David treft Siba
1Doe’t David noch mar amper oer de top hinne wie, kaam ynienen Siba, de feint fan Mefibosjet him yn ’e mjitte, mei in span seale ezels, beladen mei 200 breaën, 100 rezinekoeken, 100 farske fruchten en in sek wyn. 2De kening sei tsjin him: Wat sille jo dêrmei? Siba sei: De ezels binne foar it keninklik hûs om op te riden, de breaën en de fruchten foar de feinten om te iten en de wyn om te drinken as der ien wurch wurdt yn ’e woestyn. 3De kening sei: Mar wêr is de soan fan dyn hear? Siba antwurde de kening: Dy is yn Jeruzalem bleaun, want hy seit: Hjoed sille de Israeliten my it keningskip fan myn heit wol weromjaan. 4Doe sei de kening tsjin Siba: Sjoch, dan is alles wat Mefibosjet sines wie, no fan jo. En Siba sei: Ik bûch my del. Dat jo my mar tagedien bliuwe meie, mynhear de kening.
Sjimy flokt David
5Doe’t kening David oan Bachûrim ta wie, kaam dêrwei in man oansetten, út it geslacht fan Saul syn famylje, by namme Sjimy, de soan fan Geara. Hy kaam flokkendewei oansetten, 6en smiet David en alle tsjinstfeinten fan kening David mei stiennen, wylst alle folk en ek alle helden rjochts en links fan ’e kening rûnen. 7Flokkendewei rôp Sjimy: Derút, derút, bloedferjitter, ûnminske! 8De Heare lit op dy delkomme alle bloed fan it hûs fan Saul, yn waans plak do kening wurden bist. En de Heare hat it keningskip yn hannen fan dyn soan Absalom jûn. No sitst sels yn it lijen, bloedferjitter datste biste! 9Abisjai, de soan fan Serûja, sei tsjin ’e kening: Wêrom moat dy deade hûn mynhear de kening ferflokke? Lit my dêrhinne gean, dan slach ik him de kop ôf. 10Mar de kening sei: Wat haw ik mei jimme te meitsjen, soannen fan Serûja? As hy flokt omdat de Heare him ynjûn hat: Flok David, wa sil dan tsjin him sizze: Wêrom dochst dat? 11En David sei tsjin Abisjai en tsjin al syn mannen: Sjochris, myn bloedeigen soan stiet my nei it libben, hoefolleste mear dan wol in Benjaminyt! Lit him mei rêst en lit him ferflokke, want de Heare hat it him ynjûn. 12Faaks wol de Heare myn ellinde oansjen en my lok weromjaan yn it plak fan syn flok fan hjoed. 13Sa gongen David en syn mannen de wei del. Mar Sjimy rûn op ’e berchskeante mei har op en oan ien tried wei flokte er, smiet fan siden mei stiennen en jage moude op. 14Sa kaam de kening wurch en ynein by de Jordaan oan. Dêr kaam er wer op ferhaal.
Chûsai komt by Absalom
15Undertusken wie Absalom mei alle folk, de mannen fan Israel, te Jeruzalem oankommen en Achitofel wie by him. 16Doe’t Chûsai, de Arkyt, de freon fan David, by Absalom kaam, sei Chûsai tsjin Absalom: De kening heil! De kening heil! 17Mar Absalom sei tsjin Chûsai: Is dat jo trou oan jo freon? Wêrom binne jo net mei jo freon gien? 18Chûsai sei tsjin Absalom: Nee, mar wa’t de Heare útkeazen hat en dit folk en alleman fan Israel, dêr wol ik by hearre en by him wol ik bliuwe. 19En boppedat: Oan wa bied ik myn tsjinsten oan? Is it net oan syn soan? Lykas ik by jim heit tsjinne haw, sa wol ik dat ek by jo.
Achitofels ried
20Absalom sei tsjin Achitofel: Lis jim ris mei-inoar oer wat ús te dwaan stiet. 21Achitofel sei tsjin Absalom: Sliep by de byfroulju fan jimme heit, dy’t er achterlitten hat te húswarjen. As dan hiele Israel heart, dat jo it foargoed ferbruid hawwe by jo heit, sil dat alleman dy’t it mei jo hâldt, moed jaan. 22Dat hja spanden in tinte foar Absalom op it dak en Absalom sliepte by de byfroulju fan syn heit foar de eagen fan hiele Israel. 23No hie yn dy dagen in rie dy’t Achitofel joech, likefolle wearde as hie men it God sels frege. Sa swier woech elke rie fan Achitofel, likegoed by David as by Absalom.