De dei fan ’e Hear komt
1Freonen, dit is no al de twadde brief, dy’t ik jimme skriuw; yn dy brieven moanje ik jimme, om dêrmei it suvere ynsjoch wekker te hâlden. 2Tink om ’e wurden, dy’t de hillige profeten eartiids sprutsen hawwe, en it gebod fan ús Hear en Ferlosser, dat de apostels jimme trochdien hawwe. 3Dit foaral moatte jimme witte, dat der yn ’e lêste dagen spotters mei hunende wurden komme sille, dy’t nei har eigen begearten libje 4en sizze: Hoe sit it no mei de belofte dat Hy komme soe? Sûnt de foarâlden rêst binne, bliuwt alles mar by’t âlde, lykas it fan it begjin fan ’e skepping ôf west hat. 5As se dêr op út wolle, ferjitte se ommers dat der yn âlde tiden ek al in himel wie en in ierde, út wetter en troch wetter foarme troch it wurd fan God, 6en dat dy wrâld fan doe troch deselde oarsaken fergien is, mei’t er ûnder wetter set waard. 7De himel en ierde fan no binne troch itselde wurd bewarre om ferbrând te wurden de deis fan it oardiel en fan ’e ûndergong fan ’e goddeleazen. 8Mar ien ding moatte jimme net ferjitte, freonen: dat ien dei by de Hear is as tûzen jier en tûzen jier as ien dei. 9De Hear skoot it neikommen fan syn belofte net op ’e lange baan, lykas guon tinke, nee Hy hat geduld mei jimme, omdat Er net wol dat der guon ferlern geane, mar dat allegearre ta ynkear komme.
10De dei fan ’e Hear sil komme as in dief. Dan sil de himel al bolderjende fergean. De eleminten sille ferbrâne en útinoar falle, en de ierde en wat op ’e ierde ta stân brocht is, sil Hy wol fine. 11As dat allegearre sa útinoar falt, hoe hillich en from moat jimme libben dan net wêze, 12omdat jimme de komst fan ’e dei fan ’e Hear mei ûngeduld ferwachtsje, de dei dat de himel ferbrâne en útinoar falle sil en de eleminten yn it fjoer terane sille. 13In nije himel en in nije ierde ferwachtsje wy neffens syn belofte en dêr sil gerjochtichheid har thús yn ha.
14Sadwaande, freonen, omdat jimme dat ferwachtsje, moatte jimme alle war dwaan om as minsken sûnder lek of brek yn frede foar Him te ferskinen. 15Sjoch it geduld fan ús Hear as in kâns ta behâld, sa’t ek ús beminde broer Paulus jimme al skreaun hat neffens de wysheid dy’t him jûn is, 16lykas yn alle brieven, dêr’t er it oer soks hat. Dêr steane wol dingen yn dy’t min te begripen binne. Dat ferdraaie de ûnbelearde en wiffe lju, sa’t se dat ek dogge mei de oare skriften, mar it wurdt har eigen ûndergong.
Beslút
17No’t jimme dat dan fan te foaren witte, freonen, wês op jim iepenst, dat jimme jim net meislepe litte troch de dwaling fan dy smjunten en jimme eigen hâldfêst net kwytreitsje. 18Win oan yn ’e genede en de kennis fan ús Hear en Ferlosser Jezus Kristus. Him komt de eare ta, no en yn alle ivichheid.