, brochten se him nei Cesaréa en lieten him dêrwei ôfreizgje nei Tarsus.
De algemiene tastân fan ’e tsjerke
31Sa hie dan de tsjerke oer hiele Judéa, Galiléa en Samaria rêst. Se krige aloan mear hâldfêst en libbe yn ûntsach foar de Heare. Fersterke troch de hillige Geast, wreide se har út.
Enéas wurdt better makke
32Petrus reizge alles ôf en kaam sa ek in kear by de gemeenteleden dy’t yn Lydda wennen. 33Dêr trof er in man oan dy’t Enéas hiet; dy lei al acht jier op bêd mei in ferlamming. 34Doe sei Petrus tsjin him: Enéas, Jezus Kristus makket dy better; kom derôf en meitsje sels dyn bêd op. En fuortdaliks kaam er der ôf. 35Alle ynwenners fan Lydda en fan ’e Saronflakte seagen him en bekearden har ta de Hear.
Tabíta wurdt ta it libben weromroppen
36Der wenne yn Joppe in kristenfrou dy’t Tabíta hiet, dat kin men oersette mei Dorkas – Gazelle –; dy die gâns goed en joech gauris jild oan ’e earmen. 37Krekt yn dy tiid waard se siik en stoar; se wosken har en leinen har yn in keamer boppe. 38No leit Lydda tichte by Joppe, dat de gemeenteleden hearden der fan, dat Petrus dêr wie; sadwaande stjoerden se twa man nei him ta mei it fersyk: Kom dochs fuortdaliks by ús. 39En Petrus gong daliks mei harren; doe’t er der wie, brochten se him nei de keamer boppe. Alle widdowen stienen om him hinne te skriemen en lieten de himden en rokken sjen, dy’t se oanhienen en dy’t Dorkas by har libben allegearre makke hie. 40Petrus stjoerde se der allegearre út; hy gong op ’e knibbels en die in gebed; doe rjochte er him ta de deade mei de wurden: Tabíta, kom oerein! En se die de eagen iepen en doe’t se Petrus seach, gong se oerein sitten. 41Hy joech har in hân en holp har oerein; en hy rôp de gemeenteleden en de widdowen en brocht Tabíta by harren, libben en wol. 42Dat feit waard bekend yn hiele Joppe, en frijwat minsken leauden doe yn ’e Hear. 43Hy bleau noch dagen lang yn Joppe by in Simon, dy’t leartouwer wie.