2 Samuël 9
David en Mefibosjet
1David frege: Is der ek noch ien oer fan Sauls famylje? Dan soe ik him fanwege Jonatan in geunst dwaan wolle. 2No hie Sauls famylje in slaaf, dy’t Siba hiet. Dy lieten se by David komme. De kening sei tsjin him: Binne jo Siba? Hy sei: Ta jo tsjinst! 3De kening sei: Is der net ien mear oer fan Sauls famylje, dat ik him om Gods wil in geunst bewize kin? Siba antwurde de kening: Der is noch in soan fan Jonatan, dy’t wat oan beide fuotten hat. 4De kening sei tsjin him: Wêr is er? Siba sei tsjin ’e kening: Hy is te Lodebar, by Makir, de soan fan Ammiël yn ’e hûs.
5Doe liet kening David him út Lodebar helje, út it hûs fan Makir, de soan fan Ammiël. 6Doe’t Mefibosjet, de soan fan Sauls soan Jonatan, by David kaam, liet er him foaroer falle en die him hulde. David sei: Mefibosjet? Hy sei: Ta jo tsjinst! 7David sei tsjin him: Wês net bang, want ik sil jo om ’e wille fan jo heit Jonatan yn alle gefal geunst dwaan. Ik jou jo alle stikken lân werom fan jo heit Saul en josels sille tenei by my oan tafel ite. 8Dêrop bûgde er him en sei: Wat is jo tsjinstfeint, dat jo jo drok meitsje om in deade hûn lykas ik bin? 9Mar de kening rôp Siba, de feint fan Saul, en sei tsjin him: Alles wat fan Saul en syn hiele famylje west hat, haw ik oan jo heare soan jûn. 10Jo moatte foar him it lân bewurkje, sawol josels as jo soannen en jo slaven en de opbringst moatte jo opleverje, dat de soan fan jo hear te iten hat. Mar Mefibosjet, jo heare soan, sil tenei by my oan tafel ite. No hie Siba fyftjin soannen en tweintich slaven. 11En Siba sei tsjin ’e kening: Jo tsjinstfeint sil alles dwaan, wat mynhear de kening him opdroegen hat. En Mefibosjet iet altyd oan Davids tafel as ien fan ’e kening syn soannen. 12Mefibosjet hie in lytse soan, by namme Mika. Alle húsgenoaten fan Siba wienen tsjinstfeinten fan Mefibosjet. 13Mefibosjet lykwols wenne te Jeruzalem, want hy iet geregeldwei by de kening oan tafel. Hy rûn oer beide siden.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap