Petrus en Johannes meitsje in lamme man better
1Petrus en Johannes gongen middeis om trije oere, as it tiid fan bidden is, nei de timpel. 2Dêr waard altyd in man hinne droegen, dy’t al fan lyts bern ôf lam west hie; dy leinen se alle dagen del by de timpelyngong, dy’t de Sierlike hjit, om de lju dy’t nei de timpel gongen, om jild te freegjen. 3Doe’t dy seach dat Petrus en Johannes ta de timpel yn soenen, frege er oft er wat jild fan harren hawwe mocht. 4Mar Petrus seach him strak oan – en Johannes ek – en hy sei: Sjoch ús ris oan. 5Doe seach er nei harren op, want hy ferwachte dat er wat fan harren krije soe. 6Mar Petrus sei tsjin him: Goud en sulver haw ik net, mar wat ik àl haw, dat jou ik jo: yn ’e namme fan Jezus Kristus de Nazoreeër, rin mar! 7Doe krige er him by de rjochterhân en holp him oerein: en fuortynienen krige de man macht yn syn fuotten en syn ankels. 8Hy sprong rjochtoerein, en dêr rûn er hinne; doe gong er mei har de timpel yn, en hy rûn mar en dûnse en love God. 9Alle minsken seagen him dêr omstappen en God loovjen. 10Se hienen wol foar ’t ferstân, dat it deselde man wie, dy’t altyd by de Sierlike Poarte fan ’e timpel siet te biddeljen, en se wienen ien en al ferbazing en ferwûndering oer wat dy man oerkommen wie.
Petrus sprekt it folk yn ’e timpel ta
11De man bleau deun by Petrus en Johannes en it folk klofte ferheard om harren gear yn wat de pyldergong fan Salomo neamd wurdt. 12Doe’t Petrus dat seach stie er it folk sa te wurd: Mannen fan Israel, wêrom fernuverje jimme jim hjiroer en wêrom stoarje jimme ús sa oan, lykas hienen wy troch eigen macht of frommens bewurke dat dizze man wer gean kin? 13De God fan Abraham, Izaäk en Jakob, de God fan jimme foarâlden, hat syn tsjinstfeint Jezus ferhearlike. Jimme hawwe dy Jezus útlevere en ferleagene foar Pilatus, doe’t dy al besletten hie om Him frij te litten; 14jimme hawwe de Hillige, de Rjochtfeardige, fersmiten en jimme hawwe graasje frege foar in man dy’t in moardner wie. 15De Libbensfoarst hawwe jimme deadzje litten, mar God hat Him opwekke út ’e dea, en dêr binne wy getugen fan. 16Omdat dizze man, dy’t jimme sjogge en dy’t jimme bekend is, yn Jezus leaude, hat Dy him sterk makke; en it leauwen dat der troch Jezus kommen is, hat it him dien dat dizze man alhiel sûn wurden is yn it bywêzen fan jim allegearre.
17No dan, bruorren, ik wit dat jimme sa dien hawwe omdat jimme net better wisten, krektlyk as jimme foarmannen; 18mar sa hat God neikomme litten wat Er troch alle profeten te foaren oankundigje litten hie: dat syn Messias lije soe. 19Haw dêrom berou en bekear jimme, dat jimme sûnden útfage wurde meie. 20Dan sil God tiden jaan, dat men op jins ferhaal komme kin en Hy sil Jezus stjoere, de Messias dy’t fan te foaren foar jimme ornearre wie, 21al moat de himel dy salang opnimme oan de tiden ta dat alles wer yn ’t lyk brocht wurde sil; dat boadskip hat God syn hillige profeten fan âlde tiden ôf yn ’e mûle jûn. 22Mozes hat al sein: ‘God de Heare sil út jimme fermidden in profeet opstean litte lykas ik ien bin; nei him moatte jimme harkje, yn alles wat er jimme sizze sil. 23Mar elk dy’t net nei dy profeet harkje wol, sil útroege wurde út it folk.’ 24Ja, alle profeten dy’t sprutsen hawwe, fan Samuël ôf en sa fierder, hawwe dy tiid ek oankundige. 25Jimme binne de soannen fan ’e profeten en fan it ferbûn, dat God mei jimme foarâlden oangien is, doe’t Er tsjin Abraham sei: Yn dyn neiteam sille alle geslachten fan ’e ierde segene wurde. 26Alderearst foar jimme hat God syn tsjinstfeint komme litten, en Him stjoerd om jimme dêryn te segenjen, dat jimme allegearre it ferkearde paad ferlitte.