It oerbringen fan ’e arke mislearre. Oezza stoarn
1Op ’e nij rôp David alle striidbere mannen fan Israel op, 30.000 man. 2Doe briek David op en hy gong mei alle folk dat by him wie út Baäle Juda om Gods arke dêr wei op te heljen, dêr’t de Namme oer útroppen is, de Namme fan de Heare Almachtich, dy’t boppe de kearûbingels troanet. 3Se rieden Gods arke op in nije wein; sa brochten se dy út it hûs fan Abinadab, dat op in heuvel lei. Oezza en Achio, soannen fan Abinadab, stjoerden de wein 4mei Gods arke en Achio rûn foar de arke út. 5David dûnse mei al wat Israelyt wie út alle macht foar de eagen fan de Heare mei sang, by lieren, harpen, trommen, rinkelbommen en bekkens.
6Mar doe’t se by de terskflier fan Nakon kommen wienen, stiek Oezza de hân út nei Gods arke en pakte dy beet, want de oksen stroffelen. 7Doe waard de Heare tige lilk op Oezza en God sloech him dêr om syn ûnbetochtsumens dat hy stoar dêr by Gods arke. 8David waard grimmitich, omdat de Heare Oezza sa’n swiere slach tabrocht hie en hy neamde dat plak Peares-Oezza en sa hjit it no noch. 9Dy deis waard David bang foar de Heare en hy sei: Hoe moat de arke fan de Heare dan by my komme? 10En David woe de arke fan de Heare net nei de Davidsstêd bringe litte, mar hy liet dy fansiden ôfslaan nei it hûs fan Obed-Edom, de Gattyt.
11De arke bleau trije moannen lang yn it hûs fan Obed-Edom, de Gattyt en de Heare segene Obed-Edom en syn hiele húshâlding.
De arke nei Jeruzalem oerbrocht
12Doe’t se kening David fertelden, dat de Heare de húshâlding fan Obed-Edom en alles wat sines wie, segene hie fanwegen Gods arke, gong David hinne en brocht ûnder gejubel Gods arke oer út it hûs fan Obed-Edom nei de Davidsstêd. 13Doe’t de dragers fan ’e arke fan de Heare seis stappen dien hienen, offere er in bolle en in mest keal. 14David dûnse út alle macht foar de Heare út, wylst er in linnen efod om hie.
15Sa brocht David mei hiele Israel de arke fan de Heare op nei de Davidsstêd, ûnder jubel en it lûd fan rammehoarnen. 16Krekt doe’t de arke fan de Heare de Davidsstêd ynkaam, seach Mikal, de dochter fan Saul, ta it finster út en hja seach kening David springen en dûnsjen foar de Heare út en hja hie ynwindich de gek mei him.
17Doe’t se de arke fan de Heare ynbrocht en te plak set hienen yn ’e tinte dy’t David derfoar opset hie, offere David brânoffers en tankoffers. 18Nei’t David klear wie mei it bringen fan brânoffers en tankoffers, segene hy it folk mei de namme fan de Heare Almachtich. 19Dêrop dielde David oan alle folk, de hiele mannichte Israeliten, sawol manlju as froulju, elkmis in rûne bôle, in dadelkoeke en in druvekoeke út. Doe gong it folk allegearre wer nei hûs.
20Ek David gong werom, om syn húshâlding de segengroet te bringen. En Mikal, Sauls dochter, kaam ta de doar út, David yn ’e mjitte en sei: Wat hat de kening fan Israel himsels hjoed in eare oandien, dat er him útklaaid hat foar de eagen fan ’e slavinnen fan syn tsjinners, sa’t de earste de bêste swankebast him sûnder skamte útklaait. 21Mar David sei tsjin Mikal: Foar de eagen fan de Heare, dy’t my útkeazen hat boppe jim heit en syn hiele famylje en dy’t my oansteld hat as foarst oer it folk fan de Heare, oer Israel, ja, foar de eagen fan de Heare haw ik dûnse! 22En ik sil my noch helte mear fernederje as niis en lyts wêze yn eigen eagen. En mei de slavinnen, dêrsto it oer hiest, mei dy sil ik ta myn eare komme. 23Mikal, Sauls dochter, hat oan har dea ta gjin bern hân.