David kriget berjocht fan Sauls dea
1It wie nei Sauls dea, dat David weromkaam nei’t er de Amalekiten ferslein hie. Hy wie al wer twa dagen yn Siklach 2doe’t der de tredde deis ien út Sauls legerkamp oankaam. Hy hie de klean stikken skuord en modder op ’e holle. Doe’t er by David kommen wie, foel er oer de grûn en die him hulde.
3David frege him: Wêr komme jo wei? Hy antwurde him: Ik bin ûntkommen út it legerkamp fan Israel. 4David sei tsjin him: Wat is der foarfallen? Fertel it my dochs! Hy sei: It folk hat de striid oerjûn en is útnaaid. Der binne ek gâns fan har sneuvele. Ek Saul en syn soan Jonatan binne stoarn. 5David sei tsjin ’e jongfeint dy’t him dat fertelde: Hoe witte jo dat Saul en syn soan Jonatan dea binne? 6De jongfeint dy’t it him fertelde, sei: Tige tafallich wie ik op ’e berch Gilboä. En dêr seach ik Saul; hy line op syn spear, wylst de weinen en ruters op him oanhâlden. 7Hy kearde him om en seach my. Hy rôp my en ik sei: Hjir bin ik al! 8Doe sei er tsjin my: Wa bisto? Ik sei tsjin him: Ik bin in Amalekyt. 9Hy sei tsjin my: Gean oer my hinne stean en meitsje my fan kant. Want wol is de deadskramp oer my kommen, mar ik bin noch sa libben as wat. 10Dat doe gong ik oer him hinne stean en haw him fan kant makke, want ik seach wol dat er syn fal net oerlibje soe. Doe naam ik de diadeem, dy’t er op’e holle hie en de bân, dy’t er om ’e earm hie en dy haw ik hjir mei hinne nommen nei myn hear ta.
11Doe pakte David syn eigen klean beet en hy skuorde se stikken en sa dienen ek alle manlju dy’t by him wienen. 12En hja rouklagen, skriemden en fêsten oan ’e jûn ta oer Saul, oer syn soan Jonatan, oer it folk fan de Heare en oer it folk fan Israel, omdat hja fallen wienen troch it swurd.
13Doe sei David tsjin ’e jongfeint, dy’t it him ferteld hie: Wêr komsto wei? Hy sei: Ik bin de soan fan in frjemd, in Amalekyt. 14David sei tsjin him: Watte? Hasto it weage en slach de hannen oan ’e salvling fan de Heare en bring him om? 15Dêrop rôp David ien fan ’e jongfeinten en sei: Kom hjir, fal op him oan! Dy rekke him, dat er stoar. 16David hie tsjin him sein: De bloedskuld komt op dyn eigen holle del. Do hast dy ommers sels beskuldige, doest seiste: Ik haw de salvling fan ’e Heare deade.
Davids kleiliet oer Saul en Jonatan
17Doe song David in kleiliet oer Saul en syn soan Jonatan. 18– De Judeeërs moatte dit kleiliet leare. It stiet optekene yn it Boek fan ’e Oprjochte. – Hy song:
19O Sieraad fan Israel, op eigen heuvels deastutsen!
Hoe binne se fallen as helden!
20Fertel it net te Gat,
rop it net om op ’e strjitten fan Asjkalon,
dat de dochters fan ’e Filistinen har net bliid meitsje,
de dochters fan ’e ûnbesnienen net jubelje!
21Bergen fan Gilboä, mei der gjin dauwe, gjin rein
mear op jimme en op jim hege fjilden falle.
Want it skyld fan ’e helden, is dêr besmodze,
it skyld fan Saul, de wapenrissing fan him dy’t mei oalje salve wie.
22De bôge fan Jonatan – noait gong er op hûs oan
sûnder it bloed fan fersleinen, it fet fan helden;
it swurd fan Saul – noait kearde it doelleas werom.
23Saul en Jonatan, dy beminden, dy leafliken!
By har libben en yn har dea net byinoar wei!
Flugger as earnen wienen se, sterker as liuwen!
24Dochters fan Israel, skriem dochs om Saul,
dy’t jim klaaide yn poarper en feestklean,
dy’t jim de klean mei gouden pronk behong.
25Hoe binne se as helden fallen yn ’e striid!
Jonatan is op dyn hichten trochboarre.
26It is my sa muoilik om dy, myn broer Jonatan!
Ik hie dy och sa leaf.
Wûnderliker wie my dyn leafde as de leafde fan froulju.
27Hoe binne se fallen as helden
en is it wapenreau fergien!